It Amerikaansk Filmynstitút (Ingelsk: American Film Institute), ôfkoarte ta AFI, is in Amerikaanske non-profitorganisaasje dy't nije filmmakkers opliedt en war docht om 'e filmkeunst yn 'e Feriene Steaten te preservearjen troch it behearen fan in argyf, it útrikken fan prizen, it organisearjen fan filmfestivals en it fertoanen fan histoaryske films. It ynstitút hat de bestjoersfoam fan in feriening en finansiert syn wurk út 'e kontribúsje fan syn leden en troch jeften fan donateurs.

Fluch de feiten
Amerikaansk Filmynstitút
American Film Institute
Thumb
algemiene ynformaasje
ôfkoartingAFI
nasjonaliteit Amerikaansk
type org.feriening
wurkmêdfilm
haadkertierLos Angeles (Kalifornje)
off. taalIngelsk
oprjochte1967
orgaanAmerican Film
aktyf ynde Feriene Steaten
offisjele webside
www.afi.com
Slute

Skiednis

De wetlike grûnslach foar it Amerikaansk Filmynstitút waard yn 1965 lein troch in presidinsjeel mandaat fan 'e Amerikaanske presidint Lyndon B. Johnson foar it foarmjen fan in nasjonale organisaasje foar it behâld fan 'e Amerikaanske filmkeunst. Yn 1967 waard op basis dêrfan (en nei foarbyld fan it âldere Britsk Filmynstitút) it Amerikaansk Filmynstitút oprjochte, mei de stipe fan 'e National Endowment for the Arts, de Motion Picture Association of America en de Ford Foundation. Yn 'e oarspronklike, 22 leden tellende ried fan kommissarissen hiene û.o. de akteurs Gregory Peck en Sidney Poitier, regisseur Francis Ford Coppola en filmhistoarikus Arthur Schlesinger jr. sit.

As ien fan syn earste dieden foarme it Amerikaansk Filmynstitút in trainingsprogramma foar filmmakkers dat doedestiden bekend stie as it Center for Advanced Film Studies en dêr't letter it AFI Konservatoarium út fuortkaam. Oar wurk út 'e iere jierren fan it ynstitút wiene in filmútstalling yn it Kennedy Sintrum foar de Poadiumkeunsten yn Washington, D.C., en de tastânkomming fan 'e AFI Catalog of Feature Films, in database fan 'e Amerikaanske filmskiednis dy't as boarne foar wittenskiplik ûndersyk tsjinje koe. Yn 1981 betriek it Amerikaansk Filmynstitút syn hjoeddeistige haadkertier yn Hollywood. De filmútstalling waard ferhuze nei it histoaryske AFI Silver Theatre and Cultural Center yn Silver Spring, in foarstêd fan Washington, D.C.

Aktiviteiten

AFI Konservatoarium

It AFI Konservatoarium, dat yn 1969 oprjochte waard, is in trainingsprogramma foar nije filmmakkers en in akkreditearre oplieding fan it Amerikaansk heger ûnderwiis. It is fêstige yn 'e Greystone Mansion yn Beverly Hills, en fersoarget lesprogramma's yn seis fakmêden: rezjy, kamerarezjy, filmmontaazje, filmproduksje, produksje-ûntwerp en senarioskriuwen. Talitting ta it AFI Konservatoarium is tige selektyf, mei't der jiers mar 140 nije studinten oannommen wurde.

AFI Catalog of Feature Films

De AFI Catalog of Feature Films, dêr't yn 1968 mei úteinset waard, is in filmografyske database fan 'e Amerikaanske filmskiednis, dy't oarspronklik yn boekfoarm útbrocht waard, mar tsjintwurdich inkeld noch yn digitale foarm bestiet. It is bedoeld as helpmiddel foar wittenskiplik ûndersyk troch filmhistoarisy. De katalogus omfettet mear as 60.000 lemma's foar lange films en dêropta nochris 17.000 lemma's foar koarte films.

AFI Awards

De AFI Awards binne prizen dy't sûnt 2000 elts jier troch it Amerikaansk Filmynstitút útrikt wurde foar de tsien as treflikst beoardiele "films fan it jier" en de tsien as treflikst beoardiele "tillefyzjeprogramma's fan it jier". De prizen hawwe in net-kompetatyf karakter en kenne dus gjin ôf- of oprinnende rangoarder. De winners fan 'e AFI Awards wurde yn desimber bekendmakke en de prizen wurde yn jannewaris feestlik útrikt by in besletten diner. It Amerikaansk Filmynstitút rikt ek de AFI Life Achievement Award út, in oeuvrepriis, en foarhinne (fan 1986 oant en mei 1996) de Maya Deren Award foar ûnôfhinklike films.

Ranglisten

It Amerikaansk Filmynstitút publisearret de AFI 100 Years…-searje, dy't bestiet út ranglisten fan films fan beskate sjenres, lykas komeedzjefilms, westerns of filmmusicals. De listen wurde gearstald troch in faksjuery fan 1.500 filmmakkers, filmûndersikers, filmkritisy en filmhistoarisy.

Filmfestivals

It Amerikaansk Filmynstitút organisearret twa filmfestivals: it AFI Fest yn Los Angeles en AFI Docs yn Washington, D.C. Op it AFI Fest wurde de treflikste films en filmmakkers fan it foargeande jier yn it sintsje set. De Academy of Motion Picture Arts and Sciences (AMPAS), dat de Oscars útrikt, erkent it AFI Fest as in kwalifisearjende festival foar de Oscar-kategory fan koarte films. AFI Docs (foarhinne Silverdocs neamd, doe't it noch yn yn Silver Spring holden waard) is in filmfestival foar dokumintêres.

AFI Silver Theatre and Cultural Center

It AFI Silver Theatre and Cultural Center is in útstalling en edukatyf en kultureel sintrum yn Silver Spring (Marylân), deunby Washington, D.C. Dêr wurde filmfertoanings holden, is fideokeunst te sjen, en wurde ek fraachpetearen mei filmmakkers, paneldiskusjes en muzykoptredens organisearre.

Oare aktiviteiten

Fierders hat it Amerikaansk Filmynstitút in eigen orgaan, American Film, dêr't nije films yn behannele mar ek âlde filmklassikers yn besprutsen wurde. Fan 1975 oant en mei 1992 ferskynde it yn papierrene foarm, en sûnt 2012 bestiet it wet, mar no útslutend yn in digitale foarm op 'e webside fan it Amerikaansk Filmynstitút. De Directing Workshop for Women is in trainingsprogramma fan it Amerikaansk Filmynstitút dat him taleit op it oplieden fan froulike filmmakkers, mei as doel om it oerwicht fan manlju yn 'e filmyndustry tsjin te gean. Yn 'e AFI Directors Series produseare en publisearre it Amerikaansk Filmynstitút fan 1997 oant 2001 in rige dokumintêres oer it wurkpaad fan bekende regisseurs, lykas James Cameron, Clint Eastwood, Miloš Forman, Spike Lee, Sydney Pollack, Martin Scorsese, Steven Spielberg en Robert Zemeckis.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.