Skiedam
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Skiedam[2] (Nederlânsk en offisjeel: Schiedam) is in stêd en in gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.
Skiedam Schiedam | ||
Sintrum fan Skiedam mei Zakdragershuisje | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 81.930 (1 jannewaris 2024)[1] | |
Oerflak | 19,89 km², 18,10 km² län, 1,79 km² | |
Befolkingsticht. | 4.475 / km² | |
Stêdekloft | Rijnmond | |
Oar | ||
Stifting | 1275 | |
Ferkearsieren | A4 A20 Spoar fan Amsterdam nei Rotterdam | |
Postkoade | 3100 - 3125 | |
Netnûmer | 010 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 55' NB, 4° 23' EL | |
Lokaasje gemeente Skiedam yn Súd-Hollân | ||
Offisjele webside | ||
www.schiedam.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Gemeentekaart fan Skiedam |
De gemeente leit ynklamme tusken Rotterdam en Flaardingen. It leit oan de Skiedamske Skie en de Nije Maas. Op 1 jannewaris 2024 wennen der 81.930 minsken yn de gemeente. De stêd is benammen ferneamd om syn jenever, de histoaryske binnenstêd mei de grêften. Ek steane yn Skiedam de heechste wynmûnen fan de wrâld.
Skiedam ûntstie lykas Rotterdam oan de mûning fan in rivier, de Skie. Om 1250 hinne waard de Skie ôfdamme om de polders foar it seewetter te beskermjen. Om de daam hinne ûntstienen hannelsaktiviteiten omdat it guod dat oanfierd waard mei skippen oerladen wurde moast. In lytse doarpke ûntstie sa om de daam hinne.
Yn 1275 krige Skiedam stedsrjochten fan Aleida van Avesnes, de suster fan Willem II fan Hollân.
De achttjinde iuw wie de Gouden Iuw foar Skiedam fanwegen it opkommen fan de Skiedamske jeneverstokerij. Ut ferskate stokerijen en destillearderijen wei waard de Skiedamske jenever oer gâns de wrâld eksportearre. Troch de jeneveryndustry krige Skiedam de bynammen "Swart Nazaret". Hjoed-de-dei is dy berdiuwstûke foar it grutste part ferdwùn, dochs bepale seis mûnen noch hieltyd it stedsbyld: De Walvisch, De Drie Koornbloemen, De Vrijheid,De Noord, De Palmboom, de yn 2008 boude Noletmolen en de yn 2011 fannijs boude mûne De Kameel, ien fan de heechste mûnen yn 'e wrâld. Ek docht in grut tal fan de eardere stokerijen weromtinken oan de stokerstriid. Yn ien fan dy stokerijen is sûnt 1996 it Jenevermuseum yn fêstige.
Op 4 maaie 1976 kaam Skiedam yn it nijs omreden de Treinramp by Skiedam.
Yn 2009 waard de yntocht fan Sinteklaas yn Skiedam hâlden.
Populaasje ûntwukkeling fan Skiedam sûnt 1983[3]:
Skiedam bestiet út ferskate wenwyken:
|
Ek binne der noch twa buorskippen:
|