From Wikipedia, the free encyclopedia
Stasjon Best (Bet) is in spoarweistasjon yn Best en waard iepene yn 1866 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Yn dit Brabânske doarp is yn 2002 it tredde stasjonsgebou sûnt 1864 iepene.
Stasjon Best station Best | ||
Stasjon Best yn 2019 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | Best | |
plak | Best | |
adres | Stationsplein 1 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Bet | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 july 1866 10 juny 1940 | |
sluting | 15 maaie 1938 | |
boujier | 1864 1e stasjonsgebou 1977 2e stasjonsgebou 2002 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1975 1e stasjonsgebou 2000 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1864 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1977 C. Douma 2e stasjonsgebou 2002 Th.J.B. Fikkers 3e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Steatsline E | |
6027 (2019) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 july 1866 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fiifde Klasse. En wie ien fan de achtentritich stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie. Al yn 1882 kaam de earste ferbouwing. Oan beide kanten waard in koarte fleugel byboud. Yn 1914 krige it middenpart der in ferdjipping by. Yn 1938 waard it stasjon sletten, mar yn 1940 waard it stasjon op 10 juny weriepene.
Yn 1975 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, in Standerttype Beilen ûntwurpen troch de arsjitekt Cees Douma. Dit wie in ferienfâldige ferzje fan standerttype Douma.
It stasjonsgebou út 1975 waard yn 2000 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Th.J.B. Fikkers. In ûndergrûns stasjon om't de spoaren yn in tunnel kamen. De bou fan Spoartunnel Best begûn yn 1998 en de bou fan it nije stasjon begûn yn 2000 en wie yn 2002 ree.
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4400 | Sprinter (NS) | Oss – De Bosk – Best – Eindhoven Sintraal – Helmond – Deurne | Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400. |
6400 | Sprinter (NS) | Tilburch Universiteit – Tilburch – Best – Eindhoven Sintraal – Weert | Jûns en yn it wykein wurdt der 1 x / oere riden op it hiele trajekt. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.