Steven H.P. de Jong (folút: Steven Hotse Pieter de Jong; Ljouwert, 12 febrewaris 1935Burgum, 31 augustus 2018)[1] wie in Frysk skriuwer en dichter, dy’t in grut oeuvre op syn namme hie, mar foaral bekend wurden is troch de roman De Wuttelhaven Del, dêr’t er yn 1992 de Gysbert Japicxpriis mei wûn. Behalven yn it Frysk skreau er ek yn it Stedsk, en dêropta sette er Nederlânsktalich wurk oer nei it Frysk. De Jong wenne in skoft yn Gytsjerk en ferfear yn 2008 nei Burgum.

Fluch de feiten
Steven H.P. de Jong
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSteven Hotse Pieter de Jong
nasjonaliteit Nederlânsk
berne12 febrewaris 1935
berteplakLjouwert (Fryslân)
stoarn31 augustus 2018
stjerplakBurgum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taalFrysk, Stedsk
sjenrelit. romans & koarte ferhalen,
poëzij
perioade2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
De Wuttelhaven Del
prizenGysbert Japicxpriis 1992
jierren aktyf19652011
Slute
Dizze side giet oer de skriuwer en dichter. Foar de filmregisseur, sjoch: Steven de Jong.

Libben

Steven Hotse Pieter de Jong waard yn 1935 berne yn Ljouwert. Nei syn ûnderwizersoplieding oan de kristlike kweekskoalle Mariënburch yn Ljouwert stie er in jiermannich yn Surhuzum oan 'e legere skoalle. De Jong makke him it Frysk eigen op de kweekskoalle, want thús waard nammens Nederlânsk en Ljouwertersk praat. Hy fûn it Frysk in moaie taal en woe him dat oanleare; dêr folge er sels noch lessen foar fan Eeltsje Boates Folkertsma.

Yn 1964 begûn De Jong mei syn stúdzje Nederlânske taal- en letterkunde yn Grins. Dêrnei wie er skoft lang ferbûn mei Kristlike Skoallemienskip Lienward Kolleezje yn Ljouwert. As dichter debutearre De Jong yn it eksperimintele tydskrift Quatrebras, dêr't er letter redakteur fan wurde soe.

Ein sechstiger jierren, doe't de jongere skriuwers rebûlje makken mei harren âldere kollega's, wie er warber foar ûnderskate Frysktalige tydskriften. Earst as lid fan de redaksje dy't yn 1968 it lêste nûmer fan De Tsjerne makke, en dêrnei as redakteur fan it nije tydskrift Trotwaer. Dêr siet er fan 1968 oant 1970 yn de redaksje. Syn bydrage oan de Fryske literatuer bestie earst fral út poëzij, dêrneist skreau er ek in stikmannich kritiken foar Quatrebras.

Tusken 1965 en 1988 ferskynden der fiif fersebondels fan syn hân. Yn 1980 brocht er De Maagd fan Babylon út, dêr't neist fersen ek ferhalen yn stiene. De Jong publisearre syn earste roman yn 1989, De Wuttelhaven Del. Foar dy roman waard him yn 1992 de Gysbert Japicxpriis takend. De roman Groetenis fan Prakash ferskynde as Frysk Boekewikegeskink fan 2005. In jier letter ferskynde it boekje Neam my mar Willem dat in bewurking wie fan 'e wrâldferneamde fabel Van den Vos Reynaerde. It ferhaal wurdt ferteld troch in mearkeferteller oan de bewenners fan it Fryske doarp Gatzerka (Geatsjerk, tsjintwurdich Gytsjerk), dy't dêr typysk Frysk op reagearje. Yn 2011 waard de mânske bondel En de inket sil útrinne publisearre dêr't neist earder publisearre wurk út De Jong syn seis dichtbondels, allyksa poëzij opnommen wie dy't net earder ferskynd wie.

De Jong kaam yn 2018 thús yn Burgum te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 83 jier.

Wurk

Romans
  • 1989 – De Wuttelhaven del
  • 1999 – In spylman op it binnenpaad
  • 2001 – Swarte egen: in ferhaal út Earnewâld om 1730 hinne
  • 2005 – Groetenis fan Prakash: in reis troch Brazylje yn it jier 1992
  • 2006 – Neam my mar Willem
Ferhalebondel
  • 1980 – De maagd fan Babylon (mei fersen)
Dichtwurk
  • 1965 – Wankend stomp
  • 1971 – Missing link
  • 1975 – Popkes tekenje (omslach en oare yllustraasjes fan Hans van der Horst)
  • 1983 – 20 lytse românsen
  • 1988 – Salto mortale
  • 1995 – Gedichten om’e Aldehou
  • 2011 – En de inket sil útrinne - 50 jier poëzij
Oersetting
  • 1998 – Jan Pitersoan Koen: toanielstik yn alve tafrielen (út it Hollânsk nei J.J. Slauerhoff)

Prizen

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.