Lexi Diamond
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lexi Diamond, echte namme: Stephanie Fone (Palmdale (Kalifornje), 28 desimber 1990 - Los Angeles, 31 oktober 2021)[1] wie in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Meksikaansk komôf. Har skûlnamme waard ek wol stavere as Lexxi Diamond, en hja wurke ek wol ûnder de namme Flexy Lexi. Diamond sette yn 2009 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en wenne yn Los Angeles.
Lexi Diamond | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Lexxi Diamond, Flexy Lexi | |
echte namme | Stephanie Fone | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 28 desimber 1990 | |
berteplak | Palmdale (Kalifornje) | |
stoarn | 31 oktober 2021 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Meksikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2009 – 2013 | |
offisjele webside | ||
Lexi Diamond yn 'e IMDb |
Diamond waard yn 1990 berne yn in Latino-gesin yn Palmdale, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja hie twa jongere susters. Doe't har freon wurkleas rekke, besleat Diamond yn 2009 om in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry te begjinnen. Dêrta naam se kontakt op mei Jim South fan it ympressariaat World Modeling, dy't har daliks ynskreau.
Ein 2009, doe't se njoggentjin jier wie, makke Diamond sadwaande har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn sa'n 75 films, hoewol't dêr ek in tal kompilaasjes tusken sitte dy't gebrûk makken fan eardere opnamen. Diamond wurke yn har karriêre foar sokke foaroansteande labels as Jules Jordan Video, Red Light District, Devil's Film, Pure Play Media, Zero Tolerance, New Sensations, Digital Sin en Third Degree Films. Noch mear wie se aktyf foar ûnderskate pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Brazzers, Reality Kings, Naughty America en Muffia. Njonken har aktearwurk wie Diamond ek aktyf as neakenmodel. Yn 2013 breide se in ein oan har wurkpaad yn 'e pornoyndustry.
Lexi Diamond stoar op 31 oktober 2021 yn 'e âldens fan 30 jier doe't se op 'e strjitte oanriden waard troch in automobilist dy't neitiid trochried. Dêrby rûn se slim letsel oan har holle op.
Diamond stie bekend om har ranke, atletyske lichemsbou en har koarte stal, dy't har mei-inoar ta in stek-yn-'e-bûs makken. Hja wie blank, mei blauwe eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte wie se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 43 kg. Diamond hie oarspronklik in A-kup, mar ûndergie yn maaie 2010 in boarstfergruttingsoperaasje ta in beskieden kup 34C. Se hie gjin piercings of tatoeaazjes.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.