Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
It langsturtgrûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Urocitellus undulatus, foarh. Spermophilus undulatus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus). Dit bistke is lânseigen yn Sibearje, Mongoalje en it easten fan Sintraal-Aazje. It langsturtgrûniikhoarntsje is de iennichste soarte fan it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes dy't yn syn ferspireidng beheind is ta de Alde Wrâld. It is in yn koloanjes libjend, wintersliep hâldend deidier mei omnivoare itensgewoanten. De IUCN klassifisearret it langsturtgrûniikhoarntsje as net bedrige.
langsturtgrûniikhoarntsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Urocitellus undulatus | ||||||||||||
Pallas, 1778 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Langsturtgrûniikhoartsjes komme foar it suden fan Sibearje, dêr't se libje fan it Altaiberchtme yn it westen oant it streamgebiet fan 'e rivier de Amoer yn it easten. It ferspriedingsgebiet is wat fragmintearre mar foarmet foar it meastepart oant yn 'e Transbaikal ien gehiel. Der binne twa folslein isolearre populaasjes: ien folle noardeastliker, yn it suden fan 'e dielrepublyk Sacha, bewesten de rivier de Lena en de haadstêd Jakûtsk, en ien folle eastliker, yn 'e provinsje Amoer en it oangrinzgjende diel fan Mantsjoerije yn Sina. It areaal fan it langsturtgrûniikhoarntsje omfiemet fierders it meastepart fan noardlik, noardwestlik en westlik Mongoalje (benammen it Changajberchtme en de Mongoalske Altai), it noarden en westen fan Sinkiang-Oeigoerje, it noardeasten en dielen fan it easten fan Kazachstan en in lyts diel fan eastlik Kirgyzje.
It langsturtgrûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 21–311/2 sm, mei in sturtlingte fan 10–14 sm. It gewicht bedraacht 250–580 g, mar fariëarret geandewei it jier, mei it leechste gewicht oan 'e ein fan 'e wintersliep en it heechste krekt foar't de wintersliep wer begjint. It lichem is langrutsen en hinget op koarte poatsjes deun by de grûn, mei in lange plomsturt.
De pels is op 'e rêch brún mei in streekt patroan fan lytse wite en grize spikkels. De ûnderste lichemsdielen (kiel, boarst, bealch en poaten) hawwe in bleke, readokereftige kleur dy't nei de siden ta oergiet yn in mear rodzich brún. De sturt hat fan boppen grize en swarte streken, mei in opfallende witige râne oan 'e side en in wite sturtpunt. De kop is op 'e krún brún, mei striegiele wangen en wyt hier om 'e snút en de bek hinne. De swarte eagen hawwe ek in râne fan wyt hier deromhinne.
Langsturtgrûniikhoarntsjes binne bisten fan 'e iepen romte. Se libje op 'e steppe, yn 'e healwoastyn by de râne fan 'e Goby lâns, yn greiden en berchgreiden, oan 'e rânen fan dinne- en bjirkewâlden, op iepen plakken yn wâlden, oan 'e iggen fan rivieren en beken en op ikkers. Yn berchtmen komme se foar oant in hichte fan 3.100 m boppe seenivo.
It langsturtgrûniikhoarntsje is in deidier, hoewol't de grutste aktiviteit krepuskulêr is, d.w.s. by moarnsdage en yn 'e jûnsskimer. Dit bist libbet yn koloanjes mei in labyrint fan eigengroeven hoalen. Yn sânige grûn kinne dy oant 3 m djip wêze mei ûndergrûnske gongen fan oant 15 m lang. De hoalen hawwe ien inkele yn- en útgong mei in diameter fan 8–13 sm, dy't omjûn wurdt troch in grutte heap útgroeven sân fan soms wol 40 sm heech en 2 m yn diameter. Yn klaaigrûn binne de hoalen sa'n 2 m djip mei tunnels fan 5–7 m lang en hawwe se ferskate yn- en útgongen.
De koloanje ferdigenet syn domein, dat trochinoar 160 are (0,16 ha) beslacht, fûleindich tsjin soartgenoaten. De mantsjes markearje harren territoarium mei rookflaggen. De ûnderlinge kommunikaasje bestiet û.m. út hege, piipjende alaarmroppen yn it gefal fan it neieroankommen fan rôfdieren (of minsken), mar dy binne minder skel as de alaarmroppen fan oare soarten langsturtgrûniikhoarntsjes.
It langsturtgrûniikhoarntsje hâldt likernôch de helte fan it jier in wintersliep, dy't foar de mantsjes begjint yn septimber en foar de wyfkes yn oktober. De mantsjes wurde yn maart wer wekker, en de wyfkes in pear wiken letter, yn begjin april. Yn it simmerhealjier lizze se in foarrie fan fretten oan dy't yn 'e wangpûden samle en nei harren hoalen ta oerbrocht wurdt. Sa'n itensfoarrie bestiet út hea en sieden en kin úteinlings wol 6 kg weagje.
De peartiid falt foar langsturtgrûniikhoarntsjes hast daliks nei't de wyfkes út 'e wintersliep kommen binne. De draachtiid duorret likernôch 30 dagen, wêrnei't begjin oant mids maaie in smeet fan 3–9 jongen te wrâld komt. Dy ferlitte de hoale fan harren âlden foar it earst as se 5 wiken âld binne. Langsturtgrûniikhoarntsje produsearje mar ien smeet jongen yn 't jier. Se binne mei in jier geslachtsryp.
It langsturtgrûniikhoarntsje is in omnivoar, dy't foar it meastepart blêden en oare griene plantdielen en sieden fret, mar ek knoppen, woartels en ynsekten.
De wichtichste natuerlike fijannen fan it langsturtgrûniikhoarntsje binne de foks (Vulpes vulpes), de wolf (Canis lupus), de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), martereftigen lykas de wezeling (Mustela nivalis), de harmeling (Mustela erminea) en de Sibearyske wezeling (Mustela sibirica), en ferskate soarten haukfûgels.
It langsturtgrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Foarhinne waarden langsturtgrûniikhoarntsjes yn grutte oantallen troch de minske bejage omreden fan harren pelzen. Dy jacht berikte tusken 1958 en 1960 in hichtepunt, doe't der elts jier 418.000 oant 551.000 eksimplaren om har pels deade waarden.
Der binne 6 (stân fan saken yn 2012) erkende ûndersoarten fan it langsturtgrûniikhoarntsje (Urocitellus undulatus):
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.