Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Rob Ford (folút: Robert Bruce Ford; Etobicoke (Ontario), 28 maaie 1969 - Toronto, 22 maart 2016) wie in Kanadeesk politikus en sakeman. Fan 2010 oant 2014 wied er de 64ste boargemaster fan 'e metropoal Toronto. Begjin 2014 kaam er ferskate kearen oer de hiele wrâld yn it nijs trochdat er tajoech crack smookt te hawwen mar wegere om ôf te treden, en trochdat mei mobile tillefoanen opnommen filmkes yn 'e media ferskynden wêryn't er him ûnder ynfloed fan alkohol oerjoech oan skellen, flokken en mâltjirgjen.
Rob Ford | ||
politikus | ||
echte namme | Robert Bruce Ford | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
bertedatum | 28 maaie 1969 | |
berteplak | Etobicoke (Ontario) | |
stjerdatum | 22 maart 2016 | |
stjerplak | Toronto (Ontario) | |
etnisiteit | Iersk | |
partij | ûnôfhinklik | |
Gemeenteriedslid fan Toronto | ||
amtsperioade | 2014 – 2016 | |
Boargemaster fan Toronto | ||
amtsperioade | 2010 – 2014 | |
foargonger | David Miller | |
opfolger | John Tory | |
Gemeenteriedslid fan Toronto | ||
amtsperioade | 2000 – 2010 |
Ford wie hikke en tein is yn Etobicoke, in foarstêd fan 'e metropoal Toronto, dy't dêr yn 1998 troch anneksearre waard. Hy wie de jongste fan fjouwer bern fan Douglas Bruce Ford sr., in politikus en sakeman, en dy syn frou Ruth Diane Campbell. Nei de middelbere skoalle studearre er politikology oan 'e Carleton Universiteit yn Ottawa. Yn 2000 troude er mei Renata Brejniak, dêr't er mei op 'e middelbere skoalle sitten hie. Se krigen twa bern, Stephanie en Doug, en wennen yn Etobicoke. Yn 2008, 2011, 2012 en 2013 moast de plysje fjouwer kear by harren thús delkomme nei in melding fan húslik geweld, mar formele klachten waarden nea tsjin Ford yntsjinne.
Nei in koarte karriêre yn it sakelibben waard Ford yn 2000 yn 'e gemeenterie fan Toronto keazen foar it kiesdistrikt Etobicoke North. Hy waard twaris werkeazen en behold syn sit oant 2010, doe't er meidie oan 'e boargemastersferkiezings, dy't er wûn mei ûnthjitten dat er gemeentlike útjeften en belestingen beide omleech bringe soe. Under syn boargemasterskip rekke Ford behelle yn in ferskaat oan persoanlike en wurk-relatearre skandalen en teffens yn inkele rjochtsaken, wêrûnder ien oer bewearde belangeferstringeling dy't hàst resultearre yn syn ôfsetting.
Hy krige lykwols pas ynternasjonale bekendheid troch in skandaal oer syn drugsgebrûk. Hy soe crack smookt hawwe, wat er earst ûntstried, mar doe't yn it ramt fan in plysje-ûndersyk nei drugsbindes yn Toronto in fideo fan him oan it ljocht kaam dêr't syn hâlden en dragen op fêstlein wie, bekende er einlings alles. Dêrby gie it om iepenbiere dronkenskip, riden ûnder ynfloed en gebrûk fan yllegale drugs (crack). Likegoed wegere er en treed ôf. Krektoarsom, hy biet fan him ôf yn nije, opsjochjaande filmkes, wêryn't er skelde en flokte en him tjirge as in mâlenien.
Mei't de gemeenterie fan Toronto him op dizze grûnen wetlik sjoen net ôfsette koe, en hy it ferhipte om sels op te stappen, waard der besletten om foar de rest fan syn boargemasterstermyn in part fan it boargemasterlik foech oer te dragen oan loko-boargemaster Norm Kelly, yn 'e mande mei in diel fan it personeel fan it kantoar fan 'e boargemaster, dy't de loko-boargemaster nedich wie om syn útwreide ferantwurdlikheden út te fieren.
Nettsjinsteande it skandaal ûnthiet Ford dat er "trochgean [soe] mei it wurk dêr't er foar keazen wie." Ek sei er ta dat er by de folgjende boargemastersferkiezings, yn oktober 2014, wer meidwaan soe. Ein maaie 2014 kundige pornostjer Nikki Benz oan dat sy har dan ek ferkiesber stelle soe. Op 10 septimber waard Ford mei maachklachten yn it sikehûs opnommen, wêrnei't op 17 septimber bekendmakke waard dat der liposarkoom, in foarm fan kanker, by him fêststeld wie. Sadwaande loek Ford him werom út 'e striid om it boargemasterskip fan Toronto, mar syn broer Doug besocht foar him yn 't stee om boargemaster te wurden. Dat slagge net, want hoewol't Doug Ford de stipe fan 'e oanhingers fan syn broer krige, ferlear er de ferkiezings fan John Tory. Underwilens hie Rob Ford himsels kandidaat steld foar syn âlde sit foar Etobicoke North yn 'e gemeenterie fan Toronto, dy't er sûnder swierrichheden weromwûn.
Hoewol't Ford yn maaie 2015 úthold dat er mei fjouwer moannen wer hielendal better wêze soe, rekke er almar fierder yn 'e minnichte. Op 21 maart 2016 befêstige syn kantoar dat er doe yn palliative soarch pleatst wie. Rob Ford ferstoar in dei letter, op 22 maart 2016, yn de âldens fan 46 jier, oan 'e gefolgen fan syn sykte.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.