Under Brabânsk ferstiet men de measte as farianten fan it Nederlânsk beskôge dialekten dy't sprutsen wurde yn de provinsje Noard-Brabân en de Flaamske provinsjes Antwerpen en Flaamsk-Brabân. Fierders falle, rom definearre, ek it Súd-Geldersk en de dialekten fan noardlik Nederlânsk-Limburch en it Lân fan Hulst en westlik Belgysk-Limburch ûnder it Brabânsk. Yn it noardwesten fan Noard-Brabân (Willemstêd) sprekt men in Hollânsk dialekt, wylst de dialekten fan de doarpen Budel, Maarheeze en Soerendonk yn essinsje farianten binne fan it Limburchsk.
It Brabânsk is mei it Hollânsk de grutste groep Nederlânske haaddialekten. De earste wichtige foarming fan it Standertnederlânsk barde yn de 16e iuw yn Antwerpen. De standerttaal dy't doe foarme waard ûndergie benammen in soad Brabânske ynfloeden.
Skiednis
De Brabânske dialekten binne gjin minderheidstaal, mar Nederlânske dialekten, omdat it Brabânsk in grutte bydrage levere hat oan it ta stân kommen fan it Standertnederlânsk. Yn de 14e en 15e iuw binne Brussel, Mechelen en Antwerpen mei Gint en Brugge de stêden fan kwizekwânsje yn it Nederlânske taalgebiet, mar as yn de 16e iuw de wurding fan de standerttaal yn in streamfersnelling komt, wurdt it swiertepunt fan de Nederlannen wylst nei it noarden ferlein. Nei de fal fan Antwerpen (1585) yn de Tachtichjierrige Oarloch tusken Spanje en de Nederlannen flechten der lykwols sa’n. 150.000 Flamingen en Brabanders nei it noarden. Dêrtroch bliuwt ek nei de 15e iuw de ynfloed fan dialekten as it Antwerpsk op it Standertnederlânsk grut. Amsterdammer Joost van den Vondel wie in bern fan Antwerpske flechtlingen. Merk wol op dat it hjir giet om it Brabânsk út de stêden fan de provinsjes Flaamsk-Brabân en Antwerpen. It westen fan de provinsje Noard-Brabân rekke op it lêst fan de sechtjinde iuw sawat hielendal ûntfolke troch de oarloch. Letter waard it fannijs bewenne troch minsken út it suden, wat no de provinsje Antwerpen is. De dialekten fan it easten fan de provinsje Noard-Brabân hawwe lykwols net bydroegen oan it Standertnederlânsk. Net alle Brabânske dialekten, dat mar in pear Súd-Brabânske stedsdialekten hawwe in grutte bydrage levere oan it ta stân kommen fan it Standertnederlânsk.
Gebiet
Ta de Brabânske dialekten wurde de dialekten rekkene dy’t sprutsen wurde yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân en de Belgyske provinsjes Antwerpen en Flaamsk-Brabân. Fansels folgje de isoglossen net krekt de provinsjegrinzen. Sa hat Noard-Brabân trije dielgebietsjes wêr’t men net-Brabânske dialekten praat, ntl. de Westhoeke om Dinteloord hinne, dy’t mear Hollânsk is, Budel en omkriten, dat Dommellânsk (i.e. Noardwestlik Belgysk Limburchsk) is en it Lân fan Cuijk, wêr’t men Kleverlânsk sprekt en dat dus mear oanslút by noardlik Nederlânsk Limburch en súdeastlik Gelderlân. Boppedat binne der inkele oergongsgebieten wêr’t men gjin krekte grins lûke kin: benoarden eastlik Noard-Brabân leit de Bommelerwaard en de dialekten dêr lykje in hiel soad op de Brabânske dialekten besuden de Maas. Flaamsk-Brabân grinzet yn it westen oan it East-Flaamsk; yn de oergongssône, de Denderstreek, sprekt men ek min ofte mear Brabânsk. Yn it easten grinzet Flaamsk-Brabân oan Belgysk Limburch; yn dy oergongssône, it Getelân, sprekt men ek wer min ofte mear Brabânsk. Foar it gemak hâldt men yn dizze trije slimme gefallen mar de provinsjegrinzen oan, mar dialektologysk is soks net hielendal goed. Wichtige Brabânske dialektskaaimerken binne de ûmlaut, ferlytsingswurdfoarming mei -ke en omnamwurden yn de 2e persoan mei g- (ge, gij, gellie).
Oantal sprekkers
It oantal sprekkers is net bekend. Ter fergeliking: it ynwennertal fan de hjirboppe beskreaune gebieten: Noard-Brabân: 2.400.161 Antwerpen: 1.640.966 Flaamsk-Brabân: 1.018.403
Status
Brabânske dialekten wurde net as minderheidstaal erkend. Om dy reden is der ek gjin sprake fan standerdisearring fan it Brabânsk, oandacht foar dizze dialekten yn it ûnderwiis of brûken fan it Brabânsk yn formele sitewaasjes. Yn 1999 is der in referinsjestavering ûntwikkele foar alle Brabânske dialekten, gearstald troch fertsjintwurdigers út Noard-Brabân, Antwerpen en Flaamsk-Brabân.
Kultuer
Yn inkele gebieten is der in deeglike tradysje fan kabaret en muzyk yn it dialekt te konstatearjen; benammen yn de Meierij fan 's-Hertogenbosch, de stêden Antwerpen, Mechelen en Leuven en it Pajottenlân (Brussel en oanbuorjend westen) binne in soad foarfjochters fan it brûken fan dit dialekt. Yn oare kriten, lykas it easten fan de provinsje Antwerpen, it lân fan Heusden en Altena en noardwestlik Noard-Brabân, is dy tradysje der hast net.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.