Mobile (Alabama)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mobile (útspr.: [mo:u'bi:l], "mobiil") is in stêd yn 'e súdlike Amerikaanske steat Alabama. It leit yn it suden fan 'e steat, dêr't de rivier de Mobile útmûnet yn 'e Baai fan Mobile, in útrinder fan 'e Golf fan Meksiko. Mobile is it haadplak fan it omlizzende Mobile County, en neffens in offisjele skatting út 2012 hie it doe krapoan 195.000 ynwenners, wat it ta de op twa nei grutste stêd fan Alabama makket (nei Birmingham en Montgomery). Mei alle foarstêden derby hat Mobile as stêdekloft in befolking fan hast 415.000 minsken.
Fluch de feiten
Mobile | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Alabama | |
County | Mobile County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 194.822 (2012) | |
Oerflak | 413 km² (ynkl. wetter) 305 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 638,7 / km² | |
Stêdekloft | 413.936 (2012) | |
Hichte | 3 m | |
Oar | ||
Stifting | 1702 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Koördinaten | 30°41′40″N 88°02′35″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofmobile.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Mobile yn Mobile County en yn 'e steat Alabama. |
Slute