Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Wassenaar is in plak en gemeente (besteand sûnt de Frânske Tiid) yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen. De gemeente Wassenaar is diel fan it kaderwetgebiet Haachlannen en de metropoalregio Rotterdam-De Haach.
Gemeente Wassenaar
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Súd-Hollân | ||||||
Boargemaster | Leendert de Lange (VVD) | ||||||
Haadplak | Wassenaar | ||||||
Oerflak - wetter |
62,37 km² - 11,45 km² | ||||||
Ynwenners | 25.788 (506 km²) | ||||||
Ferkearsieren | |||||||
Netnûmer | 070 | ||||||
Postkoades | 2240-2245 | ||||||
Offisjeel webstee | www.wassenaar.nl |
Wassenaar bestiet út in doarpskearn en hat boskige omkriten mei in protte filla's en grutte huzen. In protte dêrfan binne fanâlds bûtenpleatsen, simmerferbliuwen foar begoedige stedslju. Njonken begoedige bewenners húsmanje der bedriuwen en konsulaten. Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima hawwe der in hûs op bûtenpleats Eikenhorst. Duinrell wurdt brûkt as pretpark. Ek draafbaan Duindigt, de ienich oerbleaune gers-hurdraversbaan yn Nederlân, leit yn Wassenaar.
Yn it sintrum fan Wassenaar stiet de âde romaanske doarpstsjerke dy't foar in part út de 12e iuw stammet, en dy't yn de 16e iuw foar in part fannijs boud wurde moast nei fernielings yn it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch. In deze kerk werd prinsesse Alexia doopt. Neist in lyts tal âlde doarpshuzen stiet dêr ek de achttjinde-iuwske wynmûne Windlust.
Wassenaar grinzget oan it doarp Foarskoat wêr't fanâlds in mienskiplike skiednis mei hat.
Oan de Wassenaarske Slach lizze yn it natuergebiet noch in protte oerbliuwsels fan de Atlantikwall, ûnder oaren in hûnderten meters lange betonnen muorre. Der lizze ek hast 1000 meter oan ûndergrûnske mitsele gongen dy't fiif bunkers meielkoar ferbine. Dy gongen binne hjoeddedei yn gebrûk as flearmûsbunker.
Leger ûnderwiis:
Fuortset ûnderwiis:
Súd-Hollân | |
---|---|
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht | |
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.