Terminator: Salvation is in Amerikaanske post-apokalyptyske science fiction-aksje- en oarlochsfilm út 2009 ûnder rezjy fan McG, mei yn 'e haadrollen Christian Bale en Sam Worthington. De titel betsjut "Terminator: Ferlossing". It ferhaal folget Marcus Wright, in moardner dy't de deastraf kriget en syn stoflik omskot donearret oan 'e wittenskip, om fyftjin jier letter wekker te wurden yn in ferwoastge wrâld, dêr't de keunstmjittige yntelliginsje Skynet it meastepart fan 'e minskheid útrûge hat troch it gebrûk fan kearnwapens. Wright jout him by John Connor, de lieder fan it minsklike ferset yn 'e oarloch tsjin 'e masines, dy't risselwearret foar in, nei't er hopet, beslissende oanfal op it haadkertier fan Skynet. Terminator: Salvation wie de fjirde film út 'e Terminator-searje, en is as sadanich in direkt ferfolch op Terminator 3: Rise of the Machines, út 2003. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Oarspronklik wie it de bedoeling dat Terminator: Salvation it earste diel fan in trilogy wêze soe, mar troch it fallisemint fan filmstudio The Halcyon Company, letter yn 2009, rûnen dy plannen op 'e non. Ynstee waard yn 2015 Terminator: Genisys makke, as it earste diel fan in reboot-trilogy dy't likemin fan 'e grûn kaam.

Fluch de feiten
Terminator: Salvation
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Thumb
makkers
regisseurMcG
produsintDerek Anderson
Moritz Borman
Victor Kubicek
Jeffrey Silver
útfierend
   produsint
Andrew G. Vajna
Mario Kassar
senarioJohn Brancato
Michael Ferris
kamerarezjyShane Hurlbut
muzykDanny Elfman
filmstudioColumbia Pictures
The Halcyon Company
Wonderland Sound and Vision
distribúsjeWarner Bros. (Noard-Amearika)
Sony Pictures (ynternasjonaal)
spilers
haadrollenChristian Bale
Sam Worthington
byrollenAnton Yelchin
Moon Bloodgood
Bryce Dallas Howard
Common (rapper)
Michael Ironside
Helena Bonham Carter
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre14 maaie 2009
foarmlangspylfilm
sjenrescience fiction-aksjefilm
taalIngelsk
spyltiid115 minuten
budget en resultaten
budget$196 miljoen
opbringst$371,4 miljoen
filmsearje
filmsearjeTerminator
 foarich dielTerminator 3: Rise of
   the Machines
 folgjend dielTerminator: Genisys
Slute

Plot

Yn 2003 bepraat dr. Serena Kogan fan it bedriuw Cyberdyne Systems de foar moard ta de deastraf feroardiele finzene Marcus Wright en skink syn stoflik omskot oan 'e wittenskip. Net folle letter (sjoch: Terminator 3: Rise of the Machines) berikt it automatisearre kompjûtersysteem Skynet, dat troch Cyberdyne ûntwikkele is, selsbewustwêzen. Mei't it de minskheid as in bedriging foar syn fuortbestean sjocht, feroarsaket it fuortendaliks in nukleêre holokaust om 'e minske as soarte út te rûgjen yn in foarfal dat bekend komt te stean as de Oardieldei.

Yn 2018 hat John Connor, ien fan 'e foaroanlju fan it minsklik ferset tsjin it Skynet en syn leger fan masines, de lieding oer in oanfal op in ûndergrûnske basis fan it Skynet. Dêr ûntdekt er minsklike finzenen en teffens in skematyske werjefte foar it ynkorporearjen fan libben weefsel yn in gefjochtsrobot om foar it earst in cyborg te skeppen dy't op it earste each net fan in minske te ûnderskieden falt. De cyborg wurdt ûntwikkele út in robotklasse dy't de Terminator neamd wurdt en hat dêrom de oantsjutting T-800. As er dat sjocht, beseft Connor dat alles dat syn ferstoarne mem Sarah him ferteld hat, op it punt stiet út te kommen, want it Skynet sil in T-800 troch de tiid hinne weromstjoere nei it ferline om har te deadzjen (sjoch: The Terminator). Dat betsjut dat Connor in soldaat werom yn 'e tiid stjoere moat dy't Kyle Reese hjit, om syn mem te rêden en syn heit te wurden. It probleem is dat er net wit wa't of wêr't Reese is.

