From Wikipedia, the free encyclopedia
Jerry Stiller (folút: Gerald Isaac Stiller; New York, 8 juny 1927 – dêre, 11 maaie 2020) wie in Amerikaansk komyk en akteur, dy't it earste diel fan syn karriêre wurke as de iene helte fan it duo Stiller en Meara. De oare helte wie syn frou, Anne Meara, mei wa't er mear as sechstich jier troud wie en mei wa't er twa bern krige, ûnder wa de akteur Ben Stiller. Doe't er al op jierren begûn te reitsjen, makke Stiller in comeback dy't yn 1993 begûn mei syn weromkearende rol as Frank, de heit fan George Costanza yn 'e komeedzjesearje Seinfeld. Neitiid krige er ien fan 'e haadrollen as de eksintrike Arthur Spooner yn 'e komeedzjesearje King of Queens.
Jerry Stiller | ||
akteur | ||
Jerry Stiller yn 2005 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gerald Isaac Stiller | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 juny 1927 | |
berteplak | New York (New York) | |
stoarn | 11 maaie 2020 | |
stjerplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Joadsk | |
reg. identiteit | Asjkenazysk | |
jierren aktyf | 1954 – 2020 | |
offisjele webside | ||
Jerry Stiller op Twitter |
Stiller waard yn 1927 berne yn it Unity Hospital yn 'e New Yorkske borough Brooklyn, as de âldste fan fjouwer bern yn 'e húshâlding fan William Stiller (1896-1999), in bussjauffeur, en dy syn frou Bella Citron (1902-1954). Hy wie fan etnysk Joadsk komôf; syn pake en beppe oan heitekant wiene Joadske ymmigranten út Galysje (doe ûnderdiel fan Eastenryk-Hongarije, no yn 'e westlike Oekraïne), wylst syn mem sels yn Poalen berne wie.
Stiller groeide op yn 'e wiken Williamsburg en East New York, foar't syn âlden har nei wenjen setten yn 'e Lower East Side fan Manhattan, dêr't Stiller fuortset ûnderwiis folge oan 'e Seward Park High School. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinne Stiller as soldaat yn it Amerikaanske Leger. Nei syn weromkear yn 'e Feriene Steaten studearre er oan 'e Universiteit fan Syracuse yn Syracuse (New York), dêr't er yn 1950 in bachelortitel behelle yn spraak en drama. Yn 1953 kaam Stiller yn 'e kunde mei de aktrise en komediënne Anne Meara, mei wa't er yn 1954 troude.
Stiller makke yn 1953 syn debút as akteur yn in opfiering fan it toanielstik Coriolanus fan Shakespeare yn it Phoenix Theater op Broadway. Hy spile yn 'e 1950-er jierren yn ferskate oare foarstellings op Broadway, wêrûnder The Golden Apple ((1954), Diary of a Scoundrel (1956), The Power and the Glory (1958) en twa oare stikken fan Shakespeare: Measure for Measure en The Taming of the Shrew (beide yn 1957). Yn 1956 makke Stiller syn debút op 'e tillefyzje yn 'e searje Studio One in Hollywood, en yn 1970 wied er foar it earst op it wite doek te sjen yn 'e film Lovers and Other Strangers.
Ein jierren '50 stelde Stiller oan syn frou Anne Meara foar om komeedzje te dwaan. Se joegen har earst by it toanielselskip The Compass Players, mar giene al rillegau tegearre fierder as it komysk duo Stiller en Meara. Yn 1961 spilen se yn 'e meast foaroansteande nachtklubs yn New York, en in jier letter waarden se troch The New York Times omskreaun as "in nasjonaal fenomeen". Se hiene de hiele 1960-er jierren troch grut súkses, wêrby't se ek in soad te gast wiene yn tillefyzjeprogramma's, benammen The Ed Sullivan Show.
