Cheerleading is in yn 'e Feriene Steaten ûntstiene fysike aktiviteit wêrby't sporttiims oanmoedige wurde troch groepen dûnsers dy't goreografearre bewegings meitsje, slogans skandearje en faak yn it skoft ek akrobatyske oefenings útfiere ta fermaak fan it publyk. Cheerleadingtiims binne gauris ferbûn oan in middelbere skoalle of universiteit, mar ek profesjonele sporttiims (benammen op it mêd fan it Amerikaansk fuotbal) hawwe yn 'e regel harren eigen cheerleadingtiims. Dielnimmers oan cheerleading, de saneamde cheerleaders, binne tsjintwurdich oer it algemien famkes of froulju. Sokken ken men werom oan in unifoarm besteande út in mouleas topke en in ploaid minyrokje yn 'e kleuren fan it sporttiim dat se oanmoedigje, wylst se faak saneamde pom-poms yn 'e hannen hâlde om mei te skodzjen en te swaaien.
Skiednis
Cheerleading begûn yn 1877, en wie lang in ferskynsel dêr't útslutend jonges en manlju oan diene. Pas yn 1923 wie de Universiteit fan Minnesota de earste Amerikaanske ynstelling foar heger ûnderwiis dy't famkes taliet ta syn cheerleadingtiim. Hjoed de dei wurdt cheerleading almeast sjoen as wat typysk frouliks, en wurde jonges of manlju dy't deroan dogge faak net alhiel foar fol oansjoen. Yn 1950 waard de earste organisaasje foar profesjoneel cheerleading oprjochte. Tsjintwurdich wurdt cheerleading, fral yn 'e Feriene Steaten, beskôge as in sport op himsels.
Fersprieding en erkenning
Yn 'e Feriene Steaten heart cheerleading ta de mainstream-kultuer en binne populêre famkes op 'e middelbere skoalle lid fan it cheerleadingtiim, krekt sa't de populêre jonges lid binne fan ien fan 'e sporttiims fan 'e skoalle. Bûten de Feriene Steaten is cheerleading in marzjinaal maatskiplik ferskynsel, dat lykwols yn 2007 dochs troch nei skatting yn totaal 100.000 dielnimmers beoefene waard yn Austraalje, Dútslân, Finlân, Frankryk, Grut-Brittanje, Japan, Nederlân, Nij-Seelân, Kanada, Kolombia en Sina. Fral troch de populêre Amerikaanske spylfilm Bring It On, út 2000, oer in cheerleadingtiim dat meidocht oan in profesjonele kompetysje, hat it cheerleaden bûten de Feriene Steaten in flinke ympuls krigen. Yn 2016 waard cheerleading troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) as Olympyske sport erkend, wat de doar iepene nei it opnimmen fan cheerleading yn 'e Olympyske Simmerspullen.[1]
Behanneling fan cheerleaders
Yn it foarjier fan 2018 kaam yn it bredere ramt fan it Me Too-skandaal oan it ljocht dat cheerleaders fan grutte teams yn 'e NFL, de Amerikaanske kompetysje fan it Amerikaansk fuotbal, faak min betelle en behannele wurde. Wylst de spilers faak miljoenen fertsjinje, moatte de dûnseressen it dwaan mei $10,25 (minder as €9) yn 'e oere. Trochdat trenings en fotosesjes faak hielendal net betelle wurde, komt it lean úteinlik op mar $3 oant $5 yn 'e oere út.[1]
Ek wurde cheerleaders ûnderwurpen oan drakoanyske maatregels dy't net foar manlike spilers jilde. Bailey Davis, cheerleader fan 'e New Orleans Saints, waard ûntslein doe't se in foto fan harsels yn in kanten bodysuit op Instagram pleatste dy't "ûnfoechsum" wêze soe, wylst se der folle minder bleat op stie as op 'e bikinykalinder dy't de Saints elts jier fan 'e cheerleaders útbringe.[1] En Kristann Ann Ware rekke har baan by de Miami Dolphins kwyt om't se yn in petear yn 'e spilersbus oanjûn hie dat se gjin seks foar it houlik hawwe woe. De lieding fan it team fûn dat sok religieus gedoch de fantasij oer cheerleaders bedoar, wylst se sels by eltse wedstryd in predikant fregen om mei it team te bidden.[1]
Fierders wurde cheerleaders troch harren wurkjouwers ek moedwillich yn sitewaasjes brocht dêr't yntimidaasje en seksueel misbrûk op 'e loer lizze. Sa moasten de cheerleaders fan 'e Washington Redskins yn 2013 yn in resort yn Kosta Rika yn it bywêzen fan 'e (manlike) sponsors út 'e klean foar in topless fotoshoot. Neitiid moasten inkele cheerleaders de hearen beselskipje by in besyk oan in nachtklub, wylst se earder ek alris op bestelling nei it hûs fan in (rike) fan stjoerd wiene om foar him in priveedûnske op te fieren.[1]
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.