De kjifdieren (wittenskiplike namme: Rodentia) foarmje in grut skift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), dêr't û.m. de famyljes fan 'e mûseftigen, wrotmûseftigen, sliepmûzen, iikhoarntsjes, bevereftigen en kavia-eftigen ûnder falle. Kjifdieren ûnderskiede har fan oare sûchdieren troch twa pear kjiftosken, ien pear yn 'e boppekaak en ien pear yn 'e ûnderkaak, dy't har hiele libben trochgroeie. Hast 40% fan alle sûchdieresoarten binne kjifdieren, en hja binne ferspraat oer alle kontininten útsein Antarktika. Kjifdieren kinne libje yn in ferskaat oan biotopen, wêrûnder wâlden, woastinen, berchtmen en ûndergrûnske habitats. Teffens hawwe guon in amfibyske libbenswize, wylst party fan 'e bekendste soarten treflik witte te oerlibjen en sels te florearjen yn in troch de minske makke om-en-by.

Fluch de feiten
Kjifdieren
Thumb
In goudmantelgrûniikhoarntsje.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
Bowdich, 1821
Slute

Uterlike skaaimerken en ûntwikkeling

De measte kjifdieren binne lytse bistkes mei robúste lichems, koarte lidden en lange sturten, al binne der frijwat útsûnderings op dy regel. De bekendste dêrfan sil de bever wêze, dy't folle grutter is, mei in platte sturt. De grutste noch libbene kjifdieresoarte is de Súdamerikaanske kapibara, dy't in sa grut is as in skiep, en in gewicht fan 66 kg berikke kin. De grutste fossile soarte is de reuzepakarana (Josephoartigasia monesi), krektlyk út Súd-Amearika, dy't fan it Plioseen oant it iere Pleistoseen libbe en 1.500 kg weage. De âldste kjifdierfossilen datearje út it Paleoseen. Hja ûntjoegen har yn it Eoseen yn ferskate rjochtings, en begûnen har yn datseldichste tiidrek oer de hiele wrâld te fersprieden, soms troch oseanen oer te stekken. Oars as de measte plasintadieren wist ien ûnderfamylje fan 'e kjifdieren (nammentlik dy fan 'e mûzen en rotten) Austraalje te berikken en te kolonisearjen, hoewol't se yn Nij-Seelân en op 'e eilannen yn 'e Stille Súdsee pas hiel resint mei minsklike help wisten te kommen.

Thumb
In goudhamster.

Hâlden en dragen

Kjifdieren brûke har skerpe kjiftosken om op iten en boumateriaal om te gnaujen, hoalen te meitsjen en har te ferdigenjen. De measte soarten ite sied of oar plantaardich materiaal, al hawwe guon in mear fariëarre menu. It binne faak sosjale bistkes, en in protte soarten libje yn komplekse mienskippen mei yngewikkelde kommunikaasjemetoaden. Mei minsken geane kjifdieren op ferskate manearen om. Oan 'e iene kant wurde guon soarten beskôge as skealik ûngedierte dat opsleine rispingen oanfret en bedjert en sykten ferspraat, en wurdt der faak fan alles dien om (beheinde populaasjes) út te rûgjen. Oan 'e oare kant, lykwols, hawwe party soarten (foar in diel deselden as dy't as ûngedierte sjoen wurde) harren wearde bewiisd as iten, hûsdieren en ûndersyksdieren yn laboratoaria. Beskate soarten, lykas de brune rôt, binne yntelligint en kinne traind wurde om gefaarlike putsjes foar minsken op te knappen, lykas it opspoaren fan lânminen (dy't se rûke kinne, wylst se sels te licht binne om de dingen ôfgean te litten).

Skiftopbou

Thumb
Weidzjende kapibara's, de grutste kjifdiersoarte.
Thumb
In koloanje prêrjehûnen.
Thumb
In brune rôt yn in blommebak yn New York.
Thumb
In Eastafrikaanske springhazze.
Thumb
In falleigoffer, út westlik Noard-Amearika.
Thumb
De Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch
Thumb
De pinseelsturtsliepmûs út Afrika.
  • skift kjifdieren (Rodentia)
    • famylje Alagomyidae
    • famylje Laredomyidae
    • ûnderskift bevers en goffers (Castorimorpha)
    • ûnderskift iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha)
      • famylje Allomyidae
      • famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
      • famylje Ischyromyidae
      • famylje Mylagaulidae
      • famylje Reithroparamyidae
      • famylje sliepmûzen (Gliridae)
      • famylje stompsturtiikhoarntsjes (Aplodontiidae)
      • famylje Theridomyidae
    • ûnderskift kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha)
      • famylje Laotiaanske rotsrotten (Diatomyidae)
      • famylje Tsaganomyidae
      • tuskenskift kaamfingers (Ctenodactylomorphi)
        • famylje Chapattimyidae
        • famylje Cylindrodontidae
        • famylje Ivanantoniidae
        • famylje kaamfingers of gûndys (Ctenodactylidae)
        • famylje Sciuravidae
      • tuskenskift kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi)
    • ûnderskift mûzen en jerboä's (Myomorpha)
      • famylje Protoptychidae
      • boppefamylje jerboä's (Dipodoidea)
        • famylje Armintomyidae
        • famylje jerboä's (Dipodidae)
      • boppefamylje mûzen en rotten (Muroidea)
        • famylje Afrikaanske mûzen en rotten (Nesomyidae)
        • famylje dwerchsliepmûzen (Platacanthomyidae)
        • famylje Eomyidae
        • famylje Florentiamyidae
        • famylje mûseftigen (Muridae)
        • famylje molrotten en bamboerotten (Spalacidae)
        • famylje mûshamsters (Calomyscidae)
        • famylje Simimyidae
        • famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
    • ûnderskift springhazzen en stikelsturtiikhoarntsjes (Anomaluromorpha)
      • famylje Parapedetidae
      • famylje springhazzen (Pedetidae)
      • famylje stikelsturtiikhoarntsjes (Anomaluridae)
      • famylje Zegdoumyidae

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.