Kollumersweach (pleatslik ek: De Sweach) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Kollumersweach leit noardlik fan Twizel, eastlik fan De Westerein, westlik fan Feankleaster en besuden De Trieme. De doarpskearn leit om de Foarwei hinne.

Fluch de feiten
Kollumersweach
Thumb
Emblemen
Thumb               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal3.045 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak10,22 km², wêrfan:
- lân: 10,13 km²
- wetter: 0,09 km²
Befolkingsticht.299 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 15' N 6° 04' E
Offisjele webside
www.kollumerzwaag.nl
Kaart
Thumb
Kollumersweach
Slute

De buorskippen Sânbulten en Hanenburch hearre ek by Kollumersweach.

Kollumersweach hat 3.045 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

Thumb
Trochgeande wei
Thumb
Willems hûske

Yn 1443 wurdt it doarp Swaech foar it earst neamd yn in offisjele akte: ...Greetmans, Rechters ende meente in Oestbroecksterlande, also Kolmerland, Zwaech, Oldewolde ende Gaest...[3]. De namme betsjut greide. It destiidse doarp wie tige útstrekt en omfieme it tsjintwurdige Sweagerbosk, De Westerein en it westlik part fan it hjoeddeistige Kollumersweach Nei 1543 kaam de tsjintwurdige namme yn swang. Sweagerbosk is fan 1880 ôf in selsstannich doarp. Fan de eartiidske earmoede is net folle mear oer. De beskieden wenninkjes en boerespultsjes binne frijwol allegearre opromme. Tsjin de tsjerke oer is op nûmer 120, mei in soad ynspannings, ‘Willems Húske’ bewarre bleaun. It foldocht abslút net mear oan bou- en bewenningsfoarskriften, mar as belangrike tsjûgenis fan hoe't hjir troch kreas en himmel folk op in beskieden manier libbe waard, is it stean bleaun en restaurearre. Yn dit húske wennen generaasjes lang de kloklieders fan de tsjerke.

Tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Kollumersweach).

Yn it sintrum stiet yn in slinger oan de Foarwei op in ferheging de âlde doarpstsjerke. Tsjerke en sealtektoer datearje út de 12e iuw. It koar is yn de 15e iuw fernijd. Der binne doe nije finsters oanbrocht. De tsjerke is yn 1888 fan de ûndergong rêden om't jonkhear Victor de Stuers yn it kueroard Mariënbad in rapport oer de werstelplannen fan de tsjerke skreau: Deze kerk [...] verdient in zijn oorspronkelijke karakter hersteld en onderhouden te worden, iets wat zonder veel moeite noch kosten kan geschieden.

Mienskip

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.