film út 1991 fan James Cameron From Wikipedia, the free encyclopedia
Terminator 2: Judgment Day, ek wol koartwei Terminator 2 neamd, is in Amerikaansk-Frânske science fiction-aksjefilm út 1991 ûnder rezjy fan James Cameron, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Linda Hamilton, Robert Patrick en Edward Furlong. De titel betsjut "Beëiniger 2: Oardielsdei". It wie it twadde diel út 'e Terminator-filmsearje, nei The Terminator, út 1984.
Terminator 2: Judgment Day | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | James Cameron | |
produsint | James Cameron Gale Anne Hurd | |
útfierend produsint | Mario Kassar | |
senario | James Cameron William Wisher | |
kamerarezjy | Adam Greenberg | |
muzyk | Brad Fiedel | |
filmstudio | TriStar Pictures Pacific Western Productions Carolco Pictures Lightstorm Entertainment StudioCanal | |
distribúsje | Columbia Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Arnold Schwarzenegger Linda Hamilton Robert Patrick Edward Furlong | |
voice-over | Linda Hamilton | |
byrollen | Joe Morton Earl Boen Cástulo Guerra S. Epatha Merkerson Jenette Goldstein Xander Berkeley | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Frankryk | |
premiêre | 1 july 1991 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-aksjefilm | |
taal | Ingelsk (en in bytsje Spaansk) | |
spyltiid | 137 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $102 miljoen | |
opbringst | $519,8 miljoen | |
prizen | 4 × Oscar 2 × BAFTA 5 × Saturn Award 1 × Hugo Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Terminator | |
● foarich diel | The Terminator | |
● folgjend diel | Terminator 3: Rise of the Machines |
It ferhaal giet oer de jonge John Connor, dy't yn 'e takomst de lieder fan it minsklik ferset wurde sil yn 'e oarloch tsjin in leger fan masines dat oanstjoerd wurdt troch de keunstmjittige yntelliginsje Skynet. Om syn tsjinstanner út te skeakeljen foar't er syn posysje berikke kin, stjoert Skynet jitris in robot werom yn 'e tiid om 'e jonge Connor te deadzjen, mar op 'e nij wit it ferset in beskermer werom te stjoeren om Connor te rêden. Dan is it inkeld noch de fraach wa fan beiden him it earst berikke sil.
De special effects fan Terminator 2: Judgment Day wiene baanbrekkend; sa waarden yn dizze film foar it earst yn 'e filmskiednis motion capture-techniken brûkt. Fan 'e filmkritisy krige Terminator 2: Judgment Day oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. De film wûn fjouwer Oscars, twa BAFTA's, fiif Saturn Awards en in Hugo Award, en wurdt beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms ea makke. Yn 2003 ferskynde in trêde diel yn deselde rige, mei as titel Terminator 3: Rise of the Machines.
Yn 2029 wurdt de Ierde oerhearske troch it Skynet, in keunstmjittige yntelliginsje dy't begûn is as in avansearre kompjûtersysteem. Nei't it op 29 augustus 1997 selsbewustwêzen krige, besleat it dat de minskheid in gefaar foar syn fuortbestean foarme dat útrûge wurde moast. It begie dy deis in genoside troch in kearnoarloch út te lokjen wêrby't mear as trije miljard minsken omkamen. De oerlibbenen neamden dat barren de 'Oardielsdei' ("Judgment Day"). Neitiid ûntjoech der him in oarloch tusken it leger troch Skynet oanstjoerde masines en it restant fan 'e minskheid, dy't him yn it foardiel fan Skynet ûntwikkele oant John Connor it befel oer it minsklik ferset oernaam.
Skynet boude in masine foar tiidreizgjen en stjoerde de Terminator, in cyborg mei in metalen skelet oerdutsen troch libben weefsel dy't it oansjen fan in minske hie, werom yn 'e tiid nei 1984 om Connor syn mem Sarah de deadzjen noch foar't se fan him yn ferwachting reitsje koe. It ferset ferovere lykwols de fasiliteit foar tiidreizgjen en Connor stjoerde in frijwilliger, Kyle Reese, werom yn 'e tiid om syn mem (en dêrmei himsels) te rêden. Sarah en Reese rekken fereale en brochten ien nacht mei-inoar troch foar't Reese omkaam yn 'e striid mei de Terminator. Dyselde faalde lykwols yn syn opset en waard ferneatige (sjoch: The Terminator). Neitiid bliek Sarah swier te wêzen.
