Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Gemeenteplysje (Nederlânsk en offisjeel: Gemeentepolitie) is in eardere plysjetsjinst (of eins in kategory ûnderskate plysjetsjinsten) yn Nederlân. De Gemeenteplysje bestie yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw njonken de Ryksplysje.
Gemeenteplysje Gemeentepolitie | ||
algemiene ynformaasje | ||
namme folút | Gemeentepolitie | |
lân | Nederlânsk | |
haadkertier | ferskaat | |
oprjochte | 1945 | |
opheft | 1993 | |
falt ûnder | gemeenten | |
opgien yn | Regiokorpsen | |
doel | hanthavening fan wet en oarder |
De Gemeenteplysje waard oprjochte yn 1945. Eltse gemeente mei mear as 25.000 ynwenners krige doe syn eigen plysjekorps. Yn gemeenten mei minder ynwenners wie de Ryksplysje ferantwurdlik foar de hanthavening fan wet en oarder. In útsûndering wie de gemeente Baarn, dy't minder as 25.000 ynwenners hie, mar dêr't dochs in eigen plysjekorps oprjochte waard yn ferbân mei de oanwêzigens yn dy gemeente fan 'e residinsje fan it Keninklik Hûs op Paleis Soestdijk. Yn 1993 gie de Gemeenteplysje yn 'e mande mei de Ryksplysje op yn 'e Regiokorpsen, dy't yn 2013 op har beurt opgiene yn 'e Nasjonale Plysje.
De boargemaster fan 'e oangeande gemeente wie tagelyk it haad fan 'e Gemeenteplysje dêre en as sadanich ferantwurdlik foar it bewâld dêroer. De gemeenteried koe yn 'e riedsgearkomsten de boargemaster freegje om 'e plysje mear omtinken skinke te litten oan beskate saken. De boargemaster droech ferantwurdlikheid foar de iepenbiere oarder, wylst de ofsier fan justysje ferantwurdlik wie foar de strafrjochtlike aspekten. It belied fan 'e Gemeenteplysje waard bepaald yn it saneamde 'tripartite oerlis' tusken boargemaster, ofsier fan justysje en (haad)kommissaris, dat ek wol oantsjut waard as "de trijehoek".
It rangestelsel fan 'e Gemeenteplysje wie sa (fan leech nei heech):
kategory | rang | omskriuwing ynsynje |
---|---|---|
eksekutyf personiel | aspirant | 1 streek |
agint | 2 streken | |
haadagint | 3 streken | |
brigadier | swurd en kroan omjûn troch lauwerkrâns | |
adjudant* | 1 stip | |
ofsieren | aspirant hegere plysje-amtner | 1 stjer |
ynspekteur, amtner fan 'e 3e klasse | 2 stjerren | |
ynspekteur, amtner fan 'e 2e klasse | 3 stjerren | |
haadynspekteur, amtner fan 'e 2e klasse | 1 balke mei 1 stjer | |
haadynspekteur, amtner fan 'e 1e klasse | 1 balke mei 2 stjerren | |
kommissaris, amtner fan 'e 1e klasse | 1 kroan | |
kommissaris, haadamtner fan 'e 3e klasse | 1 kroan mei 1 stjer | |
kommissaris, haadamtner fan 'e 2e klasse | 1 kroan mei 2 stjerren | |
haadkommissaris, haadamtner fan 'e 2e klasse | 2 krúste swurden mei 1 stjer | |
haadkommissaris, haadamtner fan 'e 1e klasse | 2 krúste swurden mei 2 stjerren | |
*) De rang fan adjudant kaam by de opheffing fan 'e Gemeenteplysje yn 1993 te ferfallen; alle adjudanten waarden doe automatysk befoardere ta ynspekteur.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.