From Wikipedia, the free encyclopedia
Rock Hill is de grutste stêd (mar net it haadplak) fan York County, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Súd-Karolina. It is teffens de op fjouwer nei grutste stêd fan 'e steat. Neffens in offisjele skatting fan it Amerikaanske Folkstellingsburo (basearre op gegevens fan 'e folkstelling fan 2010), hie Rock Hill yn 2014 likernôch 70.000 ynwenners. De stêd heart ta de stêdekloft fan Charlotte, yn 'e oangrinzgjende steat Noard-Karolina, dy't yn totaal hast 2,4 miljoen minsken telt. Rock Hill leit oan 'e igge fan 'e rivier de Catawba, 40 km besuden Charlotte, en 110 km noardlik fan Kolumbia, de steatshaadstêd fan Súd-Karolina. Yn Rock Hill is de Winthrop Universiteit fêstige.
Rock Hill | ||
De binnenstêd fan Rock Hill. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Súd-Karolina | |
County | York County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 69.967 (2014) | |
Oerflak | 111,8 km² (ynkl. wetter) 111,4 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 591,8 / km² | |
Stêdekloft | 2.380.000 (2012) | |
Hichte | 206 m | |
Oar | ||
Stifting | 1852 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 34°56′17″N 81°01′34″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofrockhill.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Rock Hill yn 'e steat Súd-Karolina.
|
De krite fan Rock Hill waard foar de kolonisaasje troch de blanken bewenne troch de Katôba-Yndianen, in Sûaansktalich folk. Hoewol't de kust fan Súd-Karolina al fanôf de sechstjinde iuw kolonisearre waard, kamen de earste kolonisten pas yn 'e 1830-er en 1840-er jierren yn it gebiet fan Rock Hill. Yn 1852, nei't de Charlotte and South Carolina Railroad in spoar troch de krite oanlein hie, waard de delsetting Rock Hill stifte. Twa jier letter iepene de earste skoalle der syn doarren.
Tsjin it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wennen der yn en om Rock Hill krapoan 22.000 minsken, wêrfan't de helte út negerslaven bestie. Yn 'e oarloch tsjinnen 4.379 manlju út Rock Hill yn it leger fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika, wêrfan't 805 yn 'e striid sneuvelen. Under de oarloch waard Rock Hill fanwegen syn spoar in wichtich trochfierpunt foar foarrieden foar it Súdlike leger, wylst de boeren yn it gebiet stadichoan oergiene fan it kweken fan katoen op it ferbouwen fan maïs, om't it iten yn it Suden troch de Noardlike kustblokkade krap rekke. Hoewol't de Noardlike generaal William Tecumseh Sherman ein 1864 grutte dielen fan Súd-Karolina ferovere, gied er oan Rock Hill foarby. Sadwaande bleau Rock Hill oant de ein fan 'e oarloch, yn april 1865 yn Súdlike hannen.
Nei ôfrin fan 'e oarloch begûn de befolking fan Rock Hill oan te waaksen, mei't flechtelingen út troch de oarloch ferwuostge kontreien har der nei wenjen setten. Ynstee fan lânbou waard de hannel no de wichtichste sektor fan 'e pleatslike ekonomy. Yn 1892 krige Rock Hill stedsrjochten. Yn 1926 waard Rock Hill troffen troch in tornado, dy't binnen tsien minuten tiid in trije stedsblokken breed spoar fan ferwuostging troch de stêd loek, wêrby't ien deade foel en tolve lju ferwûne rekken. Geandewei de tweintichste iuw anneksearre Rock Hill ferskate doarpen yn York County: Boyd Hill ein fjirtiger jierren; Ebenezer en Mexico yn 'e sechstiger jierren; en Oakdale yn 'e tachtiger jierren.
Under de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, dy't yn 'e fyftiger en sechstiger jierren stried foar gelikense rjochten foar Afro-Amerikanen, wie Rock Hill yn febrewaris 1961 it toaniel fan in demonstraasje by in segregearre kafetaria. Dêrfoar waarden 9 swarte manlju yn it tichthûs smiten, dy't bekend kamen te stean as de Friendship Njoggen (om't se op ien nei allegear studearren oan it Friendship Junior College yn Rock Hill). Letter datselde jier waard de swarte boargerrjochtelieder John Lewis yn Rock Hill troch in lulke kliber blanken yninoar slein. Yn 2002 kearde Lewis, dy't tsjin dy tiid in lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen foar de steat Georgia wie, werom nei Rock Hill, dêr't er ta eareboarger beneamd waard en by in plechtichheid de kaaien fan de stêd oerlange krige.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Rock Hill 10,4% âlder as 65 jier en 24,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 38,2% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 14,0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa:48,9% blanken; 38,3% swarten; 5,7% Latino's; 1,7% Aziaten; 0,5% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 4,8% oaren of fan mingd etnysk komôf. Yn Rock Hill is it haadkertier fan 'e federaal erkende Katôba Yndiaanske Naasje fêstige.
Rock Hill hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte neare simmers en koele drûge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 11 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41,1 °C yn 1983 en jitris yn 2007, en –20 °C yn 1985. Rock Hill kriget jiers trochinoar 1.096,4 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 13,7 sm snie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.