From Wikipedia, the free encyclopedia
Johano Strasser (Ljouwert, 1 maaie 1939), is in Dútsk skriuwer, dichter, oersetter, publisist, útjouwer en politikolooch, dy't yn Fryslân berne is en in Nederlânske mem hat. Hy groeide lykwols fierhinne op yn Dútslân, dêr't er him ûntjoech ta auteur fan in stikmannich politike en literêre wurken. Hy is fierders aktyf as lid fan 'e sosjaal-demokratyske partij SPD, en hat yn ferskate bestjoeren fan skriuwersferienings sitten.
Johano Strasser | ||
skriuwer | ||
Johano Strasser yn 2010. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johano Strasser | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 1 maaie 1939 | |
berteplak | Ljouwert(Fryslân) | |
etnisiteit | Dútsk Frânsk Frysk | |
wurk | ||
taal | Dútsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, poëzij, autobiografy, non-fiksje | |
bekendste wurk(en) | Der Klang der Fanfare | |
jierren aktyf | 1977 – no | |
offisjele webside | ||
www.johanostrasser.de |
Johano Strasser waard yn 1939 yn Ljouwert berne as de soan fan Dútske heit en in Nederlânske mem. Syn heit wie sels yn it Amerikaanske Sint-Louis berne as de soan fan in Eastenriker en in Fransêze. Strasser syn âldelju wiene beide oertsjûge pasifisten, dy't op in esperantistysk kongres yn Parys mei-inoar yn 'e kunde kamen. De ynfloed fan it Esperanto is ek de ferklearring foar Strasser syn wat tipelsinnige foarnamme. Syn earste seis jier groeide Strasser op yn Ljouwert, mar oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch koene hy en syn âldelju fanwegen de oanboazjende Dútserhate net yn Nederlân bliuwe. Sadwaande ferfearen se yn 1945 nei Dútslân ta.
Nei't Strasser yn 1958 eksamen dien hie foar it Ratsgymnasium yn Rotenburg (Wümme), studearre er oan it ynstitút foar bûtenlânske en tolkestúdzjes fan 'e Universiteit fan Mainz, te Germersheim, en waard er oplaat ta diplomearre tolk-fertaler. Yn dy hoedanichheid wurke er yn 'e jierren 1961 en 1962 by it Ford-fabryk yn Keulen. Fan 1962 ôf studearre er filosofy te Mainz, en promovearre dêre yn 1967. De jierren dêrnei brocht er troch mei it dwaan fan wittenskiplik ûndersyk en it folgjen fan fierdere stúdzjes yn Grut-Brittanje, Nederlân en Dútslân. Yn 1977 krige er it rjocht om oan 'e Frije Universiteit Berlyn politikology te dosearjen, wat er yn 'e jierren dêrnei dan ek die. In heechlearaarskip oan 'e Pedagogyske Hegeskoalle West-Berlyn waard him lykwols nei in sede-ûndersyk wegere; Strasser wie yn oktober 1970 troch de strafkeamer fan it Landgericht Mainz yn heger berop feroardiele fanwegen mislediging (mear spesifyk: it tillefoanysk seksueel lestich fallen fan ferskate froulju). Syn kassaasjefersyk wie yn 1971 ôfwiisd.
Yn 'e santiger jierren joech Strasser him by de Jusos (ôfkoarting fan Jungsozialisten), de jongereinôfdieling fan 'e sosjaal-demokratyske partij SPD. Dêrby wurke er û.o. mei oan it opstellen fan it partijprogramma. Hy wie fan 1970 oant 1975 pleatsferfangend foarsitter fan 'e Jusos, en sit fan 1975 ôf yn 'e Grundwertekomission fan 'e SPD, dy't stânpunten en strategy fan 'e partij bepaalt. Fan 1980 oant it opdoeken derfan yn 1988 wie Strasser fierders (mei Heinrich Böll, Günter Grass en Carola Stern) útjouwer fan it polityk-literêre tydskrift L 80. Dêrnjonken publisearre er fan 1977 ôf ek ferskate boeken oer de polityk, wêryn't er fral krityk levere op it sintralistysk ekonomyske tinken dat yn Dútslân de noarm wie. Dêrfoar wûn er yn 1984 de priis "Das politische Buch" fan 'e Friedrich-Ebert-Stiftung, en yn 2002 de Gerty-Spies-Literaturpreis fan 'e Landeszentrale für politische Bildung Rheinland-Pfalz.
Los fan syn polityk krewearjen is Strasser sûnt 1983 ek wurksum as literêr skriuwer en dichter. Syn súksesfolste wurk op dat mêd is de roman Stille Jagd ("Stille Jacht"), út 1995. Foar Fryslân is lykwols de roman Der Klang der Fanfare (De Klank fan de Fanfare) ynteressanter, mei't dy foar in part weromgiet op 'e oantinkens út syn ierste jonkheid yn Ljouwert. Fan 1987 oant 1988 siet Strasser er yn it bestjoer fan it Verband deutscher Schriftsteller (it Dútsk Skriuwersbûn), tsjintwurdich ûnderdiel fan 'e Vereinte Dienstleistungsgewerkschaft. Fan 1995 oant 2002 wied er fierders algemien siktaris fan it PEN-Zentrum Deutschland, in oare skriuwersferiening, en fan 2002 oant 2013 wied er dêr foarsitter fan.
Johano Strasser waard roomsk grutbrocht, mar ferliet de tsjerke nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie. Pas yn 1964 krige er it Dútske steatsboargerskip. Hy libbet tsjintwurdich oan 'e Starnberger See, yn it suden fan Beieren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.