From Wikipedia, the free encyclopedia
De Rie fan Jeropa is in gearwurkingsferbân tusken de lannen fan Jeropa, ta befoardering fan ekonomyske, sosjale en demokratyske ûntwikkeling.
De Rie fan Jeropa is stifte op 5 maaie 1949, troch Belgje, Denemark, Frankryk, Feriene Keninkryk, Ierlân, Itaalje, Lúksemboarch, Nederlân, Noarwegen en Sweden. De rie is stadichoan útwoeksen en op it stuit binne hast alle lannen fan Jeropa lid, 46 fan de 50 lannen.
De miene gearkomsten wurde holden yn Straasburch, yn it Paleis fan Jeropa.
Wichtige ynstellings binne fierder:
De leden fan de Rie, oardere op datum fan lidwurden:
Kazakstan en Belarus binne gjin lid om't hja net demokratysk genôch binne. Fatikaanstêd is taharker. Montenegro hat nei't it ûnôfhinklik waard in oanfraach yntsjinne dy't noch net tastien is. (13 july 2006)
Oare taharkers binne:
Yn de jierren njoggentich fan de foarige iuw hat de Rie fan Jeropa derfoar soarge, dat de taalrjochten fan minsken dy't in minderheidstaal brûke, troch it "Jeropeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden" beskerme waarden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.