Yn 1995 wennet de teenager John Connor yn Los Angeles by pleechâlden Todd en Janelle Voight. Syn mem Sarah is opnommen yn in psychiatrysk sikehûs nei't se besocht hat in bomoanslach út te fieren op it fabryk fan kompjûterprodusint Cyberdyne Systems. Hja hat him syn hiele libben taret op syn takomstige rol as lieder fan it minsklik ferset yn 'e oarloch tsjin 'e masines, mar om't er it fan alle kanten te hearren krigen hat, is John begûn te leauwen dat syn mem sljochtsinnich is. Hy is der sadwaande fan oertsjûge rekke dat al har ferhalen neat oars as paranoïde optinksels binne. Nei de eardere mislearring besiket Skynet it op 'e nij en stjoert jitris in Terminator werom yn 'e tiid. It slagget Connor-en-dy om dêr wer in eigen beskermer efteroan te stjoeren.
De nije cyborg dy't troch Skynet stjoerd wurdt, is in T-1000, in avansearre prototype makke fan in mimetyske mearfâldige legearing dy't oantsjut wurdt as 'floeiber metaal'. It ding kin dêrom de foarm oannimme fan elts mooglik foarwerp fan gelikense grutte. It kin ek syn earms of oare lichemsdielen feroarje yn blanke wapens lykas swurden en daggen, mar net yn fjoerwapens, om't dat apparaten mei bewegende dielen binne. De T-1000 deadet nei oankomst yn 1995 in plysjeman, stelt syn plysje-auto en nimt de foarm fan in man yn plysje-unifoarm oan. Underwilens arrivearret ek John syn beskermer yn 1995: in ferâldere, troch it ferset werprogrammearre T-800 Model 101 Terminator, dy't der krekt sa útsjocht as de Terminator dy't yn 1984 stjoerd waard om Sarah Connor te fermoardzjen. Hy giet nei in kroech dy't besocht wurdt troch ûnhuere motorriders, mishannelet dêr in groepke fan dyselden en stelt de klean, wapens en motorfyts fan ien harren.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De Terminator en de T-1000 folgje allebeide it spoar fan 'e noch yn loksillige ûnwittendheid ferkearende John nei in winkelsintrum, dêr't de T-1000 him it earst gewaar wurdt. Om't John net fiis fan wat stellerij is, naait er út foar wat er tinkt dat in plysje is. Dêrby rint er de Terminator tsjin it liif, dy't de T-1000 sa lang opkeart dat John op syn brommer ûntsnappe kin. De T-1000 kaapt in passearjende truck, wêrmei't er John efterfolget troch in drûchsteand ôffierkanaal foar wetteroerskotten, dat dwers troch Los Angeles rint. As John op it punt stiet om deariden te wurden, ferskynt de Terminator op syn motor, dy't him it libben rêdt. De truck riidt tepletter tsjin in te behindige brêge oan, mar de T-1000 oerlibbet it sûnder ek mar de minste skea op te rinnen.
Neitiid leit de Terminator oan John út wat der oan 'e hân is, en John moat eefkes bekomme as er beseft dat alles dat syn mem him ferteld hat dus dochs wier is. Ut in tillefoantsje nei syn pleechâlden meitsje John en de Terminator op dat de T-1000 Todd en Janelle fermoarde hat en John dêre no opwachtet wylst er de foarm en stim fan Janelle oannommen hat. Om't John bang is dat de T-1000 ek syn biologyske mem fermoardzje sil, oarderet er de Terminator om him te helpen om Sarah út it psychiatrysk sikehûs te befrijen.
