From Wikipedia, the free encyclopedia
Eugene (útspr.: [ju:'ʤi:n], likernôch: "jûûdzjiin") is in stêd yn it Pasifyske Noardwesten fan 'e Feriene Steaten. It leit oan 'e súdein fan 'e Delling fan de Willamette yn 'e Amerikaanske steat Oregon, deunby it plak dêr't de rivieren de Willamette en de McKenzie gearfloeie, op sa'n 80 km ôfstân fan 'e kust fan 'e Stille Oseaan. Eugene is it haadplak fan it omlizzende Lane County, en hie neffens in offisjele skatting út 2014 doe rom 160.000 ynwenners. Dêrmei is it nei Portland de grutste stêd fan Oregon. As alle foarstêden meiteld wurde, komt de befolking fan Eugene as stêdekloft út op likernôch 356.000 minsken. Eugene stiet benammen bekend as fêstigingsplak fan 'e Universiteit fan Oregon en om 'e natoerskientme fan it omlizzende gebiet. Fanwegen dat lêste skaaimerk stiet it ek wol bekend as de Emerald City ("Smaragdene Stêd", fanwegen al it grien).
Eugene | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oregon | |
County | Lane County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 160.561 (2014) | |
Oerflak | 113,3 km² (ynkl. wetter) 113,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.379,3 / km² | |
Stêdekloft | 356.000 (2010) | |
Hichte | 131 m | |
Oar | ||
Stifting | 1846 | |
Tiidsône | UTC –8 | |
Simmertiid | UTC –7 | |
Koördinaten | 44°03′07″N 123°05′12″W | |
Offisjele webside | ||
www.eugene-or.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Eugene yn Lane County en yn 'e steat Oregon. |
Eugene is ferneamd nei syn stifter, Eugene Franklin Skinner, dy't der yn 1846 de earste wente boude. De delsetting begûn as in hannelspost, en waard as sadanich troch de Amerikaanske autoriteiten registrearre yn 1850, doe't it noch bekendstie as Skinner's Mudhole. Yn 1853 waard it omneamd ta Eugene City, hoewol't it pas yn 1862 stedsrjochten krige. Yn 1889 liet men de tafoeging 'City' út 'e namme falle.
It earste grutte ûnderwiisynstitút yn 'e stêd wie it Kolumbia Kolleezje, dat om 1870 hinne stifte waard. It waard lykwols troffen troch twa grutte brannen efterinoar yn fjouwer jier tiid, en nei de twadde brân waard it net wer opboud. Yn 1872 rjochte it Steatskongres fan Oregon yn Eugene de Universiteit fan Oregon op, mei jild dat troch de ynwenners fan 'e stêd sels gearbrocht wie. It jiers dêrop waard de heuveltop mei útsicht oer de stêd, dêr't de universiteit no stiet, skonken troch de Eugeneaan J.H.D. Henderson. Yn oktober 1876 iepene de Universiteit fan Oregon syn doarren, hoewol't it universiteitsgebou pas yn 1877 ôfkaam.
Yn 'e tweintichste iuw groeide Eugene hurd, fan 3.200 ynwenners yn 1900 oant 11.000 yn 1920, 21.000 yn 1940, 51.000 yn 1960, 106.000 yn 1980 en 138.000 yn 2000. Allinnich yn 'e iere 1980-er jierren kromp de befolking in hoartsje, doe't de hout- en papieryndustry yn 'e nederklits rekke en der sadwaande grutte wurkleasheid yn 'e stêd ûntstie. Tsjin 1985 wie de houtyndustry wer by de wâl opklaud en wie it stedsbestjoer ûnderwilens ek úteinset mei it oanlûken fan oarsoartige bedriuwen, sadat de pleatslike ekonomy diversifiëarre waard.
De Universiteit fan Oregon is yn Eugene fêstige, in ynstitút foar heger ûnderwiis mei sa'n 49.000 studinten (doktoraalstudinten ynbegrepen). Mei krapoan 4.900 banen is de universiteit ek de grutste wurkjouwer fan 'e stêd. Op ôfstân folgje de PeaceHealth Medical Group in sikehûskonglomeraat, mei 4.200 banen, en de oerheid fan Lane County, mei 2.000 banen.
Eugene is in populêre toeristyske bestimming foar lju dy't harren fakânsje trochbringe wolle mei mountainbiken, kuierjen, hurddraven, wyldwetterfarren en kajakjen. Yn 'e stêd sels kin men ferskate museä besykje, wêrûnder it Jordan Schnitzer Museum of Art, it Natuerhistoarysk en Kultuerhistoarysk Museum fan de Universiteit fan Oregon en it Histoarysk Museum fan Lane County. Ek binne yn 'e stêd it symfony-orkest Eugene Symphony, it balletselskip Eugene Ballet en it operaselskip Eugene Opera fêstige.
Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Eugene yn 2014 in befolking fan 160.561 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.379,3 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Eugene 12,1% âlder as 65 jier en 20,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 46,1% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 17,1 % fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 82,0% blanken; 7,8% Latino's; 4,0% Aziaten; 1,3% swarten; 0,8% Yndianen; 0,2% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 3,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Eugene hat in Mediterraan klimaat, mei waarme, drûge simmers en koele, wiete winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,2 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 7,6 °C. Rekôrtemperatueren wiene 44 °C op 27 juny 2021 en –24 °C op 8 desimber 1972. Eugene kriget jiers trochinoar 1.171,4 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 7,1 sm snie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.