Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Partij fan de Arbeid (Ned.: Partij van de Arbeid (PvdA)) is in politike partij. De partij is sosjaal-demokratysk. Fan de oprjochting ôf op 9 febrewaris 1946 hat de partij altyd fertsjintwurdige west yn de Earste Keamer en yn de Twadde Keamer.
Partij fan de Arbeid | |
---|---|
Partijlieder | Frans Timmermans |
Partijfoarsitter | Esther-Mirjam Sent |
Oprjochting | 1946 |
Haadsit | De Haach |
Ledetal | |
Jongereinorganisaasje | Jonge Socialisten |
Rjochting | Lofts |
Ideology | Sosjaaldemokrasy |
Wittenskiplik buro | WBS |
Europeeske fraksje | PASD |
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan | Sosjalistyske Ynternasjonale |
Webside | nu.pvda.nl |
De Partij fan de Arbeid waard oprjochte op 9 febrewaris 1946. Yn de nije partij gienen de foaroarlogske SDAP, VDB en CDU op. Fierder waarden ek guon lju fan de eardere CHU en RKSP en guon partijleazen lid fan de nije partij.
De Partij fan de Arbeid wwaard opset as in brede progressive folkspartij, mei plak foar tsjerkske en net-tsjerkske minsken fan progressyf sinjatuer. Om konfesjonele leden en kiezers oan de partij te binen waard in trochbraak-gedachte neamd. Yn de besettingstiid yn de Twadde Wrâldkriich waard der al praten oer in brede folkspartij, foaral yn in it kamp Sint Michielsgestel, dêr't in soad liedende politisy en wittenskippers yn it gefang sieten. Nei de befrijing late dit ta de oprjochting fan de Nederlânske folksbeweging (NFB) mei Willem Banning en Wim Schermerhorn as lieders. Ek kamen der katolike leden lykas Marga Klompé en Jan de Quay. Yn de NVB kaam rûzje oer De Quay. Dizze man hie de Nederlânske Uny laat yn de Twadde Wrâldkriich. In soad leden koenen dit net akseptearje. Dêrom rjochten de katoliken in eigen partij op. Dy partij waard de KVP. De nije PvdA krige mar in pear progressive katolike en protestantske leden. In echte trochbraak kaam der net fan omdat de KVP, ARP en de CHU bestean bleaunen.
Yn de PvdA hienen de sosjaal-demokraten fan it begjin ôf oan in sterke posysje. De SDAP levere de measte leden en foarmannen fan de nije partij. Willem Drees, in echte sosjaal-demokraat, waard partijlieder. Trochdat de sosjaal-demokraten in soad te sizzen hienen waarden der ferskillende stânpunten en symboalen oernaam. Sa waarden de PvdA-kongressen ôfsluten mei it sjongen fan de Ynternasjonale. Yn de jierren 1946 - 1970 wie de PvdA ferbûn mei de reade pylder. Ek wiene der goede bannen mei de FARA en de sosjalistyske parse (It Frije Folk). Yn de keamerfraksje sieten ûnder oaren foarmannen fan it NVV lykas Henk Oosterhuis, Dirk Roemers en Ies Baart); PvdA fraksje-foarsitter Jaap Burger wie ek foarsitter fan de FARA. Dêrneist wie der in frijsinnich-demokratyske streaming mei minsken as Wim Schermerhorn, Dolf Joekes en letter Anne Vondeling. Lange tiid hie de PvdA-fraksje in lyts tal leden yn har fermidden dy't tsjin kearnbewapening wiene. In soad fan harren wienen ôfkomstich út de foaroarlochske, pasifistyske CDU.
Mei't yn Nederlân de pylders minder wichtich waarden, waard ek de bân mei de reade pylder minder. Dit makke it foar de PvdA mooglik him te rjochtsjen op de middenklassen, dy't ûntstean waarden troch de gruttere wolfeart. Yn 1986 krige de PvdA mei Wim Kok al noch in fakbûnslieder as polityk lieder, mar hy naam yn 1995 ôfstân fan de âlde ideology. Partijfoarsitter Felix Rottenberg (1992 oant 1997) wie ferantwurdlik foar de fernijing yn de keamerfraksje.
Fjouwer PvdA-ers wienen yn totaal 24 jier minister-presidint en de PvdA naam dêrneist ek noch diel oan fjouwer oare kabinetten. Yn totaal siet de PvdA 33 jier yn it regear.
By de oprjochting yn 1946 waard PvdA de grutste regearspartij. Neist de sosjalisten Willem Drees, Sicco Mansholt en Hein Vos kamen ek minister-presidint Wim Schermerhorn en fjouwer oare ministers by de nije partij. De PvdA bleau nei 1946 in regearspartij. Yn 1946 foarmen de PvdA en KVP tegearre in nij kabinet, en fan 1948 oant 1958 makke de PvdA diel út fan in koalysje op brede basis. In brede gearwurking wie nedich om de Yndonesyske Kwestje op te lossen, om't der in twatredde mearderheid foar ferge waard. Mei in soad muoite en ûnder grutte ynternasjonale druk slagge it yn 1949 om in regeling te treffen foar de oerdracht fan de soevereiniteit oan Yndoneezje. Foaral yn de PvdA wie in soad ferset om geweld te brûken. In soad PvdA-ers stienen doe yn twastriid. Ut it regear te stappen soe neat oan de situaasje yn Yndonezje feroarje, mar it soe al it gefolch hawwe dat in soad sosjale ideeën net trochgean soenen.
