From Wikipedia, the free encyclopedia
Jurjen Dreeuws (Noardbroek, 20 septimber 1905 – Oegstgeast, 31 jannewaris 1984)[1] wie in Nederlânsk plysjeman fan Grinslânsk komôf. Hy waard bekend as ien fan 'e lieders fan it ferset yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert ûnder de Twadde Wrâldoarloch.[2]
Jurjen Dreeuws | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jurjen Dreeuws | |
oare namme | 'ynspekteur Bakker' | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 septimber 1905 | |
berteplak | Noardbroek (Grinslân) | |
stoarn | 31 jannewaris 1984 | |
stjerplak | Oegstgeast (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Nedersaksysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | plysjeman | |
aktyf as | fersetsman | |
jierren aktyf | ±1925 – 1970 | |
reden bekendheid | lieder ferset yn Ljouwert | |
prizen | Fersetskrús Oarder fan Oranje-Nassau |
Dreeuws waard yn 1905 berne yn it Grinslânske Noardbroek as de soan fan Hilko Dreeuws en Klaassiena de Vries.[3] Hy gie by de plysje en klom dêr op oant er yn 1934 beneamd waard ta ynspekteur by de Gemeenteplysje fan Ljouwert.[4] Dreeuws troude yn 1935, doe't er 29 jier wie, mei Pieterdina Hinderika Bettenbroek (1907-1996) út Skeemda, mei wa't er fjouwer bern krige.[3]
Under de Dútske besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch ûntjoech Dreeuws him ûnder de skûlnamme 'ynspekteur Bakker' ta ien fan 'e lieders fan it ferset yn 'e provinsje Fryslân.[2] De Dútsers krigen dêr lykwols lucht fan, en pakten him op. Hy kaam finzen te sitten yn 'e Blokhúspoarte te Ljouwert, dêr't er troch de SD oanhâldend martele waard om ynformaasje fan him los te krijen. Dreeuws, dy't genôch nammen en plakken yn 'e holle hie dat de Dútsers dêrmei it ferset yn Fryslân lamslein hawwe koene, briek lykwols net, mar wist fol te hâlden oant er rêden wurde koe.[2]
Op 8 desimber 1944 wie Dreeuws nammentlik ien fan 'e 51 finzenen dy't troch it ferset by de oerfal op it Hûs fan Bewar yn Ljouwert ûnder lieding fan Piet Oberman befrijd waarden.[2] (Dy nuodlike operaasje waard yn 1962 ferfilme as De Overval, wêrby't de rol fan Dreeuws fertolke waard troch akteur Kees Brusse.) Neitiid moast Dreeuws oant de ein fan 'e oarloch ûnderdûke.[2][3]
Fan 1945 oant 1946 wie Dreeuws wer ynspekteur fan plysje te Ljouwert.[4] Dêrnei waard er beneamd ta kommissaris fan 'e Gemeenteplysje yn Leien, wat er bliuwe soe oant syn pinsjonearring yn 1970.[3][4] Foar syn dieden yn 'e oarloch waard him it Fersetsbetinkingskrús takend. Dreeuws wie ek ofsier yn 'e Hûsoarder fan Oranje, ofsier yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau en ofsier yn 'e Oarder fan de Republyk Tuneezje.[3] Hy kaam yn 1984 yn 'e âlderdom fan 78 jier yn it Súdhollânske Oegstgeast te ferstjerren.[3]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.