From Wikipedia, the free encyclopedia
De Jong Famme Partij is in keatswedstryd foar famkes en froulju fan 17 oant 21 jier (junioaren). Dizze partij wurdt elts jier op 'e lêste sneon fan juny of de earste sneon fan july holden yn it Fryske doarp Mantgum. It is in saneamde ôfdielingswedstryd, wat betsjut dat alle by de KNKB oansletten keatsferienings it rjocht hawwe om ien of mear partoeren foar de Jong Famme Partij yn te skriuwen. De wedstryd waard yn 2004 foar de earste kear ferkeatst op inisjatyf fan de Keatsferiening Jacob Klaver fan Mantgum. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e KNKB. Yn 2020 fûn de Jong Famme Partij fanwegen de pandemy fan it koroanfirus plak yn augustus.
De Jong Famme Partij heart mei de Ald-Meiers Partij yn Hitsum, de Frouljus-PC yn Weidum en it NK Dames fan it KNKB ta de wedstriden dy't meitelle foar de 'Fjouwer Wimpels' fan it frouljuskeatsen.
Oant har dea yn 2008 wie politika Anita Andriesen beskermfrou fan'e partij. Sûnt 2016 is Manon Scheepstra, dy't de partij al fiif kear wûn, de nije beskermfrou.[6]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.