From Wikipedia, the free encyclopedia
De term topless (út it Ingelsk; letterlik: "sûnder boppestikje") wurdt ornaris brûkt om oan te jaan dat in frou har boppelichem (te witten har boarsten) ûntbleate hat. Almeast wurdt dêrby ferwiist nei it sinnebaaien, yn 'e regel op in strân, dêr't soks net-eroatysk fan aard is. Dêrby giet it eins hast altyd om froulju yn bikiny, dy't it boppestikje útdien hawwe; dêrfandinne topless ("top(ke)-leas").
Yn it ferlingde hjirfan wurdt de oantsjutting topless ek wol brûkt foar alle sitewaasjes wêrby't froulju de boarsten ûntbleate hawwe. Yn guon sitewaasjes giet it dêrby om eksplisite seksualiteit, lykas yn guon bars en nachtklubs, dêr't de servearsters topless wurkje. Der binne lykwols ek in protte net-seksuële gefallen, lykas yn guon tradisjonele kultueren yn Afrika, Aazje, Oseaanje en de Amearika's, dêr't it foar froulju wizânsje is om topless te wêzen. Yn Afrika wie dit sa by in protte folken en komt it by tradisjonele plechtichheden noch altyd foar by û.m. de Sûlû en Swazy fan Súdlik Afrika. By folken lykas de Himba, fan Namybje en Angoala, dy't noch altyd amper kontakt mei de bûtenwrâld hawwe, rinne de froulju der noch eltse dei sa hinne. Yn Aazje stiene foarhinne de (legere kasten fan 'e) Malajaly fan súdlik Yndia, en ek de Tai en fral de Balinezen derom bekend, yn Oseaanje de Tahitianen en yn Noard-Amearika û.m. de Witsjita (Wichita) fan 'e súdlike Grutte Flakten. Pas nei't Westerske misjonarissen sokke gebieten berikten, waarden sokke gebrûken seksualisearre (en nei ferrin fan tiid útband). Tsjintwurdich wurdt topless-heid soms troch aktivisten oangrepen as feministysk symboal om 'e eigen seksualiteit en it selsbeskikkingsrjocht fan froulju op te easkjen, sa't de Oekraynske protestgroep FEMEN docht.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.