From Wikipedia, the free encyclopedia
De Afrikaanske mûzen en rotten (wittenskiplike namme: Nesomyidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûzen en jerboä's (Myomorpha) en de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea). Dizze famylje omfiemet ferskate ûnderfamyljes, dy't allegear lânseigen binne op it fêstelân fan Afrika of op Madagaskar. De grutste groepen wurde foarme troch de hamsterrotten, de Madagaskarrotten, de klimmûzen en de rotsmûzen. Yn totaal binne der 68 soarten. Se meitsje diel út fan 'e mûzen en rotten, in kompleks takson dat 1/4 fan alle sûchdieresoarten fan 'e wrâld beslacht.
Afrikaanske mûzen en rotten | ||
In Madagaskarreuzerôt of fotsovotsa (Hypogeomys antmena). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | mûzen en jerboä's (Myomorpha) | |
boppefamylje: | mûzen en rotten (Muroidea) | |
famylje: | Afrikaanske mûzen en rotten (Nesomyidae) | |
Major, 1897 | ||
Afrikaanske mûzen en rotten binne foar it meastepart lytse oant middelgrutte kjifdieren, mar de grutsten binne sa grut is as in knyn. Ofhinklik fan 'e ûnderfamylje en de soarte kinne se op mûzen, rotten, wrotmûzen of hamsters lykje. Op it mêd fan harren dieet rinne se útinoar fan strang fegetarysk oant folslein ynsektivoar. Ek harren hâlden en dragen ferskilt, mei't guon soarten yn 'e beammen libje, wylst oaren ûndergrûnske hoalen grave. Se smite oer it algemien nei in draachtiid fan likernôch seis wiken in nêst fan maksimaal fjouwer jongen.
In protte soarten Afrikaanske mûzen en rotten wiene foarhinne by oare taksonomyske kjifdierefamyljes yndield, mar binne op grûn fan genetysk ûndersyk mei-inoar gearbrocht yn ien famylje. Sa tocht men earder dat de hamsterrotten by de mûseftigen (Muridae) thúshearden, wylst men ornearre dat de wytsturtmûzen teplak brocht wiene by de wrotmûseftigen (Cricetidae).
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.