De lichte ferdigening fan 'e Skynetbasis blykt in falstrik te wêzen, en as der in atoombom ôfgiet, komme alle fersetslju en alle finzenen om, útsein Connor, dy't krekt tefoaren weromkeard wie nei it ierdoerflak om út te finen wêrom't de kommunikaasje ophold mei de dêr efterlitten troepen (dy't útskeakele blike te wêzen). Connor set ôf nei it plak dêr't er troch oare fersetslju oppikt wurde sil. Nei't er ôfset is, klaut ien fan 'e finzenen, Marcus Wright, him út 'e ruïnes fan 'e ûndergrûnske basis in wei troch modder en dridze nei it ierdoerflak. Hy begrypt net wêr't er him befynt of wat him oerkommen is en set geandefoets ôf.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Connor bejout him nei de wrâldlieders fan it minsklik ferset, dy't har oan board fan in dûkboat befine. As er in ferklearring easket foar de reden fan 'e oanfal op 'e basis, dêr't syn hiele ienheid by sneuvele is, fertelle de generaals Ashdown en Losenko him dat yn 'e kompjûterbestannen dy't yn 'e basis bútmakke binne, in geheim koadeprotokol fûn is, wêrfan't se leauwe dat it alle masines fan Skynet útsette kin. Op basis fan dy ynformaasje risselwearret it ferset om in oanfal út te fieren op it haadkertier fan it Skynet yn wat foarhinne yn San Francisco wie. Dy oanfal sil oer fjouwer dagen plakfine, om't der ek in deadelist fan it Skynet ûntdutsen is, wêryn't gewach makke wurdt fan 'e útskeakeling fan 'e folsleine lieding fan it ferset oer sân dagen. Connor wurdt ferteld dat hy nûmer 2 op 'e deadelist is. As er freget wa't op it earste plak stiet, kriget er te hearren dat dat in ûnbekende is, in Kyle Reese. De fersetslieders binne har ûnbewust fan 'e wichtigens fan Reese, mar Connor beseft no dat it Skynet dêr wól weet fan hat.

Underwilens is Marcus Wright yn Los Angeles oankommen, dat ta syn folsleine ferbjustering in ruïnestêd is. As er de oandacht lûkt fan in T-600-Terminatorrobot, wurdt er rêden troch de fersetsman Kyle Reese, dy't him tegearre mei it stomme achtjierrige famke Star yn 'e stêd beskûlhâldt. Om't Marcus by fersin de oandacht fan it Skynet op harren fêstige hat, moatte se trijeresom flechtsje. Se bejouwe harren nei de Mojavewoastyn, dêr't se in groep oare minsklike flechtlingen moetsje, dy't oanfierd wurde troch de âldere frou Virginia. It Skynet fynt harren dêre en syn robots deadzje in stikmannich flechtlingen en nimme de oaren finzen. Marcus besiket mei Reese en Star út te naaien, mar nei in wylde efterfolging wurde syn beide selskipslju finzen nommen.

De hommelse taname fan 'e aktiviteit fan it Skynet yn 'e woastyn lûkt de belangstelling fan John Connor, dy't in pear Fairchild Republic A-10 Thunderbolt II-strieljagers stjoert om op ûndersyk út te gean. Beide fleantugen wurde troch it Skynet delhelle, mar ien fan 'e piloaten oerlibbet it. Dat is Blair Williams, dy't, nei't se mei de sjitstoel oan 'e ferneatiging fan har tastel ûntkommen is, op 'e grûn Marcus moetet. Hy wol eins efter de robots oan dy't Reese en Star finzennommen hawwe, mar Blair oertsjûget him derfan dat soks in selsmoardmisje wêze soe, en ynstee nimt se him geandefoets op sleeptou mei werom nei har basis, dêr't er John Connor om help freegje kin. Underweis wurdt Blair jûns nei tsjuster oermastere troch in trio manlju dy't har ferkrêfsje wolle, mar as Marcus weromkomt, dy't op 'e siik nei brânhout foar in kampfjoer gien wie, makket er regaad troch op rislute wize mei de oanfallers ôf te weven.

