Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
In sturt is in nei efteren, nei ûnderen of nei boppen ta (ôfhinklik fan 'e lichemshâlding) útstykjend lichemsdiel fuort boppe de anus, dat foarkomt by in protte bisten. De anatomy en de uterlike skaaimerken fan sturten fariëarje tige. Ferbân hâldend mei de opbou fan 'e rest fan it lichem en it biotoop wêryn't it oangeande bist foarkomt, kinne sturten adaptearre wêze foar utilitêre, definsive en/of sosjale doelen.
By in plomsturt (sa't bgl. iikhoarntsjes dy hawwe) stiet it hier wiid útinoar, wat de sturt in dûnzich oansjen jout, sadat der in skerm-effekt ûntstiet. In wipsturt is folle behindiger, en wurdt fanwegen syn synjaalfunksje (lykas by harteftigen) soms ek wol in "flagge" neamd. In ringsturt is lang en fertoant yn 'e behierring kleure ringen, sa't dat by de ringsturtmaky, de waskbear en de lytse panda it gefal is. In pronksturt, sa't in protte fûgels hawwe (lykas de pau en de fazant), is eins net in anatomyske sturt, mar in ûnderdiel fan it fearreklaad. In grypsturt, ta einbeslút, is in sturt dy't tige sterk en beweeglik is, en dêr't bisten (lykas in protte soarten apen) har by it klimmen yn 'e beammen mei fêsthâlde kinne oan tûken.
In protte bisten dy't fan natuere yn beammen klimme, brûke har sturt om it lykwicht te hâlden, net inkeld by it klimmen mar faak ek by it springen fan beam nei beam. By sokke soarten hat de sturt him gauris ûntwikkele ta in grypsturt, wêrby't se har mei it útein fêsthâlde kinne. Fierders kinne sturten ek brûkt wurde ta stipe fan it lichem as in bist him op 'e efterpoaten oprjochtet (wêrby't de sturt dus in soarte fan trijepoat foarmet mei de efterpoaten). Dit komt bgl. foar by kangoeroes, stôksturtsjes en ferskate soarten kjifdieren.
Bisten dy't yn groepen libje, brûke de sturt faak om mei te kommunisearjen; sa jouwe in protte harteftigen der in alaarmsynjaal mei, wylst hûnen dermei slane om blidens mei oan te jaan, en katten de sturt grou meitsjen troch it hier oerein te setten om agresje oan te jaan. De fearresturten fan fûgels wurde foar it meastepart brûkt as roer by it fleanen, mar by guon soarten (lykas de pau of de paradysfûgel) hawwe se har by de mantsjes ûntjûn ta in pronksturt dy't mear swierrichheden as help opsmyt by it fleanen of sweven, en inkeld bedoeld is om yn 'e peartiid wyfkes te ymponearjen.
Ek wurde sturten wol brûkt as wapen. Sa kinne krokkedillen en faranen, mar ek kangoeroes, har sturt as in gefaarlik slachwapen ynsette, wylst der by skorpioenen in gifstikel oan 'e útein sit dêr't se har proaien mei deadzje en harsels mei ferdigenje. In lichtere foarm fan dit gebrûk as wapen komt foar by kij en hynders, dy't troch mei de sturt te slaan miggen en oar bitend ûnrant besykje te ferjeien. By slangen is de sturt mar kwealk fan it lichem te ûnderskieden en wurdt er ornaris brûkt foar fuortbeweging, mar rattelslangen hawwe in stikmannich losse hûdrattels oan 'e útein fan 'e sturt dêr't se mei rattelje om te warskôgjen as se har bedrige fiele.
De minske hat allinne mar in rudimintêre sturt, de nutteleas wurden sturtbonke, ek wol bekend as de stút of steupert.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.