From Wikipedia, the free encyclopedia
Zero Tolerance, folút eins Zero Tolerance Entertainment, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Hy waard yn 2002 oprjochte troch Greg Alves. De namme waard keazen om't it bedriuw tasei in "nul-tolerânsje hawwe te sillen foar minne porno".[1]
Zero Tolerance Entertainment | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | pornografyske filmstudio | |
haadkertier | Los Angeles (Kalifornje) | |
oprjochte | 2002 | |
oprjochter | Greg Alves | |
offisjele webside | ||
www.ztod.com |
De films dy't Zero Tolerance produsearret kinne yn 'e regel ta de gonzo-pornografy rekkene wurde, it út 'e losse hân filme reality-subsjenre fan 'e porno, dat folle goedkeaper te meitsjen is as it subsjenre fan feature films, de eigentlike films. Yn 2005 waard de susterstudio Black Ice oprjochte, dy't him spesjalisearret yn ebony- en ynterrasiale pornografy, wylst in oare susterstudio, Third Degree Films, al sûnt 2002 bestiet. Yn 2006 wie Zero Tolerance de earste grutte Amerikaanske filmstudio dy't yn it gat yn 'e merk sprong dat foarme wurdt troch de almar grutter wurdende Spaansktalige minderheid yn 'e Feriene Steaten, troch útein te setten mei de produksje fan Spaansktalige pornofilms.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.