Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Paulina Porizkova (echte namme: Pavlína Pořizková; Prostějov (Tsjechoslowakije), 9 april 1965) is in model, aktrise en skriuwster fan etnysk Boheemsk komôf. Hja waard foar de fal fan it Izerne Gerdyn berne yn Tsjechoslowakije, mar hat no in dûbele Sweedsk-Amerikaanske nasjonaliteit. Hja sette har karriêre útein as model yn Jeropa en de Feriene Steaten, en stie yn 1984 as earste frou dy't berne wie yn it Eastblok op 'e omslach fan it foaroansteande Amerikaanske sportblêd Sports Illustrated. Fierders wûn se ek bekendheid mei har wurk as aktrise. Porizkova hat teffens in berneboek en in roman skreaun.
Paulina Porizkova | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pavlína Pořizková | |
nasjonaliteit | Sweedsk Amerikaansk | |
berne | 9 april 1965 | |
berteplak | Prostějov (Tsjechoslowakije) | |
etnisiteit | Boheemsk | |
jierren aktyf | 1980 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Porizkova (eins Pořizková, de froulike foarm fan Pořizek) waard yn 1965 berne yn Prostějov, yn wat doe noch Tsjechoslowakije wie. Doe't se noch mar pjut wie, ûntflechten har âlden it lân nei't in ynfal troch de Sovjet-Uny yn 1968 in ein makke oan 'e Praachske Maityd. De flecht waard te gefaarlik foar de lytse Porizkova ornearre, dy't dêrom efterbleau op 'e noed fan har beppe. Nei't har âlden polityk asyl krigen hiene yn Sweden, wegeren de Tsjechoslowaakske autoriteiten de jonge Porizkova earst útreizgje te litten, en de wrakseling fan har âlden om it gesin te werienjen waard breed útmetten yn 'e Sweedske media.
Porizkova har mem, dy't ûnderwilens op 'e nij swier wie, reizge op in stuit yllegaal nei Tsjechoslowakije ta mei as doel om har dochterke it lân út te smokkeljen. Dêrby waard se lykwols oppakt troch de Tsjechoslowaakske feilichheidstsjinsten en ûnder hûsarrest pleatst. Uteinlik late ynternasjonale druk op it Tsjechslowaakske regear, wêrby't de Sweedske premier Olof Palme in liedende rol ferfolle, ta de frijlitting en útreis fan Porizkova en har mem út it kommunistyske lân. Yn Sweden waard it gesin Pořizek weriene en krige de jonge Porizkova de Sweedske nasjonaliteit.
Koarte tiid letter, lykwols, ferliet Porizkova har heit syn frou en bern, en draaide it houlik fan har âlden út op in skieding. Har heit wegere om alimintaasje te beteljen foar Porizkova en har jongere broer, en moast dêr troch de Sweedske rjochter ta twongen wurde. Porizkova en har heit binne sadwaande sûnt har iere jonkheid faninoar ferfrjemde. Har mem wertroude neitiid teminsten twa kear.
Hoewol't Porizkova yn har iere tinerjierren bekendstie as "dat lilke fanke", ûntjoech se har ta in tige tsjeppe jonge frou. Yn 1980 makke in kammeraatske fan harres in fotoreportaazje fan har dy't se opstjoerde nei it modelleburo Elite Model Management yn 'e hope dat men dêr har feardichheden op it mêd fan fotografy opmerke soe. Ynstee foel it each fan John Casablancas, it haad fan it modelleburo, op Porizkova, dy't in ticket nei Parys oanbean krige. Dêr ûnwikkele Porizkova har ta ien fan 'e wichtichste en bêst betelle modellen fan 'e iere jierren tachtich.
Yn 1984 waard se ek yn 'e Feriene Steaten bekend, doe't se as earste frou dy't yn it Eastblok berne wie op 'e omslach fan 'e ferneamde baaikleanedysje fan 'e it sporttydskrift Sports Illustrated stie. Yn 1985 stie se nochris op 'e omslach fan 'e baaikleanedysje fan Sports Illustrated, en yn augustus 1987 pronke se (oanklaaid) op 'e omslach fan it neakenblêd Playboy om reklame te meitsjen foar har eigen (net-neakene) baaikleankalinder. Sawol har kalinder fan 1988 as dy fan 1989 waarden hûnderttûzenen eksimplaren fan ferkocht.