As Marcus en Blair by de basis fan Connor arrivearje, moatte se dêr in minefjild mei magnetyske lânminen trochkruse, dy't ûntwurpen binne om masines tsjin te kearen. Ien fan 'e minen klinkt him lykwols fêst oan Marcus syn skonk en giet ôf. Blair bringt him swierferwûne de basis binnen, dêr't ûntdutsen wurdt dat Marcus eins gjin minske is, mar in cyborg mei in minsklik hert, in meganysk skelet en in foar in diel keunstmjittige harsenskoars. Connor beskôget him as in ynkringer dy't fan doel wie alle minsken yn 'e basis te fermoardzjen, mar Marcus hâldt fol dat er gjin robot mar in minske is en dat er net wit wa't him dit oandien hat (hoewol't er dêr wol nei riede kin). Ek fertelt er dat syn freon Kyle Reese finzennommen is troch it Skynet en ôffierd nei it haadkertier yn San Francisco. Hoewol't Connor oan syn frou Kate, dy't op alle dagen rint, bekent dat er yn Marcus syn eagen sjoen hat dat dyselde leaut wat er seit, kin er it risiko net nimme dat er mis is. Hy oarderet dat Marcus sloopt wurde moat. Blair, dy't it net mei dat beslút iens is, helpt Marcus lykwols om te ûntkommen.

Connor set yn in helikopter de efterfolging yn, mar wit Marcus net werom te finen. Ynstee wurdt de helikopter, as dy leech oer in rivier fljocht, oanfallen troch saneamde 'hydrobots' fan it Skynet, dy't it tastel delhelje. As er nei de riviersigge besiket te swimmen, wurdt Connor oanfallen troch ferskate hydrobots, mar hy wurdt rêden troch Marcus, dy't mei boppeminsklike krêft de swimmende robots mei bleate hannen útinoar skuort. Neitiid goait Connor it mei Marcus op in akkoartsje: Marcus sil it haadkertier fan it Skynet ynfiltrearje om fan dêrút Connor te helpen by it befrijen fan Reese en de oare finzenen.

Connor pleitet by generaal Ashdown foar it útstel fan 'e oanfal op it haadkertier fan it Skynet, sadat er de minsklike finzenen (Reese ynbegrepen) befrije kin. Ashdown stegeret him lykwols ôf en as Connor oanhâldt mei syn beswieren, ûntheft er him út syn funksje. Connor syn ûnderhearrigen akseptearje dat net en geane troch mei syn befellen op te folgjen. As er fia de radio kontakt opnimt mei oare fersetsôfdielings yn Bakersfield, Eugene en Reno, geane dy akkoart mei syn fersyk om útstel, nei't er in pleidoai holden hat dat in oerwinning nutteleas is as it ferset krekt like gefoelleas te wurk giet as de masines fan it Skynet.

It slagget Marcus sûnder swierrichheden om it haadkertier fan it Skynet binnen te kommen, om't de masines him weromkenne as ien fan harren. Hy slút himsels oan op it Skynet om 'e ferdigening yn in diel fan it kompleks út te setten, sadat Connor dêr binnenkringe kin. Dêrnei ferliest er lykwols it bewustwêzen. As er wer bykomt, docht bliken dat er reparearre is troch it Skynet. It kompjûtersysteem nimt foar him de foarm fan dr. Serena Kogan oan en leit him út dat hy as heal minske, heal masine in unyk prototype cyborg is, dat ûntwikkele is om yn it ferset te ynfiltrearjen. Marcus beseft dan dat alles dat er dien hat sûnt er wekker waard en eltse beslissing dy't er sels tocht nommen te hawwen, eins yn syn ûnderbewuste oanstjoerd is troch it Skynet. 'Dr. Kogan' fertelt him dat er krekt dien hat wêr't er foar bedoeld wie: Kyle Reese fine en it Skynet nei him ta liede en John Connor fine en him nei it haadkertier fan it Skynet ta lokje. It koadeprotokol dêr't it ferset it Skynet mei besykje sil út te setten, is betocht troch it Skynet sels en sil net wurkje. Krektoarsom, it sinjaal sil de masines fan it Skynet nei de fersetsbases liede en by steat stelle dy út te skeakeljen.

As generaal Ashdown de oanfal ynset en fan syn dûkboat út it sinjaal begjint út te stjoeren, docht bliken dat it Skynet de wierheid sprutsen hat: de lokaasje fan 'e dûkboat is no maklik te finen, en it skip wurdt mei alle opfarrenden ferneatige. Om't Connor noch altyd mient dat it sinjaal wurkje sil, is it mar in kwestje fan tiid foar't de fersetsbases op lân it sinjaal ek begjinne út te stjoeren, sadat dy ek ferneatige wurde kinne. Underwilens hat Connor Reese en de oare finzenen befrijd, mar sels wurdt er op syn weromwei út it kompleks oanfallen troch de earste T-800-Terminator, dy't him deadzje sil.

