From Wikipedia, the free encyclopedia
VCA Pictures, soms ôfkoarte ta VCA, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Beverly Hills, yn 'e steat Kalifornje. It is ien fan 'e âldere pornostudio's, dy't yn 1978 oprjochte waard troch Russ Hampshire, en dy't ien fan 'e wichtichste spilers yn 'e Amerikaanske pornoyndustry wie yn it saneamde Goudene Tiidrek fan de Porno (fan omtrint 1978 oant it útbrekken fan 'e AIDS-epidemy om 1984 hinne).
VCA Pictures | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | pornografyske filmstudio | |
haadkertier | Beverly Hills (Kalifornje) | |
oprjochte | 1978 | |
oprjochter | Russ Hampshire | |
eigner | Hustler Video | |
offisjele webside | ||
www.vcaxxx.com |
Yn 'e santiger en tachtiger jierren konsintrearre VCA him op it meitsjen fan big budget-pornofilms mei in plot, oftewol de saneamde feature films. Yn 1982 giene der op 'e earste dei fan 'e ferkeap tolvetûzen eksimplaren fan 'e VCA-film Insatiable oer de toanbank, wat dy ta de bêstferkeapjende fideo fan dat jier makke (mainstream-films ynbegrepen).
Fan 'e ein fan 'e jierren tachtich ôf begûn VCA stadichoan wat yn it neigean te reitsjen, hoewol't it yn 'e jierren njoggentich noch in soad prizen wûn foar films as Sex en Latex. Yn 2003, doe't de studio al lang net mear ta de top hearde, waard er oernommen troch Hustler Video, in dochterûndernimming fan Larry Flynt Productions, it porno-concern fan Larry Flynt. Binnen dat konglomeraat hat VCA in selsstannige identiteit witten te bewarjen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.