Yn 1970 holden Stiller en Meara op mei live optredens doe't harren gearwurking sa stroef waard dat harren houlik yn gefaar kaam. Neitiid begûnen se in nije karriêre mei it meitsjen fan reklamespotsjes foar de radio, wêrûnder in kampanje foar wyn fan it merk Blue Nun. Fan 1977 oant 1978 hiene se ek in eigen, yn syndikaasje útstjoerd radioprogramma mei sketchen fan fiif minuten, dat Take Five with Stiller and Meara hiet. Fan 1979 oant 1982 presintearren se ien kear yn 'e moanne op 'e tillefyzje HBO Sneak Previews, wêryn't se nije tillefyzjeprogramma's en films oankundigen. Yn 1986 hiene se fierders in eigen komeedzjesearje, The Stiller and Meara Show, dy't lykwols mar in koart libben beskern wie.
Yn 1993 makke Stiller mei 66 jier in comeback yn 'e útsûnderlik populêre komeedzjesearje Seinfeld, mei in weromkearende rol as de opljeppende driftkikkert Frank Costanza, de heit fan ien fan 'e haadpersoanen, George Costanza (spile troch Jason Alexander). Hy spile dy rol yn 26 ôfleverings, oant de searje yn 1998 úteinlik stopsetten waard. Stiller krige rûnom lof taswaaid foar syn aktearjen, en waard yn 1997 nominearre foar in Emmy Award foar bêste gastrol yn in komeedzjesearje. Hy wûn der yn 1998 in American Comedy Award foar. Itselde jiers dat der in ein kaam oan Seinfeld, waard Stiller troch Kevin James frege foar in fêste rol yn syn nije komeedzjesearje King of Queens. Hy woe dat Stiller, dy't eins oan pinsjonearring tocht, de rol fan Arthur Spooner op him naam, de eksintrike skoanheit fan syn eigen personaazje Doug Heffernan. Stiller biet ta en spile tsien seizoenen lang yn King of Queens, oant de searje yn 2007 einige.
Stiller wurke ek gauris gear mei syn soan Ben, û.m. yn 'e films Zoolander, Hot Pursuit, The Heartbreak Kid en Zoolander 2. Hy hie in cameo yn 'e komeedzjefilm Anchorman: The Legend of Ron Burgundy (2004), en gastrollen yn tillefyzjesearjes as L.A. Law (1993), In the Heat of the Night (1994), The Larry Sanders Show (1998), Sex and the City (2003) en The Good Wife (2011). Fierders wurke Stiller ek as stimakteur, lykas yn The Lion King 1½ (2004) en Planes: Fire and Rescue (2014), en fersoarge er voice-overs. Hy waard yn 2007 nominearre foar in Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn 'e film Hairspray.
Stiller wie mear as sechstich jier troud mei Anne Meara, dy't er foar it earst mette yn it kantoar fan in casting director. Harren houlik duorre fan 1954 oant it ferstjerren fan Meara op 23 maaie 2015. Mei har krige Stiller twa bern: in dochter, aktrise Amy Stiller (1961) en in soan, akteur Ben Stiller (1965). Yn 2001 skreau Stiller in autobiografy mei de titel Married to Laughter: A Love Story Featuring Anne Meara. Dêrfoar waard er yn 2001 nominearre foar in Grammy Award foar it bêste lústerboek. Hy skreau yn 2005 ek it wurd foarôf fan it boek Festivus: The Holiday for the Rest of Us, fan Allen Salkin, oer de fiktive hjeldei Festivus, dy't syn personaazje Frank Costanza yn Seinfeld betocht hie. Yn 2007 ûntfongen Stiller en Meara tegearre in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.
Jerry Stiller kaam op 11 maaie 2020 thús yn 'e Upper West Side fan Manhattan yn 'e âlderdom fan 92 jier te ferstjerren oan natuerlike deadsoarsaken.