Alle hope liket ferlern, mar dan bart der wat dat it Skynet net ferwachte hie: it minsklike part fan Marcus wurdt syn masinale part oermânsk, en hy skuort de bestjoeringschip, dy't yn syn harsenskoars ymplantearre is, derút. Wylst Marcus de T-800 befjochtet, ferbynt Connor in stikmannich nukleêre brânstofsellen om it Skynet-haadkertier op te blazen. As de T-800 Marcus eefkes oermânsk wurdt, stekt er Connor fan efteren ôf troch de boarstkas. Marcus weeft foargoed mei it ding ôf troch de kop derôf te skuorren. Neitiid helpt er tegearre mei Reese de swierferwûne Connor nei de helikopters ta dy't de befrijde finzenen ôfhelje. Ienris yn 'e loft bringt Connor mei in troch it famke Star rêden ôfstânsbetsjinning syn provisoaryske bom ta ûntploffing, dy't it haadkertier fan Skynet folslein ferwoastget.

Yn in fjildhospitaal yn in fersetsbasis kriget Kate Connor fan 'e dokters te hearren dat Connor syn hert te slim ferwûne is om him te rêden. Dêrop biedt Marcus syn eigen hert oan foar transplantaasje, by wize fan ferlette ferlossing foar de misdieden yn syn eardere libben as minske. Wylst er nei de operaasje wer opbetteret, sprekt Connor oer de radio de oare leden fan it ferset ta. Hy seit dat hoewol't it Skynet in slimmen slach tabrocht is, de keunstmjittige yntelliginsje net op ien plak bestiet en dêrom net op dizze wize deade wurde kin. De oarloch giet sadwaande troch.

Rolferdieling

Thumb
Christian Bale.
Thumb
Sam Worthington.
Thumb
Moon Bloodgood.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                
John Connor Christian Bale
Marcus Wright Sam Worthington


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Kyle Reese Anton Yelchin
Blair Williams Moon Bloodgood
Kate Connor Bryce Dallas Howard
Barnes Common (rapper)
generaal Ashdown Michael Ironside
dr. Serena Kogan / Skynet Helena Bonham Carter
Star Jadagrace Berry
Virginia Jane Alexander
generaal Losenko Ivan G'Vera
T-800 Arnold Schwarzenegger (gesicht fia special effects)
Roland Kickinger (body double)
T-600 Brian Steele (motion capture)
stim fan Sarah Connor Linda Hamilton
soldaat #1 David Midthunder

Produksje en distribúsje

Foarskiednis

Nei't yn 2003 Terminator 3: Rise of the Machines útkaam, waard in filmkonsept ûntwikkele dat dêr direkt op oansleat. Andrew G. Vajna en Mario Kassar namen John Brancato en Michael Ferris yn 'e earm om it senario foar de fjirde Terminator-film te skriuwen. It wie oarspronklik de bedoeling dat de produksje yn 2005 úteinsette soe ûnder rezjy fan Jonathan Mostow, dy't ek Terminator 3: Rise of the Machines regissearre hie. It wie doe al folslein dúdlik dat Arnold Schwarzenegger, dy't fan it begjin fan 'e franchise yn 1984 ôf de rol fan 'e Terminator spile hie, net folle gedoente mei de nije film hawwe soe, om't er yn 2003 keazen wie ta gûverneur fan Kalifornje.

It projekt rûn lykwols fertraging op doe't Vajna en Kassar ûnderling spul krigen. Yn maaie 2007 waard bekend dat dyselden de rjochten op 'e Terminator-rige ferkocht hiene. De rjochten wiene foar $25 miljoen oergien op 'e filmstudio The Halcyon Company, dy't it dêrfoar nedige jild liende fan Pacificor, in ynvestearringsfûns. De eigners fan Halcyon bliezen de direkte ferfolchfilm op Terminator 3: Rise of the Machines ôf om't se in nije filmtrilogy begjinne woene. Metro-Goldwyn-Mayer, dat yn 2006 as rjochtsopfolger fan Orion Pictures de fûnskatalogus fan 'e Hemdale Film Corporation yn besit krigen hie, en dêrmei ek de filmdistribúsjerjochten op 'e nije Terminator-film, wie it dêr net mei iens, en de ûnderhannelings tusken de beide studio's kamen muorrefêst te sitten. In rjochterlike útspraak yn it foardiel fan Halcyon stelde dat bedriuw by steat om syn plannen troch te setten mei Warner Bros. as nije distributeur en finansier.

