Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De langsturtgrûniikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Urocitellus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini), de ûndertûke fan 'e echte grûniikhoarntsjes (Spermophilina) en it lyknammige boppeskaai fan 'e echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus). Ta dit skaai hearre trettjin soarten, dy't foar it meastepart yn it noardwesten fan Noard-Amearika libje. Ien soarte, it poalgrûniikhoarntsje (U. parryi), komt foar oan beide kanten fan 'e Beringstrjitte, wylst in oarenien, it langsturtgrûniikhoarntsje (U. undulatus) útslutend yn Aazje libbet.
langsturtgrûniikhoarntsjes | ||
In richardsongrûniikhoarntsje (Urocitellus richardsonii). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha) | |
famylje: | iikhoarntsjes (Sciuridae) | |
ûnderfamylje: | grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beam- iikhoarntsjes (Xerinae) | |
tûke: | grûniikhoarntsjes (Marmotini) | |
ûndertûke: | echte grûniikhoarntsjes (Spermophilina) | |
boppeskaai: | echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus) | |
skaai: | langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus) | |
Obolenski, 1927 | ||
De wittenskiplike namme fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes is Urocitellus. Dat is in gearstalling fan it Aldgrykske οὐρά, oura, dat "sturt" betsjut, en citellus, it Latynske wurd foar "grûniikhoarntsje".
De langsturtgrûniikhoarntsjes waarden foarhinne ta it gruttere taksonomyske skaai Spermophilus rekkene. Mar yn 2004 die by ûndersyk nei it DNA fan grûniikhoarntsjes bliken dat dy yndieling parafyletysk wie, om't de prêrjehûnen en de marmotten eins nauwer mei in diel fan 'e soarten yn it âlde Spermophilus besibbe wiene as oare soarten út datselde skaai. Fan gefolgen waard dat skaai doe útinoar helle en yndield yn ferskate nije skaaien, wêrûnder de langsturtgrûniikhoarntsjes, wylst it restant fan Spermophilus de grûniikhoarntsjes fan 'e Alde Wrâld kaam te foarmjen, ek wol bekend as de soesliks.
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.