In snijtosk of ynsisive (fan it Latynske incidere, "snije") is in soarte fan tosk dat yn 'e regel foaroan yn 'e mûle sit. Yn it gebit fan in folwoeksen minske sitte acht fan sokke snijtosken, twa yn elts kwadrant. Dy kinne opdield wurde yn 'e 4 sintrale snijtosken (of foartosken) en de 4 laterale snijtosken dy't oan wjerskanten njonken de sintrale snijtosken sitte en oan 'e oare kant grinzgje oan 'e hoektosken. In fierdere ûnderferdieling kin makke wurde troch de eigenskipswurden "maksillêr" (fan 'e boppekaak) en "mandibulêr" (fan 'e ûnderkaak) ta te foegjen. Dêr kin dan noch "lofter" en "rjochter" oan tafoege wurde om 'e lofterhelte en de rjochterhelte fan it gebit oan te jaan. De minsklike snijtosken binne:
- de rjochter en lofter maksillêre sintrale snijtosken (yn 'e boppekaak, it tichtst by de midden fan 'e lippen)
- de rjochter en lofter mandibulêre sintrale snijtosken (yn 'e ûnderkaak, it tichtst by de midden fan 'e lippen)
- de rjochter en lofter maksillêre laterale snijtosken (yn 'e boppekaak, oan wjerskanten fan 'e sintrale snijtosken)
- de rjochter en lofter mandibulêre laterale snijtosken (yn 'e ûnderkaak, oan wjerskanten fan 'e sintrale snijtosken)
Snijtosken hawwe de funksje om iten ôf te biten of yn lytsere stikjes te snijen ûnder it kôgjen, wylst it eigentlike mealwurk dien wurdt troch de kiezzen. Om har snijfunksje ferfolje te kinnen, hawwe de snijtosken in relatyf skerpe râne. By minsken binne de snijtosken faak de earste tosken fan it folwoeksen gebit dy't trochkomme yn it saneamde wikselgebit. Dêrmei ferfange se dan om it sechsde of sânde libbensjier de molkesnijtosken.
By oare bisten fariëarret it tal snijtosken. Sa beskikke opossums oer mar leafst 18, wylst gurledieren der hielendal gjint hawwe. Katten, hûnen, foksen, bargen en hynders hawwe der 12. Kjifdieren hawwe der mar 4, twa yn 'e boppekaak en twa yn 'e ûnderkaak, dy't kjiftosken neamd wurde. Hazze-eftigen (d.w.s. hazzen en kninen) waarden foarhinne ek as kjifdieren beskôge, mar ûnderskiede har fan dat skift trochdat se 6 kjiftosken hawwe (it trêde pear, dat folle lytser is, sit rjocht efter de foarste kjiftosken). Kobisten, ta einbeslút, hawwe yn 'e boppekaak gjin snijtosken, mar yn 'e ûnderkaak 6.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.