Produksje

Terminator: Salvation waard úteinlik regissearre troch McG nei in senario dat op 'e nij skreaun wie troch Brancato en Ferris. As produsinten wiene Derek Anderson, Moritz Borman, Victor Kubicek en Jeffrey Silver by it projekt belutsen foar de filmstudio's Halcyon, Columbia Pictures en Wonderland Sound and Vision. Vajna en Kassar waarden op 'e begjintitels en de ôftiteling fermeld as útfierende produsinten. Foar de film wie in budget beskikber fan $200 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Shane Hurlbut, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Danny Elfman.

Casting

Oarspronklik hie it de bedoeling west dat Nick Stahl en Claire Danes, dy't yn Terminator 3: Rise of the Machines de rollen fan John Connor en syn freondinne Kate Brewster spile hiene, yn 'e fjirde Terminator-film weromkeare soene. Nei't lykwols Jonathan Mostow as regisseur ferfongen wie troch McG, keas dyselde der ynstee foar om Christian Bale te casten yn 'e rol fan John Connor, om dat neffens him "de oannimlikste aksje-akteur yn 'e wrâld" wie. Eins woe McG Bale foar de rol fan Marcus Wright hawwe, mar Bale wiisde trije kear in rol yn 'e film ôf, om úteinlik ynstee foar de (oarspronklik frij beheinde) rol fan John Connor te kiezen, dy't dêrom sterk útwreide waard. Bale sei letter dat er in rol yn Terminator: Salvation benammen oannommen hie om't minsken allegeduerigen tsjin him seine dat er dat net dwaan moast, wat him op in stuit begûn te yrritearjen.

Foar de rol fan Marcus Wright hie McG, nei't Bale dy rol ôfwiisd hie, Daniel Day-Lewis of Josh Brolin op it each. Der wie kontakt mei Brolin, mar dy hie der gjin belangstelling foar. Uteinlik gie de rol nei Sam Worthington. Oare wichtige rollen waarden taparte oan Anton Yelchin as Kyle Reese, Moon Bloodgood as Blair Williams, Michael Ironside as generaal Ashdown, en Bryce Dallas Howard as Kate Brewster Connor. De Ingelske karakteraktrise Helena Bonham Carter naam de rol fan dr. Serena Kogan en de ferpersoanliking fan it Skynet oan om't Tim Burton, mei wa't se doe gearwenne, in grutte Terminator-fan wie.

De T-800, de earste Terminator oerdutsen troch libben weefsel, moast fansels wer it uterlik fan Arnold Schwarzenegger krije, mei't it itselde model cyborg wie as út 'e earste film. It probleem wie dat Schwarzenegger, behalven dat er ûnderwilens flink ferâldere wie, ek ûnbeskikber wie, mei't er as gûverneur fan Kalifornje gjin films meitsje koe. Hy stie lykwols ta dat syn likenis út 1984 troch it gebrûk fan special effects op 'e nije Terminator 'plakt' waard. It lichem fan 'e T-800 wie dat fan Roland Kickinger, dy't de rol fan Schwarzenegger earder spile hie yn 'e biografyske film út 2005 See Arnold Run. As Schwarzenegger besletten hie om syn likenis net yn Terminator: Salvation brûke te litten, dan hie John Connor by de konfrontaasje mei de earste T-800 fuortendaliks it gesicht fan 'e cyborg ôf sketten foar't it publyk dat goed sjen koe.

Thumb
Kaptein Jennie Schoeck, in piloate fan 'e Amerikaanske Loftmacht (l.) mei aktrise Moon Bloodgood (rj.), dy't yn Terminator: Salvation in piloate spilet, ûnder de produksje fan 'e film foar in A-10 Thunderbolt II op 'e Lofmachtbasis Kirtland.