Porizkova stie fierders yn 'e 1980-er en 1990-er jierren op 'e omslaggen fan withoefolle tydskriften, wêrûnder de Amerikaanske, Australyske, Dútske en Frânske edysjes fan Vogue, Elle, Harper's Bazaar, Cosmopolitan en Glamour. Dêrnjonken wurke Porizkova mei oan reklamekampanjes foar û.m. Chanel, Versace, Christian Dior, Laura Biagiotti, Revlon en it frisdrankmerk Sprite. Yn 1988 tekene se as opfolchster fan har kollega Willow Bay in kontrakt mei Estée Lauder foar $6 miljoen. Har wurk foar dat bedriuw waard troch kritisy tige goed ûntfongen en feroare har reputaasje fan dy fan in baaikleanmodel yn dy fan in mannekên. Porizkova bleau oant 1995 by Estée Lauder, wêrnei't se in nij miljoenekontrakt ôfsleat mei Escada.
Porizkova makke har debút as aktrise yn 1983 yn Portfolio, in mockumentary oer it libben fan topmodellen. Neitiid spile se yn 1987 yn 'e film Anna, dy't goede kritiken krige, en yn 1989 wie se de tsjinspylster fan akteur Tom Selleck yn 'e komeedzje Her Alibi. Porizkova spile dêryn de rol fan in fan moard fertochte Roemeenske sirkusartyste, dy't in falsk aliby ferskaft wurdt troch it personaazje fan Selleck, in detektiveskriuwer dy't oanhelle rekke is mei writer's block, en dy't fia dizze echte moardsaak nije ynspiraasje besiket op te dwaan. Foar dizze rol krige Porizkova lykwols net folle wurdearring, en se waard sels nominearre foar in Golden Raspberry yn 'e kategory minste aktrise.
Yn 1993 spile Porizkova yn Arizona Dream, in film fan regisseur Emir Kusturica, as de tsjinspylster fan Johnny Depp en Jerry Lewis, as Lewis syn jonge Poalske ferloofde. Porizkova regisearre sels de film Roommates, út 2001, nei in eigenskreaun senario. Yn 2004 hie se in rol yn 'e romantyske komeedzje Knots. Yn 2010 wie se te sjen yn in ôflevering fan 'e soapsearje Desperate Housewives, tegearre mei har kollega-model Heidi Klum. Fierders wie se op 'e tillefyzje te sjen yn ôfleverings fan 'e searjes Head Case (2009), As the World Turns (2009/2010), Jane by Design (2012) en The Mysteries of Laura (2015).
Teffens fungearre Porizkova yn 2001 as presintatrise foar it Style Channel fan it E!-netwurk. Fan 2008 oant 2009 siet se fierders yn 'e sjuery fan 'e talintejacht America's Next Top Model. Neffens harsels waard se dêr úteinlik ûntslein om't se klage hie oer it oanhâldende te let kommen fan presintatrise Tyra Banks; de produsinten holden út dat Porizkova ûntslein wie fanwegen "de hjoeddeiske steat fan 'e ekonomy". Yn 2007 naam Porizkova diel oan 'e Amerikaanske edysje fan it realitytillefyzjeprogramma Dancing with the Stars.
Porizkova skreau mei Joanne Russell in berneboek, The Adventures of Ralphie the Roach, dat yn 1992 publisearre waard. It boek wie yllustrearre troch har styfsoan Adam Ocasek. Yn 2007 brocht se in Sweedsktalige roman út, Modellsommar ("In Modelsimmer"), oer in fyftjinjierrich famke dat troch in modelleburo útnûge wurdt om in simmerskoft yn it Parys fan 1980 te wurkjen. Tsjinwurdich hâldt Porizkova in blôch by foar de online-krante The Huffington Post.
Op 23 augustus 1989 troude Porizkova mei Ric Ocasek, de sjonger fan 'e rockband The Cars. Hja wiene yn 1984 by it opnimmen fan 'e fideoklip fan it nûmer Drive mei-inoar yn 'e kunde kommen, doe't sy 19 jier wie en hy mei in oare frou troud wie. Porizkova en Ocasek krigen twa bern, Jonathan Raven Ocasek (1993) en Oliver Orion Ocasek (1998). Porizkova wie it ûnderwerp fan trije lieten: Friends of P, út 1995, fan 'e band The Rentals; Paulina, út 1992, fan 'e band No Doubt; en Dear Paulina, út 1999, fan 'e band Luna.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.