From Wikipedia, the free encyclopedia
Tiffany Mynx, echte namme: Shannon Colleen Cummings (Upland (Kalifornje), 10 oktober 1971), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan etnysk Iersk komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Angelica en Shannon, en har bekendste skûlnamme wurdt ek wol misstavere as Tiffany Minx. Neffens har offisjele opjefte is Mynx 1.61 m lang, mei in gewicht fan 55 kg. Se hat kupmaat 34DD, wêrfoar't se yn 1998 in boarstfergruttingsoperaasje ûndergie; lykwols stiet se benammen bekend om har grouwe stuten, dy't foar pornoprodusint Patrick Collins, de direkteur fan 'e studio Elegant Angel, yn 1997 oanlieding wiene om har de bynamme Buttwoman ("Kontfrou", in wurdspiling op 'e superheldinne Catwoman) te jaan.
Tiffany Mynx | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Tiffany Minx, Angelica, Shannon | |
echte namme | Shannon Colleen Cummings | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 oktober 1971 | |
berteplak | Upland (Kalifornje) | |
etnisiteit | Iersk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, pornoregisseur, pornoprodusint | |
jierren aktyf | 1992 – no | |
offisjele webside | ||
www.tiffanymynxonline.com |
Mynx waard yn 1971 berne yn it Kalifornyske plak Upland. Sysels en har jongere broer waard grutbrocht yn Orange County, ûnder de reek fan Los Angeles. Mei santjin jier gie se út 'e hûs en krige se in relaasje dy't bol stie fan it húslik geweld. Dêrút waard ek har earste bern, in soan, berne. Uteinlik slagge it Mynx om har begjin njoggentiger jierren los te meitsjen út dizze relaasje, en doe loek se yn Los Angeles yn by har beppe.
Yn Los Angeles sette Mynx útein mei wurk as stripper, om yn it ûnderhâld fan harsels en har soan te foarsjen. Har earste wurk foar de kamera wie yn in fideo foar it label Penthouse, dêr't se foar út 'e klean gie. Yn febrewaris 1992, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film The DJ, foar de fulmstudio VCA Pictures. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Mynx sûnt yn mear as 425 ûnderskate pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Adam & Eve, Hustler Video, Red Light District, Anabolic Video, Elegant Angel, Jules Jordan Video en Sin City.
Ek hat hja wol foar minder bekende studio's wurke, wêrûnder Extreme Associates en West Coast Productions, wylst hja sûnt likernôch 2005 ek in protte yn 't spier west hat foar pornosites op it ynternet, lykas Brazzers, Reality Kings en BlacksOnBlondes. Begjin jierren njoggentich spile Mynx ek yn twa Jeropeeske films mei har kollega Sarah Young, dy't makke waarden troch de Dútske produsint Sascha Alexander. Mei har aktearjen hat Mynx ferskate prizen binnenhelle. Sa wûn se yn 1994 de AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste anale sekssêne foar har rol yn 'e film Sodomania 5: Euro/American Style, en wûn se yn 2007 nochris in AVN Award, diskear yn 'e kategory bêste match yn in sekssêne, tegearre mei akteur Manuel Ferrara. Fierders waard Mynx yn 2001 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame, en twa jier letter as lid fan 'e XRCO Hall of Fame.
Njonken har aktearwurk hat Mynx fan 1997 oant 2000 ek as regisseur aktyf west, wêrby't hja sân films makke. Trije dêrfan (de Cheek to Cheek-trilogy) waarden útbrocht troch Elegant Angel, wylst trije oaren publisearre waarden troch Mynx har eigen produksjestudio's Tiffany Mynx Productions en Pagan Productions. Foar de film Asswoman in Wonderland (1998) ûntwurp se ek in diel fan 'e kostúms. Behalven har beide produksjemaatskippijen runt Mynx ek har eigen webside, TiffanyMynxOnline.com. Fierders posearret se geregeldwei foar neakenblêden, lykas Fox, Chéri en Club.
As tiner rekke Tiffany Mynx finzen yn in relaasje mei in man dy't har mishannele. Ut dy relaasje waard begjin jierren njoggentich har earste soan berne. Yn 1995 troude Mynx mei kollega-pornoakteur Cody Adams, mei wa't se yn 1997 in twadde soan krige, foar't it houlik yn 1998 einige yn in skieding. Neitiid tekene Mynx in kontrakt mei de studio Elegant Angel en liet se har boarsten fergrutsje. Yn 2007, doe't se yn Las Vegas wenne, krige se in trêde bern mei har twadde man.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
1994 | AVN Award | wûn | bêste anale sekssêne (fideo) (mei Kitty Yung en Randy West) | Sodomania 5: Euro/American Style |
FOXE Award | wûn | favorite froulike artyst (mei Nikki Dial en Ashlyn Gere) | n.f.t. | |
1998 | XRCO Award | wûn | bêste lesbyske sekssêne (mei Jeanna Fine en Stephanie Swift) | Miscreants |
1998 | FOXE Award | wûn | favorite froulike artyst (mei Jenna Jameson Stephanie Swift en Stacey Valentine) | n.f.t. |
1999 | XRCO Award | wûn | bêste groepsekssêne (mei Iroc, Michael Stefano, Stryc-9 en Van Damage) | Asswoman in Wonderland |
2001 | AVN Award | ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. |
2003 | XRCO Award | ynhuldige | XRCO Hall of Fame | n.f.t. |
2005 | AVN Award | nominearre | bêste orale sekssêne (fideo) (mei Roxy Jezel en Brandon Iron) | Tales from the Crack |
2006 | AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptease | Butt BlASSted! |
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Mandingo) | Tiffany & Cumpany | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (fideo)(mei Tony T.) | Butt BlASSted! | ||
2007 | AVN Award | wûn | bêste match yn in sekssêne (fideo) (mei Manuel Ferrara) | Slave Dolls 2 |
2010 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Lexington Steele) | Lex the Impaler 4 |
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei James Deen en Mr. Pete) | No Cum Dodging Allowed 10 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.