Opnamen

De opnamen setten op 5 maaie 2008 útein op 'e Loftmachtbasis Kirtland by Albuquerque (Nij-Meksiko), mei't de Amerikaanske Loftmacht foar de film fleantugen en begelieding fan 'e akteurs fersoarge. Der waard fierders benammen filme yn 'e woastyn fan Nij-Meksiko. De lêste opnamedei foel op 20 july 2008, hoewol't inkele missende sênes noch yn jannewaris 2009 opnommen waarden. Earne yn 'e earste wiken fan 'e opnamen skuorde Sam Worthington (Marcus Wright) syn rêchspieren, mar hy stie derop om dochs al syn eigen stunts te dwaan. Christian Bale (John Connor), briek syn hân ûnder de opnamen, doe't er in opstopper ferkocht oan in Terminator-rekwisyt dat hurder wie as er ferwachte hie. Special effects-technikus Mike Menardis rekke ek slim ferwûne doe't by in plande ûntploffing in rioelputlid fuortblaasd waard en ien fan syn skonken der heal ôf feegde.

Distribúsje

De distribúsje fan Terminator: Salvation waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Warner Bros. en yn 'e rest fan 'e wrâld troch Sony Pictures Releasing, in dochterûndernimming fan Sony Pictures, dat de eigner fan filmstudio Columbia Pictures is. De film gie op 14 maaie 2009 yn premiêre yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood, wêrnei't er op 21 maaie iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum Terminator: Salvation kaam út op 19 maaie 2009. Op 1 desimber fan dat jier waard de film op dvd en blu-ray útbrocht. De blu-ray-edysje omfettet ek in director's cut dy't trije minuten langer is (118 minuten).

Untfangst

Kritisy

Fan 'e filmkritisy krige Terminator: Salvation mingde resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 2 fan 4 stjerren. Hy fette de plot sa gear: "Keardel giet dea, wurdt wer ta libben wekke, moetet oaren, fjochtet. Dat giet hast twa oeren lang sa troch." Yn The Hollywood Reporter skreau Michael Rechshaffen dat der oan in Terminator-film sûnder Arnold Schwarzenegger wat ûntbrekt. De Britske kritikus Devin Faraci parte de film yn it tydskrift Empire 4 fan 5 stjerren ta, mar op CHUD.com skreau er dat Terminator: Salvation foar him yn 'e trêde akte útinoar begûn te fallen, mei "saaie aksje" en "alwer in Terminator-gefjocht yn in fabryk". De Amerikaanske resinsint James Berardinelli beskôge de ein fan 'e film krekt as it bêste part, mei't al it foargeande neffens him "ratteljend en ynkoherint" wie. Hy fûn ek dat it benearjende gebrek oan in sintrale antagonist pas ferholpen waard doe't de T-800 einlings en te'n lêsten yn byld ferskynde.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Terminator: Salvation in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 282 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei in ferhaal dat op like roboatyske wize ferteld wurdt as de ikoanyske smjunten fan 'e film, biedt Terminator: Salvation mear as genôch geweldige special effects, mar ûntbrekt it oan it gefoel fan 'e oarspronklike films." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Terminator: Salvation in goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 46 resinsjes.

Stjerren fan 'e eardere Terminator-films

James Cameron, de regisseur fan 'e earste beide Terminator-films, beskôge Terminator: Salvation as "in ynteressante film", dy't er "net sa slim hate as er ferwachte hie." Arnold Schwarzenegger, dy't yn 'e foargeande trije films de Terminator spile, neamde Terminator: Salvation earst "in geweldige film. Ik fûn him tige spannend." Dat wie wierskynlik hoflikens nei de filmmakkers ta om't in negatyf oardiel fan him de film de kop kostje kinnen hie. Letter seid er nammentlik dat er Terminator: Salvation "ferskriklik" fûn hie. Dêr heakke er oan ta "[De film] docht wol syn bêst […]. [Mar h]y hat de boat mist." Linda Hamilton, de froulike haadrolspylster út 'e earste beide Terminator-films, winske Terminator: Salvation "fan herten it bêste ta", mar fûn sels dat de searje "perfekt wie mei twa films. It wie in folsleine sirkel, en dy hie oan himsels genôch. Mar der binne altiten lju dy't in ko drûchmelke wolle."

Resultaat

Opbringst

Terminator: Salvation brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $125,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $246,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $371,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $200 miljoen betsjut dat in winst fan $171,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Hoewol't Terminator: Salvation dus wol winst makke, wie it resultaat foar de produsinten dochs wat teloarstellend. Nettsjinsteande dat wie it de op trettjin nei meast opbringende film fan 2009.

