From Wikipedia, the free encyclopedia
De Mackinac Troepen fan Tsjippewa en Ottawa Yndianen (Ingelsk: Mackinac Bands of Chippewa and Ottawa Indians) binne in Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten mei erkenning op steatsnivo yn 'e steat Michigan. Dizze stamme hat gjin eigen reservaat. Sûnt 1998 besykje de Mackinac Troepen (sprek út: ['mækɪnɔ:], "mekkinnô") om harren ferlerne federale erkenning werom te winnen.
Mackinac Troepen fan Tsjippewa en Ottawa Yndianen | ||
Ingelsk | Mackinac Bands of Chippewa and Ottawa Indians | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Michigan | |
haadkertier | St. Ignace (Michigan) | |
etnisiteit | Odjibwe, Ottawa | |
ledetal | 3.000 (2014) | |
oprjochting | 1998 | |
status | steatserkenning | |
erkenning | Michigan | |
reservaat | ||
reservaat | gjint | |
offisjele webside | ||
www.mackinac.com | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Michigan.
|
De Mackinac Troepen fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen besteane benammen út etnyske Odjibwe (Ojibwe), dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde. Dat is in Algonkwynsktalich folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren, dat sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada libbet. In minderheid fan 'e leden heart ta de nau oan 'e Odjibwe besibbe Ottawa. Yn 2014 hiene de Mackinac Troepen likernôch 3.000 leden, dy't foar it meastepart yn Mackinac County wenje, benoarden de Strjitte fan Mackinac, oan 'e súdkust fan Opper-Michigan. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn 'e stêd St. Ignace.
De leden fan 'e Mackinac Troepen binne ôfstammelingen fan 'e Odjibwe en Ottawa dy't har wierskynlik tusken 500 en 1000 yn it gebiet fan 'e Grutte Marren nei wenjen setten. Teffens binne se ôfstammelingen en politike opfolgers fan 'e Odjibwe en Ottawa dy't yn 1836 mei it Amerikaanske regear it Ferdrach fan Washington sleaten, en yn 1855 it Ferdrach fan Detroit.
Nei't de Mackinac Troepen yn 1908 harren federale en wetlike erkenning kwytrekke wiene, joegen se har mids tweintichste iuw by de Ottawa Feriening fan Noardlik Michigan (NMOA), dêr't se Ienheid 11 oant en mei 17 fan foarmen. Dat wie in yn 1948 oprjochte konfederaasje fan ferskate net-erkende en ûnfertsjintwurdige Ottawa- en Odjibwe-groepen yn noardlik Michigan, dêr't û.m. ek de hjoeddeiske Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen en de Burt Lake Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen ta hearden.
Doe't de NMOA geandewei de 1980-er en 1990-er jierren útinoar foel om't de ferskate groepen eigen stamme-organisaasjes oprjochten, waarden yn 1998 de Mackinac Troepen as selsstannige organisaasje stifte. Sûnt hat de stamme oan ien wei troch krewearre om fia in oanfraach by it Buro fan Yndiaanske Saken yn Washington, D.C. de ferlerne federale erkenning werom te winnen. Hoewol't dat noch net slagge is, waard yn 2013 in wichtich súkses boekt doe't it steatsregear fan Michigan de Mackinac Troepen erkende as in 'histoaryske stamme fan 'e steat'.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.