Underwilens is yn it psychiatrysk sikehûs de plysje by Sarah op besite west, mei't deselde man dy't yn 1984 in hiel plysjeburo útmoarde (sjoch: The Terminator) dy middeis troch befeiligingskamera's filme is by in sjitpartij yn in winkelsintrum. Se wolle fan har witte wa't er is en wêr't se him fine kinne, mar Sarah, dy't beseft dat Skynet wer in nije Terminator stjoerd hawwe moat, hâldt har fan 'e domme en drukt in paperclip efteroer. Dy jûns brûkt se dy om 'e boeiens dêr't se mei oan har bêd fêstset is, los te meitsjen, en de doar fan har sel fan 't slot te krijen. Se slacht in sadistyske bewekker yninoar en stelt syn kaaibosk om dêrnei de selsynnommen psychiater Peter Silberman yn gizeling te nimmen. It slagget har op in hier nei om út te brekken, mar dan ferskynt de T-1000 yn it psychiatrysk sikehûs, dy't in nachtwachter deamakket en syn identiteit oannimt.
John en de Terminator arrivearje krekt op 'e tiid om Sarah te rêden, en trijeresom flechtsje se yn in stellen plysje-auto. Underweis ljochtet de Terminator John en Sarah yn oer de skiednis fan Cyberdyne Systems en de wittenskipper Miles Dyson, dy't mei koarten in technologyske trochbraak boeke sil dy't de basis foarmje sil foar de fierdere ûntwikkeling fan Skynet. Se bejouwe har nei in âlde freon fan Sarah, de Latino Enrique Salceda, dy't mei syn húshâlding deunby de Meksikaanske grins wennet. Op it terrein fan syn autosloperij hat Sarah in grut ûndergrûnsk arsenaal fjoerwapens ferskûle, sadat sy, John en de Terminator harren bewapenje kinne. It is de bedoeling om dy jûns nei it fallen fan it tsjuster oer de grins te flechtsjen, mar nei't se, yn 'e sliep weisakke, in nachtmerje oer de Oardielsdei kriget, betinkt Sarah har. Se lit Enrique it boadskip oan John en de Terminator oerbringe om harren oan it plan te hâlden en de grins oer te gean om wei te wurden yn Midden-Amearika, mar sels keart se werom nei Los Angeles om te besyken de Oardielsdei tsjin te kearen.
As John ûntdekt dat syn mem fuort is, riddenearret er maklik út dat se fan doel is om Miles Dyson te fermoardzjen ear't er syn baanbrekkend ûndersyk ôfrûnje kin. Hy en de Terminator sette har efternei om har tsjin te hâlden, om't je, sa leart John de cyborg, no ienris net samar minsken fermoardzje kinne. Sarah berikt de filla fan Dyson it earst, dêr't se him deasjitte wol foar de eagen fan syn frou Tarissa en syn jonge soan Danny. As it derop oankomt, kin se it lykwols net oer har hert ferkrije, al rekket se him wol yn it skouder en sjit se mei har mitrailleur út klearebare frustraasje syn studearkeamer oan grôt. John en de Terminator arrivearje yn 'e neisleep fan alle drama, wêrnei't de Terminator troch de ienfâldige, mar ysbaarlike, metoade om it libbene weefsel fan ien fan syn earms te strûpen sadat syn metalen skelet sichtber wurdt, Dyson derfan oertsjûget dat er yndie út 'e takomst komt. De Terminator fertelt Dyson dêrnei oer de takomstige konsekwinsjes fan syn wurk, dy't him oant yn 'e kearn fan syn wêzen skokke.
Dyson wol fuortendaliks ûntslach nimme, mar Sarah makket him dúdlik dat it dêr net mei takin. As in oar gewoan syn funksje oernimt, sjit net ien dêr wat mei op. Al syn wurk moat ferneatige wurde. Dyson fertelt dat it meastepart fan syn ûndersyk basearre is op reverse engineering fan 'e skansearre mikroprosessor en de ûnskansearre rjochterearm fan 'e Terminator út 1984, dy't nei Sarah har finale konfrontaasje mei de cyborg yn it fabryk weromfûn binne. Om dy beide foarwerpen en syn ûndersykswurk te ferneatigjen, brekke Dyson, Sarah, John en de Terminator dyselde jûns noch yn by Cyberdyne Systems, dêr't se de mikroprosessor en de eam út 'e klûs helje en eksplosiven yn it kantoargebou en laboratoarium oanbringe. De oermastere befeiligingslju witte lykwols los te kommen en skilje de plysje, dy't mei mannemacht arrivearret. As de mobile ienheid it gebou binnenkringt, wurdt Dyson trochsingele mei kûgels, mar mei in deademansknop bringt er de springstofladings ta ûntploffing nei't Sarah, John, de Terminator en alle plysjes de ferdjipping ferlitten hawwe.