Thumb
In 'hydrobot'. In rekwisyt út 'e film op in tentoanstelling.

Prizen

Terminator: Salvation waard nominearre foar in Satellite Award, in Saturn Award, seis Scream Awards en fiif Teen Choice Awards. Komponist Danny Elfman wûn foar syn filmmuzyk in BMI Film Music Award, en de film waard ek bekroane mei in Taurus World Stunt Award foar bêste spesjale stunt, útfierd troch stuntman Rick Miller.

Kontroverses

By de opnamen fan Terminator: Salvation waard akteur Christian Bale op in stuit tige lulk op kameraregisseur Shane Hurlbut, doe't dy ûnder in sêne de filmset op rûn. Hy raasde tsjin Hurlbut en flokte en drige de film te ferlitten. Letter bea er syn ûntskuldigings oan en koe de gearwurking ferfette wurde, mar in filmke fan syn tirade waard lekt en gie viral op it ynternet. Komponist Lucian Piane makke der in satiryske dance-remix fan dy't de titel Bale Out ("Bale derút") krige (in wurdboarterij op 'e Ingelske term bailout, "rêding fan in bedriuw dat fallyt driget te gean").

Yn maart 2009 spande filmprodusint Moritz Borman in rjochtsaak oan tsjin The Halcyon Company, dêr't er $160 miljoen fan krije woe. Borman, dy't de oergong fan 'e rjochten op 'e Terminator-franchise nei Halcyon beävensearre hie, bewearde dat de beide eigners fan dy filmstudio, Derek Anderson en Victor Kubicek, de produksje fan Terminator: Salvation "kaapt" hiene en wegeren om him syn oandiel fan $2,5 miljoen yn 'e produksje út te beteljen. De saak waard in moanne letter 'freonskiplik' skikt.

Skraste ferfolchfilms, animearre prequel en reboot

Terminator: Salvation hie oarspronklik it earste diel wurde moatten fan in twadde filmtrilogy binnen de Terminator-filmsearje. Foar in ferfolchfilm wiene de tariedings al yn gong set doe't filmstudio The Halcyon Company ein 2009 fallyt ferklearre waard. Fan gefolgen waarden de rjochten op Terminator yn 2010 foar $29,5 miljoen ferkocht oan it ynvestearringsfûns Pacificor, dat de grutste skuldeasker fan Halcyon wie. Troch de ferkeap fan 'e rjochten rûn it mei de plannen foar de beide ferfolchfilms op Terminator: Salvation op 'e non.

Ein juny 2009 waard Terminator Salvation: The Machinima Series útbrocht fia de webside Machinima. Dat wie in kompjûteranimearre websearje fan seis ôfleverings dy't yn 'e tiidline fan 'e Terminator-filmsearje fuort foarôfgeande oan Terminator: Salvation pleatst wurde moat. Yn 'e rige, dy't produsearre waard troch Warner Premiere Digital, fjochtet Blair Williams (ynsprutsen troch Moon Bloodgood) yn 'e post-apokalyptyske wrâld fan nei de Oardielsdei yn 'e ruïnes fan Los Angeles tsjin 'e masines. Terminator Salvation: The Machinima Series waard ek direkt-op-fideo útbrocht yn novimber 2009.

Pacificor ferkocht de rjochten op 'e Terminator-franchise yn 2012 foar minder as $20 miljoen troch oan Megan Ellison. (It ferskil yn priis wie it gefolch fan in nije Amerikaanske copyrightwet, dy't makke dat de rjochten yn 2019 wer oergean soene yn 'e hannen fan James Cameron, de regisseur fan 'e earste Terminator-film. De keaper soe dus net lang fan syn oankeap genietsje kinne.) Megan har broer David Ellison en syn studio Skydance Productions produsearren yn 2015 de folgjende Terminator-film: Terminator: Genisys. Dat is lykwols gjin ferfolch op Terminator: Salvation, mar ynstee in reboot fan 'e hiele filmsearje. Mei Terminator: Genisys wie it ek de bedoeling dat dy film it earste diel fan in nije filmtrilogy wêze soe, mar dat rûn op 'e non doe't Cameron yn 2019 wer foar 50% eigner waard fan 'e franchise en der in oare kant mei út woe.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.