Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De prêrjehûnen, ek wol stavere as prêryhûnen of prairiehûnen (wittenskiplike namme: Cynomys), foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en de ûndertûke fan 'e marmoteftigen (Marmotina). Ta dit skaai hearre 5 soarten út Noard-Amearika.
Prêrjehûnen | ||
In swartsturtprêrjehûn. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha) | |
famylje: | iikhoarntsjes (Sciuridae) | |
ûnderfamylje: | grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae) | |
tûke: | grûniikhoarntsjes (Marmotini) | |
ûndertûke: | marmoteftigen (Marmotina) | |
skaai: | prêrjehûnen (Cynomys) | |
Rafinesque, 1817 | ||
Prêrjehûnen binne in slach grûniikhoarntsjes dat yn koloanjes ûnder de grûn fan 'e prêrjes fan Noard-Amearika libbet. Se kinne sa'n 40 sm lang wurde en se weagje 1-4 kg. Yn finzenskip kinne se 8-10 jier âld wurde, mei útsjitters nei 12 jier. Se waarden foar it earst troch de Westerske wittenskip ûntdutsen troch de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark, in ûntdekkingstocht fan 'e rivier de Mississippy nei de Amerikaanske westkust en werom, dy't plakfûn yn 'e jierren 1804-1806.
It wie Meriwether Lewis en William Clark bekend dat de Frânsk-Kanadeeske pelsjagers sokke bisten teminsten al fan 1774 ôf chiens de prairie ("prêrjehûnen") neamden, mar sysels keazen foar de namme barking squirrel ("blaffend iikhoarntsje"), wat eins yndie in sekuerdere oantsjutting is. Dy namme beklibbe lykwols net, en úteinlik waard yn it Ingelsk prairie dog, in letterlike oersetting fan 'e Frânske beneaming, oernommen. De ferwizing nei hûnen komt fan it blaffende lûd dat prerjehûnen fuortbringe om inoar te warskôgjen foar ûnrie. Ek de wittenskiplike namme Cynomys, dy't komt fan 'e Grykske term foar "hûnemûs", slacht dêrop werom.
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.