De Terminator, Sarah en John brekke yn in stellen plysjebuske troch de besingeling fan it kompleks hinne en spylje fan ruten, dêrby efterfolge troch de T-1000, dy't harren weromfûn hat troch de berjochten oer de plysjeradio te belústerjen. Diskear hat er in helikopter kaapt wêrmei't er leech oer grûn efter harren oan fljocht om harren te besjitten, mar dêr weeft de Terminator mei ôf troch op in stuit hurd op 'e rem te traapjen, sadat de helikopter te pletter fljocht tsjin 'e efterkant fan it buske oan. Hy ferliest dêrop lykwols de behearsking oer it stjoer, sadat it buske kantelet. Neitiid stelle John, de Terminator en Sarah, dy't in skotwûne oan har boppeskonk oprûn hat, in pick-uptruck, wylst de T-1000 in tankwein kaapt dy't laden is mei floeibere stikstof. Se bedarje úteinlik yn in stielfabryk, dêr't de tankwein op 'e side rekket en iepenbrekt. De T-1000 rekket beferzen troch de stikstof, en as de Terminator him besjit mei in pistoal, brekt er yn hûnderten lytse brokjes útinoar.
Troch de hjitte fan 'e stielsmidderij ûntteie de brokstikken fan 'e T-1000 lykwols wer, wêrnei't se as floeiber metaal stadichoan wer nei-inoar ta begjinne te rinnen. Sarah, John en de Terminator flechtsje it fabryk yn, dêr't de Terminator de T-1000 besiket tsjin te hâlden yn in man-tsjin-mangefjocht. De T-1000 set de lofterearm fan 'e Terminator fêst tusken yn in swiere masine, mar de Terminator brekt mei in metalene stange syn earm ôf. Underwilens binne Sarah en John útinoar rekke. De T-1000 fynt Sarah en martelet har om har te twingen om John foar him te roppen, mar Sarah wegeret. As er har deadzje wol, springt de ienearmige Terminator him wer op 'e hûd, sadat Sarah fuortkomme kin. De T-1000 weeft no foargoed ôf mei de Terminator troch him de stange troch it boppeliif te slaan, wernei't it reade ljocht yn it each fan 'e Terminator, dêr't ûnderwilens it libbene weefsel ôfskrabe is, útdôvet.
Neitiid nimt de T-1000 de foarm fan Sarah oan en ropt oan John om help. John ferlit syn skûlplak om syn mem te helpen. Underwilens giet it reade ljocht yn it each fan 'e Terminator wer oan as syn systeem oerskeakelet op in alternative enerzjyboarne. Hy skuort de stange út syn lichem en giet krûpendewei efter de T-1000 oan. John sjocht wat er tinkt dat syn mem is, mar ear't er by har komme kin, komt syn echte mem om 'e hoeke efter har wjergader, dy't de T-1000 blykt te wêzen. Mei in ôfseage jachtgewear driuwt se de cyborg mei elts skot in stapke efterút, oant er op it lêst op 'e râne fan in grut fet fol smolten stiel balansearret. Sarah komt ien patroan te koart om him oer it rântsje himme te triuwen. As de T-1000 har lykwols wer te liif wol, ferskynt de Terminator lizzend op in rinnende bân, dy't de T-1000 rekket mei in skot út in M79-granaatsmiter. Dêrtroch trûdelet de T-1000 yn it fet smolten stiel, dêr't er nei in lugubere deadstriid yn oplost. John smyt de mikroprosessor en de earm fan 'e Terminator út 1984 derefteroan.
Sarah jout utering oan har ferromming dat de hiele lijenswei no foarby is, mar de Terminator seit dat it nea alhiel foarby wêze sil as hysels net ek ferneatige wurdt. Oars soene wittenskippers troch reverse engineering ommers sýn ûnderdielen brûke kinne om 'e ûntwikkeling fan Skynet mooglik te meitsjen. Om't er net "selsbeëinigje" kin, freget er Sarah om him oan in keatling yn it smolten stiel sakje te litten. John, dy't de Terminator as in persoan en syn freon begûn is te sjen, krûpt him oan en smeket him om by him te bliuwen, mar de masine leit út dat dat net kin. As er yn 'e smolten stiel ferdwynt, jout de Terminator John noch in lêste tomme omheech. Sarah hat no foar it earst yn jierren wer hoop foar de takomst, want, sa beprakkesearret se yn in voice-over, "as in masine […] de wearde fan in minskelibben leare kin, dan kinne wy dat sels miskien ek wol."
