Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Stasjon Helmond (Hm) is it wichtichste spoarweistasjon fan Helmond en waard iepene yn 1870 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Yn dizze Brabânske stêd is yn 2015 it tredde stasjonsgebou sûnt 1864 iepene.
Stasjon Helmond station Helmond | ||
Stasjon Helmond yn 2014 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | Helmond | |
plak | Helmond | |
adres | Spoorstraat 18 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hm | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 oktober 1866 | |
boujier | 1864 1e stasjonsgebou 1987 2e stasjonsgebou 2015 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1987 1e stasjonsgebou 2012 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1864 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1987 P.A.M.J. Corbey 2e stasjonsgebou 2015 Studio SK & Movares 3e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline E | |
7419 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 oktober 1866 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fjirde Klasse. En wie ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. Al yn 1876 kaam de earste ferbouwing. Oan beide kanten waard in lange fleugel byboud. Yn 1911 waard de linkerfleugel ferlinge, sadat dy 3 kear sa lang waard.
Yn april 1987 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekt Paul Corbey. Dit stasjon hie in dragend skelet, dêr't men ynboupakketten yn oanbringe koe. De reiziger kaam út it stasjonsgebou wei as earste terjochte op perron 1. Om nei it eilânperron by spoar 2 te rinnen moast hja gebrûk meitsje fan in oerstek dy 't bedoeld wie foar fuotgongers.
It stasjonsgebou út 1987 waard yn febrewaris 2012 ôfbrutsen om't it al fan it begjin ôf net foldie. De bou fan it nije stasjonsgebou begûn yn 2013, in jier letter yn 2014 waard it nije stasjonsgebou iepene. It earste perron fan it stasjon is justjes mear nei it westen ferpleatst neffens de situaasje út 1987. De beide perrons binne berikber makke troch middel fan twa liften en twa treppen. Dêrmei waard it stasjon ek fuortendaliks tagonklik makke foar reizgers mei in rolstoel.
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
3500 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo | Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700. |
3700 | Intercity (NS) | Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo | Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer. |
13500 | Intercity (NS) | Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo | Rydt allinnich moarns betiid en jûns let as treinsearje 3500 net rydt. |
4400 | Sprinter (NS) | Oss – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Deurne | Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400. |
14400 | Sprinter (NS) | Eindhoven Sintraal – Helmond – Deurne | Rydt allinnich op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 as ferfanging fan sprinter 4400 en allinnich rjochting Deurne. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.