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1956 | Studio One in Hollywood | sersjant Joe Capriotti | gastrol; 1 ôfl. |
1957 | Studio One in Hollywood | Hugh | gastrol; 1 ôfl. |
1957 | The Big Story | Tyler | gastrol; ôfl. The Hoax |
1959 | Armstrong Circle Theatre | soldaat Elwood Johnson | gastrol; ôfl. Thunder Over Berlin |
1962 | The Defenders | sersjant Wysenski | gastrol; ôfl. The Empty Chute |
1962 | General Electric Theater | Harold | gastrol; ôfl. Acres and Pains |
1964 | Brenner | Chris Zelco | gastrol; ôfl. The Plain Truth |
1964–1965 | Linus the Lionhearted | ? | weromkearende rol; 3 ôfl. |
1966–1978 | The Mike Douglas Show | n.f.t. | as komyk; 40 ôfl. |
1967–1973 | The Tonight Show Starring Johnny Carson | n.f.t. | as komyk; 14 ôfl. |
1969 | That's Life | himsels | gastrol; ôfl. Our First Fight |
1971 | The Courtship of Eddie's Father | dhr. Landon | gastrol; 1 ôfl. |
1971 | Love, American Style | Leonard Ferguson | gastrol; 1 ôfl. |
1972 | The Courtship of Eddie's Father | Paul Sterling | gastrol; 1 ôfl. |
1972 | The Carol Burnett Show | himsels | gastrol; ôfl. #6.8 |
1972–1973 | The Paul Lynde Show | Barney Dickerson | weromkearende rol; 4 ôfl. |
1973 | Love, American Style | Harry | gastrol; 1 ôfl. |
1975–1976 | Joe and Sons | Gus Duzik | weromkearende rol; 14 ôfl. |
1976 | Phyllis | Burt Hillman | gastrol; ôfl. Phyllis and the Jumper |
1976 | Rhoda | Lloyd Zimmer | gastrol; ôfl. A Touch of Classy |
1979 | Time Express | Edward Chernoff | gastrol; ôfl. Garbage Man/Doctor's Wife |
1979 | The Love Boat | Harlan Weatherly | gastrol; 1 ôfl. |
1981 | The Love Boat | Tony Vitelli | gastrol; 1 ôfl. |
1983 | The Love Boat | Bud Hanrahan | gastrol; 1 ôfl. |
1980–1982 | Archie Bunker's Place | Carmine | weromkearende rol; 2 ôfl. |
1981 | Madame X | Burt Orland | tillefyzjefilm |
1981 | Hart to Hart | Myron Finkle | gastrol; ôfl. Murder Takes a Bow |
1981 | Private Benjamin | sersjant Muldoon | gastrol; ôfl. So Long, Sergeant Ross |
1982 | Simon & Simon | Harold Traxler | gastrol; ôfl. The Uncivil Servant |
1982 | Alice | Gordy | gastrol; ôfl. Do You Take This Waitress |
1983 | Reading Rainbow | Dinosaur Comic | gastrol; ôfl. Digging Up Dinosaurs |
1983 | Amanda's | Sal | gastrol; ôfl. You Were Meant for Me |
1983 | The Other Woman | Mel Binns | tillefyzjefilm |
1984 | Trapper John, M.D. | Artie Merrow | gastrol; ôfl. Where There's a Will |
1985 | The Equalizer | Brahms | gastrol; ôfl. Pilot |
1985 | Tales from the Darkside | Luther Mandrake | gastrol; ôfl. The Devil's Advocate |
1986 | Screen Two | Marty de Reske | gastrol; ôfl. The McGuffin |
1987 | Saturday Night Live | Stu | tillefyzjeprogramma mei komyske sketches; ôfl. Charlton Heston/Wynton Marsalis |
1988–1989 | Tattingers | Sid Wilbur | weromkearende rol; 14 ôfl. |
1989 | Murder, She Wrote | resjersjeur Birnbaum | gastrol; ôfl. When The Fat Lady Sings |
1990 | Monsters | Victor | gastrol; ôfl. One Wolf's Family |
1990 | Sweet 15 | Waterman | tillefyzjefilm |
1991 | American Playhouse | Sam | gastrol; 1 ôfl. |
1991 | Women & Men 2 | Irving | tillefyzjefilm |
1991 | American Playhouse | Seymour Shapir | gastrol; 1 ôfl. |
1992 | Law & Order | Michael Tobis | gastrol; 1 ôfl. |
1993–1998 | Seinfeld | Frank Costanza | weromkearende rol; 26 ôfl. nom. Emmy Award foar treflike gastrol yn in komeedzjesearje |
1993 | L.A. Law | Nat Pincus | gastrol; ôfl. Rhyme and Punishment |
