gemeente From Wikipedia, the free encyclopedia
Hoekske Waard (Nederlânsk en offisjeel: Hoeksche Waard) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De gemeente ûntstie nei in gemeentlike weryndieling mei yngong fan 1 januari 2019 en omfiemet njonken it eilân Hoekske Waard ek it eilân Tiengemeten.
Gemeente Hoekske Waard Gemeente Hoeksche Waard | |
---|---|
Rekreaasjegebiet by Mijnsheerenland. | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Súd-Hollân |
boargemaster | Charlie Aptroot (VVD) |
sifers en geografy | |
haadplak | Ald-Beierlân |
grutste plak | Ald-Beierlân |
ynwennertal | 86.565 (1 jannewaris 2019) |
befolkingstichtens | 322 / km² |
oerflak | 323,69 km² |
● wêrfan lân | 268,93 km² |
● wêrfan wetter | 54,76 km² |
tal doarpen | 18 |
ferkearsieren | A29, N217 |
skiednis | |
oprjochte | 2019 |
oant 1984 | 18 ferskillende gemeenten |
1984 – 2019 | Binnenmaas Cromstrijen Korendijk Ald-Beierlân (Oud-Beijerland) Strijen |
oar | |
netnûmer | 0186 / 078 |
postkoade | 3260-3299 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.gemeentehw.nl |
Yn 2004 stelde de provinsje Súd-Hollân in gemeentlike weryndieling foar. De gemeenten Binnenmaas, Cromstrijen, 's-Gravendeel, Korendijk, Ald-Beierlân en Strijen soene gearfoege wurde moatte ta ien gemeente Hoekske Waard. Folksstimmings yn in tal gemeenten laten ta dat it foarstel waard letter wer ôfsein waard. Der waard al in Kommisje Hoekske Waard oprjochte dy't him op it mêd fan regionale fraachstikken dwaande hold. Op 1 janewaris 2007 waarden de gemeenten Binnenmaas en 's-Gravendeel gearfoege ta de gemeente Binnenmaas.
Yn 2014 hawwe de boargemasters fan de fiif gemeenten oansetten ta in nij ûndersyk oangeande de takomst fan de Hoekske Waard. Yn it ûndersyk waard nei twa mooglikheden sjoen: it fuortsterkjen en fergrutsjen fan it gearwurkjen of weryndieling fan de fiif gemeenten. De opsje weryndieling waard troch de gemeenterieden fan Strijen en Ald-Beierlân stipe, wylst dy fan Binnenmaas, Cromstrijen en Korendijk in better gearwurkjen stipen.
De rieden fan de fiif gemeenten wiene lykwols fan betinken dat neat dwaan gjin opsje wie en wêrom't der mar twa mooglikheden ûndersocht waarden. Net ien fan de beide mooglikheden koene op in oertsjûgjende stipe rekkenje. De provinsje Súd-Hollân besleat lang om let yn july 2016 de weryndielingsproseduere troch te setten en stelde foar de fiif gemeenten gear te foegjen ta de nije gemeente Hoekske Waard.
Dat provinsjale foarstel waard oan de Twadde Keamer dien en dy stimde op 24 april 2018 der mei yn en de Earste Keamer die dat op 10 july 2018. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 waard de weryndieling wiermakke. De weryndielingsferkiezings waarden op 21 novimber 2018 holden.
IJsselmonde en it Eilân fan Doardt binne mei de Hoekske Waard ferbûn troch tunnels; de Heinenoordtunnel en de Kiltunnel. Oer de Hjerringflietbrêge kinne Goeree-Oerflakkee en Noard-Brabân berikt wurde. Foarne-Putten en Tiengemeten binne allinnich oer it fear te berikken. It fear nei Foarne-Putten fart tusken Nij-Beierlân en Hekelingen. Oer it eilân rinne in part fan de A29 en de provinsjale wei N217, dy't de wichtichste ferbiningswei oer it eilân is fan it fear by Nij-Beierlân oant en mei de Kiltunnel by 's-Gravendeel. De N491 is de streamwei tusken de N217 en it doarp Strijen.
De gemeenterie fan de gemeente Hoekske Waard bestiet út 37 sitten. Hjirûnder stiet de gearstalling fan de gemeenterie sûnt 2019:
Sitten gemeenterie | |||||
---|---|---|---|---|---|
Partij | 2019 | 2022 | |||
CDA | 8 | 6 | |||
Lokalen Hoeksche Waard | ¹ | 5 | |||
SGP | 6 | 5 | |||
VVD | 4 | 5 | |||
D66 | 3 | 2 | |||
GrienLinks | 3 | 2 | |||
KristenUny | 2 | 2 | |||
PvdA | 2 | 2 | |||
Cromstrijen '98 | 1 | ||||
Hoeksche Waardse Senioren Partij | 1 | ||||
Totaal | 37 | 37 |
¹ Mireille Louwerens, mei foarkarstimmen keazen op de list fan Hoeksche Waardse Senioren Partij, stapte noch foar de ynstallaasje fan de nije gemeenterie oer nei de fraksje fan Lokalen Hoeksche Waard.
Súd-Hollân | |
---|---|
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht | |
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.