Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grutte Marren (Ingelsk: Great Lakes) binne de fiif grutte binnenwetters yn eastlik Noard-Amearika, dy't op of fuortby de grins lizze tusken de Feriene Steaten en Kanada. De Grutte Marren binne: de Boppemar (Lake Superior), de Hueronmar (Lake Huron), de Michiganmar (Lake Michigan), de Earymar (Lake Erie) en de Ontariomar (Lake Ontario). De Michiganmar leit as iennichste fan 'e fiif folslein op it grûngebiet fan 'e Feriene Steaten, wylst de oare fjouwer op 'e grins lizze. De term Grutte Marren wurdt ek wol brûkt as oantsjutting foar de Grutte Marrekrite yn eastlik Afrika.
It lân om 'e Grutte Marren hinne is ryk oan dylchstoffen as izererts, nikkel, koper, lead, sink, goud, sulver en asbest. Foar it transport dêrfan en ek foar it ferfier fan stienkoal binne de marren fan grut ekonomysk belang.
De slûzen by Sault Ste. Marie, de saneamde Sault Locks (útsprutsen as [su: lɔks], en ek wol min ofte mear fonetysk skreaun as Soo Locks), meitsje it foar de skipfeart mooglik om fan 'e Boppemar (183 m boppe de seespegel) nei de Michiganmar en de Hueronmar (beide 177 m boppe seenivo) te farren. Hjirmei wurdt de rivier de St. Marys mijd. Dizze slûzen binne de droksten fan 'e wrâld. Jiers wurde der 12.000 skippen skutten en dat nettsjinsteande it feit dat de slûzen tusken jannewaris en maart sluten binne fanwegen iisfoarming yn 'e marren.
De slûzen by Buffalo, yn it Wellandkanaal, meitsje skipfeart tusken de Earymar en de Ontariomar mooglik. Dat kanaal waard yn 1833 groeven om 'e Niagarawetterfallen te omsilen, mar wie troch grutte konstruksjeflaters net botte súksesfol. De folgjende twa kanalen wiene dat likemin. It hjoeddeiske, fjirde, kanaal waard groeven tusken 1913 en 1932 en is 43,5 km lang en 9 m djip. Yn it kanaal lizze acht slûzen dy't de skippen fan 175 m boppe seenivo sakje litte nei 75 m boppe seenivo.
De Sint-Lawrenceseewei is de skipfeartrûte fanôf de Grutte Marren nei de rivier de Sint-Lawrence en de Atlantyske Oseaan. Dy rûte bestiet út njoggen slûzen tusken de Ontariomar en de rivier. Skippen gean dêrmei omleech fan 75 m nei 6 m boppe seenivo. Troch de seerûte kinne skippen út Duluth, Thunder Bay, Chicago, Cleveland en Buffalo de oseaan berikke.
Yn 1848 waard it Illinois- and Michigankanaal iepene, wêrmei't de Grutte Marren yn ferbining kamen mei it streamgebiet fan 'e rivier de Mississippy.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.