personaazje | akteur/aktrise |
de Terminator | Arnold Schwarzenegger |
Sarah Connor / ferteller | Linda Hamilton |
de T-1000 | Robert Patrick |
John Connor | Edward Furlong |
personaazje | akteur/aktrise |
Miles Dyson | Joe Morton |
dokter Peter Silberman | Earl Boen |
Enrique Salceda | Cástulo Guerra |
Tarissa Dyson | S. Epatha Merkerson |
Janelle Voight | Jenette Goldstein |
Todd Voight | Xander Berkeley |
Tim | Danny Cooksey |
Douglas | Ken Gibbel |
Lewis de nachtwachter | Don Stanton |
Lewis as de T-1000 | Dan Stanton |
sigaarsmokende motorrider | Robert Winley |
Sarah Connor as de T-1000 | Leslie Hamilton Gearren |
Danny Dyson | DeVaughn Nixon |
Jolanda Salceda | Diane Rodriguez |
plysjeman | Tom McDonald |
nachtsuster | Gwenda Deacon |
Lloyd | Pete Schrum |
Bryant | Ennalls Berl |
Mossberg | Don Lake |
Weatherby | Richard Vidan |
befeiligingsman by klûs | Tony Simotes |
motorrider mei biljertkeu | Ron Young |
motorrider mei tatoeaazje | Charles Robert Brown |
Gibbons | Abdul Salaam El Razzac |
Moshler | Mike Muscat |
helikopterpiloat | Charles Tamburro |
âldere John Connor | Michael Edwards |
lieder mobile ienheid | Dean Norris |
sjauffeur pick-uptruck | J. Rob Jordan |
tankweinsjauffeur | Terrence Evans |
frachtweinsjauffeur | Shane Wilder |
technikus by Cyberdyne | Van Ling |
Kyle Reese | Michael Biehn (allinne yn 'e extended cut) |
Nei in trûblearre preproduksje dy't bol stie fan 'e juridyske skelen, krige begjin 1990 filmstudio Carolco Pictures fan produsint Mario Kassar de rjochten yn 'e hannen op it meitsjen fan it lang ferwachte ferfolch op 'e súksesfolle film The Terminator, út 1984. Dat klearre it paad foar de ferfilming fan in senario foar Terminator 2: Judgment Day, dat skreaun wie troch James Cameron en William Wisher, mei Cameron, dy't ek The Terminator makke hie, as regisseur. As produsinten wiene Cameron en Gale Anne Hurd by it projekt belutsen foar de filmstudio's TriStar Pictures, Pacific Western Productions, Carolco Pictures, Lightstorm Entertainment en it Frânske StudioCanal. Kassar krige de funksje fan útfierend produsint. Foar de film wie in budget beskikber fan $102 miljoen (15 kear safolle as foar The Terminator), wêrmei't Terminator 2: Judgment Day doe de djoerste film aller tiden wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Adam Greenberg.
Lang yn 't foar wie dúdlik dat Arnold Schwarzenegger foar Terminator 2: Judgment Day weromkeare moast yn syn trochbraakrol as de Terminator, want sûnder him hie it gjin sin om in ferfolchfilm te meitsjen. Senarioskriuwers Cameron en Wisher betochten boppedat in ferhaal wêryn't de Terminator diskear (ien fan) de protagonist(en) wie, ynstee fan 'e antagonist, lykas yn The Terminator. Foar syn spyljen yn Terminator 2: Judgment Day ûntfong Schwarzenegger neffens wat dêroer grute waard in salaris fan $15 miljoen, wêrfan $11 oant 12 miljoen yn 'e foarm fan in Gulfstream III-priveefleantúch. (Dat wie trije kear safolle as de $5 oant 6 miljoen dy't regisseur Cameron sels opstriek.)
