Duinrell
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Duinrell is in fakânsjepark yn Wassenaar, yn de provinsje Súd-Hollân dat oprjochte is yn 1935. Der lizze in bungalowpark en in camping, mar Duinrell is dochs foaral bekend om har attraksjepark mei it byhearrende swimbad it Tikibad.
Duinrell hat in kikkert as maskotte en har reklamekreet is "Duinrell, dêr kikkertst fan op". De maskotte hjit Rick de Kikkert en komt geregeld werom yn de reklames fan it park.
Duinrell hie plannen om yn 2007 in nije achtbaan fan de Dútske firma Gerstlauer te iepenjen, mar krige gjin fergunning fan de gemeente. De fergunningsoanfraach foar de Rick's Delight is op 7 maaie 2008 troch de Ried fan Steat ôfwiisd fanwege fouten by ferskate mjittings yn it ûntwerp. Op 7 jannewaris 2009 is it bestimmingsplan dochs goedkard, wat betsjut dat der begûn wurde kin mei de bou fan de achtbaan, wêrnei't de bou útein sette. Op 14 maaie 2009 is de achtbaan iepen gien ûnder de namme: Falcon.
De Batflyer wie in hingjende achtbaan (Single Suspended Coaster) mei ien inkele rail en 850 meter lang. De Batflyer wie oplevere yn 1997, mar is yn 2002 sloopt, wylst er nea iepen west hat. De karkes (yn de foarm fan in flearmûs) gienen op sommige punten te hurd, en by de bocht foar it stasjon te stadich, sadat de karkes nea it stasjon berikten. De attraksje waard meardere kearen oanpast, mar koe net foldwaan oan de feilichheidseasken, en is sloopt yn 2002, mei in úteinlike skeapost fan 2 miljoen gûne. De firma fan de achtbaan, Caripro, gie by de bou fallyt.
Der binne wurkjende modellen fan it type Batflyer, mar mei dy yn Duinrell gie it mis, omdat dizze oars wie (mooglik om sa min mooglik beammen kappe te hoegen).
Fan de Batflyer is allinnich noch it stasjon oer, wêryn't no in stasjontsje sit foar in trein en der siet in souvenirwinkel. Yn it stasjon is noch in komplete regelynstallaasje te sjen.
Fan begjin 2009 ôf wurdt de hiele catering yn Duinrell, fersoarge troch La Place. Alle ytgelegenheden yn it park geane fia La Place.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.