From Wikipedia, the free encyclopedia
Johan Fabricius (folút: Johan Johannes Fabricius; Bandung, 24 augustus 1899 – Glimmen, 21 juny 1981) wie in Nederlânsk skriuwer, yllustrator, boekbânûntwerper foar in tal fan syn eigen útjeften, sjoernalist en aventoersman. Hy waard benammen bekend troch syn histoaryske jongesboek De Scheepsjongens van Bontekoe, út 1924, dat withoefolle kearen werprinte waard. Fabricius skreau yn totaal 99 boeken en gou as in rasferteller.
Johan Fabricius | ||
skriuwer | ||
Fabricius (rj.) oan it Pavia-front yn 'e Earste Wrâldoarloch (1915). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johan Johannes Fabricius | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 augustus 1899 | |
berteplak | Bandung (Nederlânsk-Ynje) | |
stoarn | 21 juny 1981 | |
stjerplak | Glimmen (Grinslân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Nedersaksysk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, berneboeken, reisferhalen | |
bekendste wurk(en) | De Scheepsjongens van Bontekoe Het Meisje met de Blauwe Hoed | |
jierren aktyf | 1922 – 1982 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Fabricius waard yn 1899 yn Bandung, yn Nederlânsk-Ynje, berne as de soan fan 'e dichter en toanielskriuwer Jan Fabricius. As sadanich wied er in Nedersakser fan Drintsk komôf. Hy brocht syn jonkheid troch yn Nederlânsk-Ynje, oant er yn 1914, doe't er 15 jier wie, oerkaam nei Nederlân. Hy studearre in jier oan 'e keunstakademy yn De Haach foar't er him yn 1915, ûnder de Earste Wrâldoarloch, oanmelde by it leger fan Eastenryk-Hongarije, om inkele moannen lang as Kriegsmaler (oarlochsskilder) te fungearjen oan it Pavia-front yn wat no noardlik Itaalje is. Yn dy tiid makke er in tekenreportaazje oer it libben oan it front. Letter soed er ek it boek De Oorlog van de Kleine Paardjes skriuwe oer syn ûnderfinings dêre.
Yn 1925 troude Fabricius mei Ruth Freudenberg, mei wa't er twa soannen en in dochter krige. Nei't er yn 1968 widner wurden wie, wertroude er mei Anna Corneilia Bleeker.
Fabricius skreau yn totaal 99 boeken, wêrûnder ek in soad jeugdboeken. Syn debútroman wie Eiko van den Reigerhof, út 1922. Syn bekendste wurk wie it jongesboek De Scheepsjongens van Bontekoe, út 1924, dat withoe faak werprinte wurde moast om oan 'e fraach fan 'e lêzers te foldwaan. De legerroman Het Meisje met de Blauwe Hoed, út 1927, waard yn 1934 ferfilme. Oare bekende wurken fan Fabricius wiene De Wonderbaarlijke Avonturen van Bartje Kokliko, dat yn trije dielen útkaam fan 1930 oant 1931, Komedianten Trokken Voorbij (1931), De Grote Geus (1949) en Gordel van Smaragd (1953). As kommersjele opdracht fan 'e Nederlandsche Olie Fabrieken (N.O.F.) Calvé-Delft skreau en yllustrearre Fabricius ek de reklamerige De Wondere Avonturen van Arretje Nof (1926-1927). Fierders fungearre er ek as yllustrator fan syn oare wurk en ûntwurp er sels gauris de omslaggen fan syn boeken.
Oan it begjin fan 'e Dútske besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch slagge it Fabricius yn 1940 om as Ingelânfarder út te wiken nei it Feriene Keninkryk. Dêr wied er ûnder de oarloch aktyf as nijslêzer en kommentator by de BBC Dutch Service. Nei de oarloch wurke er yn 1945 as korrespondint foar de BBC en de krante The Times yn Aazje. Sa fersloech er dêre û.m. de Earste Polisjonele Aksje yn Nederlânsk-Ynje. Fia in grutte omwei kearde er úteinlik nei it Feriene Keninkryk werom, dêr't er oant 1956 wenjen bleau ear't er him wer yn Nederlân fêstige.
Hoewol't Fabricius syn wurk fan foar de Twadde Wrâldoarloch as it hichtepunt fan syn oeuvre jildt, ferskynden ek yn 'e 1950-er jierren noch ynkringende, tige goed dokumintearre romans as De Heilige Paarden, oer de yn Jeropa frijwol ûnbekende wrâld fan it Nederlânsk-Yndyske (en letter Yndonezyske) eilân Sûmba. Yn 1961 ferbleau Fabricius in skoft op Kurasau, yn 'e Nederlânske Antillen, dêr't er lêzings fersoarge ûnder de jierlikse boekewike. Oer dat eilân skreau er de roman Het Geheim van het Oude Landhuis, dy't yn 1965 útkaam, en de ferhalebondel Onder de Hete Caraïbische Zon, út 1970.
Yn 1963 ferskynde fan Fabricius fierders noch de roman Jongensspel, dêr't er ta ynspirearre waard troch de Baarnske moardsaak, dy't spile yn 1960-1963. Yn 'e 1970-er jierren folgen fan Fabricius fierders noch de roman Toontje Poland, ferskate wurken dy't weromgriepen op syn tiid yn Nederlânsk-Ynje, en it autobiografyske Memoires (1980). Behalven fiksjewurken wie Fabricius ek auteur fan ferskate reisferhaleboeken, lykas Een Reis door het Nieuwe Indonesië (1973) en Gringo (1976), oer in reis op 'e rivier de Paraguay, yn Súd-Amearika.
Johan Fabricius kaam yn juny 1981 yn it Grinslânske Glimmen te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 81 jier. Hy waard deun dêrby begroeven op it Nederlânsk-Herfoarme Begraafplak oan 'e Pollseweg yn Noardlaren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.