Linda Hamilton spile op 'e nij de rol fan Sarah Connor, dy't se earder yn 1984 yn The Terminator ek fertolke hie. Hja krige diskear in salaris fan $1 miljoen útbetelle. Hamilton folge foar har rol trettjin wiken lang in strak skema wêrby't se trije oeren deis, seis dagen yn 'e wike mei har persoanlike coach Anthony Cortes trainde om har spiermassa te fergrutsjen. Dêropta folge se in healjier, oant de ein fan 'e opnamen, in dieet sûnder fetten dêr't se 5,4 kg fan ôffoel. Foar har aksjesênes waard se begelaat troch de eardere Israelyske kommando Uzi Gal.
Yn 'e sêne wêryn't de T-1000 de foarm fan Sarah Connor oannimt, wie Hamilton mei har (ornaris net-aktearjende) twillingsuster Leslie Hamilton Gearren te sjen. Gearren waard ek ynset foar in pear oare sênes dêr't twa Sarah Connors foar nedich wiene, lykas ien wêryn't Sarah en John de holle fan 'e Terminator reparearje. Utsein de sêne wêryn't de T-1000 Sarah neibeart, hellen dy bylden de bioskoopferzje fan 'e film net, mar yn 'e extended cut waarden se wol wer opnommen. Gearren, dy't oars as har suster net traind hie foar de rol, spilet dêrby hieltyd de Sarah dy't it fierst fan 'e kamera ôf stiet. In oare ienaaiïge twilling, Don en Dan Stanton, waard ynset foar in sêne wêryn't de T-1000 yn it psychiatrysk sikehûs de foarm fan in nachtwachter oannimt.
Yn 'e rol fan 'e jonge John Connor waard de 13-jierrige Edward Furlong cast. Dyselde waard troch casting director Mali Finn 'ûntdutsen' by in besyk oan 'e Boys and Girls Club yn Pasadena. Furlong hie gjin eardere ûnderfining mei aktearjen en hie foartiid ek nea oanstriid hân om akteur te wurden. Robert Patrick, dy't de T-1000 spile, waard troch Cameron foar de rol útornearre om't er licht boud en frij spjochtich wie, sadat er moai kontrastearre mei de poatige Schwarzenegger. Cameron omskreau dat sels mei de wurden: "As de [T-800] min ofte mear in minsklike […] tank is, dan moast de [T-1000] in Porsche wurde."
De opnamen foar Terminator 2: Judgment Day setten op 9 oktober 1990 útein en duorren 171 dagen, oant en mei 28 maart 1991. Filmlokaasjes wiene û.m. it drokbesochte winkelsintrum Santa Monica Place yn Santa Monica, de drûchsteande ôffierkanalen foar oerstallich reinwetter yn 'e San Fernandodelling yn Los Angeles, de snelwei tusken Los Angeles en Long Beach, ferskate oare plakken yn 'e stêdekloft fan Los Angeles, en de Mojavewoastyn by Fontana. Ek waard der filme yn Nij-Meksiko, wylst de bûtendoarshots fan it gebouwekompleks fan Cyberdyne Systems opnommen waarden by in kantoargebou yn Fremont.
Yn 'e postproduksje waard de filmmuzyk fersoarge troch Brad Fiedel. Ek waarden doe de special effects tafoege, wêrfan't de kompjûtergenerearre effekten oanmakke waarden troch it bedriuw Industrial Light and Magic (ILM) fan George Lucas. Mei de effekten foar Terminator 2: Judgment Day wiene 35 minsken mear as tsien moannen besteld. Nettsjinsteande dat beslane se yn totaal mar fiif minuten fan 'e film. Foar de special effects waarden foar dy tiid baanbrekkende techniken brûkt. Sa wie Terminator 2: Judgment Day de earste film dy't motion capture brûkte om special effects fan (yn dit gefal) de T-1000 natuerlike minsklike beweging te jaan.
De distribúsje fan Terminator 2: Judgment Day waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 1 july 1991 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 3 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 1 july 1991 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Terminator 2: Judgment Day waard yn novimber 1991 útbrocht as VHS-keapfideo. Op 24 novimber 1993 ferskynde op itselde medium de extended cut fan 'e film, mei as titel Terminator 2: Judgment Day – Special Edition. Dy befette 15 minuten mear byldmateriaal as de bioskoopferzje fan 'e film. De earste dvd-edysje fan 'e film kaam yn oktober 1997 út, en de earste blu-ray-edysje ferskynde yn 2006.