1994 | In the Heat of the Night | rabbyn Feldman | gastrol; ôfl. The Rabbi |
1995 | Homicide: Life on the Street | McGonnigal | gastrol; ôfl. In Search of Crimes Past |
1996 | Deadly Games | Phil Cullen | gastrol; ôfl. Dr. Kramer |
1996 | Law & Order | Sam Pokras | gastrol; 1 ôfl. |
1997 | Subway Stories | âldman | tillefyzjefilm |
1998 | Touched by an Angel | Maury Salt | gastrol; ôfl. Cry and You Cry Alone |
1998 | The Larry Sanders Show | himsels | gastrol; ôfl. I Buried Sid |
1998 | Hercules | earn | as stimakteur; gastrol; ôfl. Hercules and the Promethus Affair |
1998–2007 | The King of Queens | Arthur Spooner | fêste rol; 195 ôfl. |
2000–2002 | Teacher's Pet | Pretty Boy | as stimakteur; weromkearende rol; 11 ôfl. |
2003 | Odd Job Jack | Jim McDonald | gastrol; ôfl. A Candidacy of Dunces |
2003 | Sex and the City | dhr. Brady | gastrol; ôfl. One |
2009 | Wonder Pets! | âlde wite mûs | as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl. |
2009 | Mercy | Joe Thalberg | gastrol; ôfl. The Last Thing I Said Was |
2010 | Ice Dreams | Skipper | tillefyzjefilm |
2010–2011 | Fish Hooks | rektor Stickler | as stimakteur; weromkearende rol; 21 ôfl. |
2011 | The Good Wife | rjochter Felix Afterman | gastrol; ôfl. Silver Bullet |
2014 | How Murray Saved Christmas | Murray Weiner | as stimakteur; tillefyzjefilm |
2016 | Zoolander: Super Model | Maury Ballstein | as stimakteur; tillefyzjefilm |
films | |||
1970 | Lovers and Other Strangers | Jim | net fermeld op ôftiteling |
1974 | The Taking of Pelham One Two Three | resjersjeur Rico Patrone | |
1974 | Airport 1975 | Sam | |
1976 | The Ritz | Carmine Vespucci | |
1977 | Nasty Habits | P.R. Priest | |
1980 | Those Lips, Those Eyes | dhr. Shoemaker | |
1986 | Seize the Day | dokter Tamkin | |
1987 | Hot Pursuit | Victor Honeywell | |
1987 | Nadine | Raymond Escobar | |
1988 | Hairspray | Wilbur Turnblad | |
1989 | That's Adequate | Sid Lane | |
1990 | Little Vegas | Sam | |
1992 | Highway to Hell | plysjeman oan buro | |
1992 | Freefall | Emily har heit | koarte film |
1993 | The Pickle | Phil Hirsch | |
1995 | Heavyweights | Harvey Bushkin | |
1997 | Die Story von Monty Spinnerratz | professor Plumpingham | |
1997 | Camp Stories | Schlomo | |
1997 | Stag | Ted | |
1997 | The Deli | Petey Cheesecake | |
1999 | A Fish in the Bathtub | Sam Kaplan | |
1999 | Secret of the Andes | dr. Golfisch | |
1999 | The Suburbans | Speedo Silverburg | |
2000 | The Independent | Monty Fineman | |
2000 | My 5 Wives | Don Giovani | |
2000 | Chump Change | kolonel | |
2001 | Zoolander | Maury Ballstein | |
2001 | On the Line | Nathan | |
2002 | Serving Sara | Milton de plysjeman | |
2004 | Teacher's Pet | Pretty Boy | as stimakteur |
2004 | The Lion King 1½ | omke Max | as stimakteur |
2004 | Anchorman: The Legend of Ron Burgundy | man yn kafee | cameo; net fermeld op ôftiteling |
2005 | R30: 30th Anniversary World Tour | himsels | |
2007 | Hairspray | dhr. Pinky | nom. Screen Actors Guild Award foar treflike cast yn in film |
2007 | The Heartbreak Kid | Doc | |
2008 | Snakes & Arrows Live | Heidi | |
2011 | Swinging with the Finkels | dhr. Winters | |
2012 | Foodfight! | generaal X | as stimakteur |
2012 | Excuse Me for Living | Morty | |
2014 | Planes: Fire & Rescue | Harvey | as stimakteur |
2016 | Zoolander 2 | Maury Ballstein |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.