From Wikipedia, the free encyclopedia
Apollonia van Ravenstein (Geldrop, 12 augustus 1952) is in rêstend Nederlânsk model en aktrise fan Brabânsk komôf. Hja belibbe har heechtijdagen yn 'e 1970-er en 1980-er jierren.
Apollonia van Ravenstein | ||
model | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Apollonia van Ravenstein | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 12 augustus 1952 | |
berteplak | Geldrop (Noard-Brabân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Brabânsk | |
wurkpaad | ||
soarte model | fotomodel, mannekên | |
jierren aktyf | ±1970 – ±1995 | |
offisjele webside | ||
Apollonia van Ravenstein yn 'e IMDb |
Van Ravenstein waard yn 1952 berne yn it Noardbrabânske Geldrop. Begjin 1970-er jierren makke se karriêre as model, en yn 1972 reizge se ôf nei de Feriene Steaten, dêr't se jierrenlang wurke. Har heechtijdagen duorren oant de ein fan 'e 1980-er of it begjin fan 'e 1990-er jierren.
As fotomodel wurke se gear mei fotografen as Norman Parkinson, Richard Avedon en Irving Penn. Fotoreportaazjes fan har ferskynden yn in ferskaat oan tydskriften, wêrûnder Vogue en Magazine Ambiance. Yn 'e Feriene Steaten krige se in eksklusyf kontrakt fan 'e Amerikaanske edysje fan Vogue. Behalven as fotomodel wie Van Ravenstein ek aktyf as mannekên yn moadeshows. Yn Nederlân rekke se by it grutte publyk yn 't earstoan fral bekend mei in reklamespotsje foar in bekend merk shampoo wêryn't se har eigen namme neamde.
Njonken har wurkpaad stoarte Van Ravenstein har yn 'e Feriene Steaten yn it nachtlibben fan 'e high society, dêr't se in ferskaat oan ferneamde persoanen mette. Sa hie se kunde oan 'e keunstner Andy Warhol, dy't har tekene. Ek hie se in relaasje mei sjonger Mick Jagger fan 'e Rolling Stones en soe se it bêd dield hawwe mei akteur Jack Nicholson.
Yn juny 1978 posearre Van Ravenstein neaken foar it neakenblêd Playboy. Yn 'e 1980-er jierren wie se út en troch njonken har modellewurk aktyf as aktrise. Sa fertolke hja de titelrol yn 'e film Seraphita's Diary, út 1980. Yn 1986 hie se in roltsje yn 'e troch Anton Corbijn regissearre fideoklip fan it nûmer Quiet Eyes fan 'e Golden Earring.
Datselde jiers hie Van Ravenstein har bekendste rol, as Yolanda Kruisman, de faam fan soan Johnnie (spile troch Huub Stapel), yn 'e satiryske komeedzjefilm Flodder, fan regisseur Dick Maas. Omreden fan har Brabânske aksint waard har dialooch yn dy film lykwols yn 'e postproduksje neisyngronisearre mei de stim fan Tanneke Hartzuiker.
Ein 1990-er jierren troude Van Ravenstein mei in kaptein fan in cruiseskip. Sûnt befart se de wrâldseeën oan syn side en fungearret se as gastfrou en tolk oan board fan 'e cruiseskippen fan 'e Holland-Amerika Lijn.
Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1980 | Seraphita's Diary | Seraphita | |
1984 | Nothing Lasts Forever | Mara Hofmeier | |
1986 | Flodder | Yolanda Kruisman | neisyngronisearre mei de stim fan Tanneke Hartzuiker |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.