Fan 'e filmkritisy krige Terminator 2: Judgment Day rûnom loovjende resinsjes. Roger Ebert, dy't publisearre yn 'e Chicago Sun-Times, joech de film 31/2 fan 4 stjerren en priizge fral it aktearjen fan Arnold Schwarzenegger. Hy skreau: "It geniale oan Schwarzenegger as filmstjer is syn fermogen om rollen te finen dy't fuortbouwe op syn fysike en fokale karakteristiken ynstee fan dat se dertroch ûndermine wurde."
Ek Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune parte Terminator 2: Judgment Day 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "Tanksij wierlik spektakulêre en bytiden ferbjusterjende special effects, sawol as ferrassend goed aktearwurk, is dit in geweldige aksjefilm, dy't mear fermaak biedt as it orizjineel." Yn it tydskrift Time oardiele Richard Corliss folle minder posityf en neamde de film in "ûnmeugende, fizjonêre likenis, dy't út en troch boeit mar úteinlik teroarstelt."
Yn 'e ienentweintichste iuw wurdt Terminator 2: Judgment Day rûnom beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms dy't ea makke binne. De foaroansteande Amerikaanske kritikus Richard Roeper hat it dêrnjonken ek de bêste ferfolchfilm aller tiden neamd, dy't neffens him "it orizjineel op alle manearen oerstiget".
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Terminator 2: Judgment Day in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 69 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] befettet spannende aksjesênes en special effects dêr't jin de eagen suver fan út 'e holle springe, mar wat dizze science fiction-klassiker wier boppe oare films úttilt, is de djipte fan 'e minsklike (en cyborg-) personaazjes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Terminator 2: Judgment Day in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 22 resinsjes.
Terminator 2: Judgment Day brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $204,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $315,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $519,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $102 miljoen betsjut dat in winst fan $417,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Hoewol't Terminator 2: Judgment Day doedestiden de djoerste film aller tiden wie,¹ hiene de produsinten de produksjekosten der al foar trijefjirde part út noch foar't de film yn 'e bioskopen kaam. Wrâldwiid waarden de filmdistribúsjerjochten nammentlik ferkocht foar $65 miljoen, de fideodistribúsjerjochten foar $10 miljoen en de tillefyzjeútstjoerrjochten foar $7 miljoen (mei-inoar $82 miljoen). Terminator 2: Judgment Day wie de meast opbringende film fan 1991, krekt foàr Robin Hood: Prince of Thieves. It wie doe ek de op twa nei meast opbringende film aller tiden, nei Star Wars (1977) en E.T.: The Extra Terrestrial (1982).
¹) Dat Terminator 2: Judgment Day de djoerste film aller tiden wie, is allinne wier as men de produksjekosten net bystelt foar ynflaasje. Docht men dat wol, dan koste Cleopatra (1963, $44 miljoen) omrekkene yn jild fan 'e earste helte fan 'e 1990-er jierren $219 miljoen.
Yn 1992 waard Terminator 2: Judgment Day by de Oscars nominearre foar prizen yn seis kategoryen, wêrûnder bêste kamerarezjy en bêste filmmontaazje. De film wûn fjouwer Oscars, foar bêste lûdsmontaazje (Gary Rydstrom en Gloria S. Borders), bêste lûdsmixing (Tom Johnson, Gary Rydstrom, Gary Summers en Lee Orloff), bêste fisazjy (Stan Winston en Jeff Dawn) en bêste special effects (Dennis Muren, Stan Winston, Gene Warren jr. en Robert Skotak). By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Terminator 2: Judgment Day nominearre foar trije prizen, wêrûnder dy foar bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de BAFTA's foar bêste lûd en bêste special effects.
By de Saturn Awards waard Terminator 2: Judgment Day yn 1991 nominearre yn acht kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Arnold Schwarzenegger), bêste byrol fan in akteur (Robert Patrick) en bêste senario. De film wûn fiif Saturns, foar bêste science fiction-film, bêste regisseur (James Cameron), bêste aktrise (Linda Hamilton), bêste rol fan in jongere akteur (Edward Furlong), en bêste special effects. Terminator 2: Judgment Day wûn fierders ek de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje, de People's Choice Award foar favorite film en de Japanske Akademypriis foar bêste film yn in bûtenlânske taal.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.