Nei de ferkiezings yn 1952 kaam de ARP ynstee fan de VVD yn it kabinet. Under lieding fan Willem Drees en ministers Dolf Joekes en Ko Suurhoff fan sosjale saken waard der begûn mei de opbou fan de sosjale fersoargingssteat. Yn 1952 kaam de wurkleasheidswet ta stân, yn 1956 de Algemiene Alderdomswet en yn 1958 de Widdos- en Wezenwet. Yn 1958 kaam it ta in breuk yn de koalysje, nei de foarming fan it fjirde kabinet Drees.
Nei de ferkiezingen fan 1959 kaam de PvdA yn de opposysje. De partijlieder wie doe Jaap Burger. Hy waard opfolge troch Anne Vondeling, dy't de arbeiders oan him bine woe mar ek de midden-ynkommens. Dochs ferlear de partij yn 1963 wer de ferkiezings. De PvdA waard wer gjin part fan it regear, mar nei oardel jier kaam der sûnder ferkiezingen in nij kabinet. Dit kabinet waard foarme ûnder lieding fan Jo Cals en Anne Vondeling en bestie út de KVP, PvdA en ARP. Nei wer oardel jier foel ek dit kabinet, yn de Nacht fan Schmelzer. Nei de ferkiezings fan 1967 kaam de PvdA wer yn de opposysje. As nije partijlieder krige de PvdA Joop den Uyl.
Nei de ferkiezingen fan 1971 waard de PvdA de grutste partij en yn 1972 fersterke de partij har posysje. Tegearre mei D66 en PPR waard oanstjoerd op in links kabinet. Trochdat de sintrumrjochtse koalysje gjin mearheid krige en de linkse opposysje ek net, ûntstie der in grutte tsjinstelling. Dizze waard troch formateur Jaap Burger trochbrutsen. Hy wist in pear Kristen-demokraten safier te krijen om mei te dwaan oan in progressyf kabinet. Nei fiif moanne late dit ta de foarming fan it kabinet Den Uyl, it meast progressive nei oarlochse kabinet. Mar alhoewol't der wol inkele saken regele waarden wie it kabinet Den Uyl ek foar de PvdA in teloarstelling om't troch de ynternasjonale oaljekrisis it progressive programma net ta útfiering kaam. Minister-presidint Den Uyl bleau lykwols populêr: Yn 1977 waarden de ferkiezingen wûn mei de leus: kies de minister-presidint.
Nei de ferkiezingen fan 1982 kaam der in koalysje tusken it CDA en de VVD, dizze koalysje hâlde it hast sân jier fol.
De lieder Wim Kok wie in gematigd politikus. Dizze gematichdens en de winsk om wer te regearen late ta in kabinet tusken it CDA en de PvdA mei Kok op finansjen. Syn strang finansjeel belied late ta maatskiplike ûnrêst. Yn 1994 ferlearen sawol de PvdA as it CDA.
It ferlies fan it CDA makke it paad frij foar it pearse kabinet tusken de PvdA, VVD en D66 ûnder lieding fan Kok. Troch it geunstige ekonomyske klimaat en de sûne oerheidsfinansjen wisten de partijen yn 1998 wer te winnen. Der kaam in twadde kabinet kok. Dit kabinet hie it foaral oan 'e ein dreech. Benammen Pim Fortuyn wist de ûnfrede fan de befolking goed te ferwurdzjen. Dit late ta it grutste elektorale djiptepunt foar de PvdA. Partijlieder Ad Melkert, de opfolger fan Wim Kok, stapte op.
Nei in oergongsperioade ûnder Jeltje fan Nieuwenhoven waard Wouter Bos de nije partijlieder. De PvdA hie in goed ferkiezingsresultaat mar dochs kaam de PvdA yn 2003 net yn it regear. Yn 2006 ferlear de PvdA in soad sitten. Dochs kaam er doe in regear mei CDA, PvdA en KristenUny, it kabinet Balkenende IV. Wouter Bos waard fise-premier en minister fan fynânsjes.It kabinet stroffele op 23 febrewaris 2010 oer it Uruzganbeslút (Afganistan).
Wouter Bos stie net mear kandidaat om't er mear tiid besteegje woe oan syn húshâlding. Hy skode Job Cohen, boargemaster fan Amsterdam, nei foaren as listluker. Mar hy die it net sa goed as kandidaat premier as in protte minsken ferwachte hienen. De PvdA helle 30 sitten mar waard net de grutste partij, dat waard de VVD mei ien sit ferskil. Der kaam in kabinet fan VVD en CDA, mei "gedoochsteun" fan de PVV, it kabinet Rutte I. De PfdA waard de grutste opposysjepartij. Yn febrewaris 2012 waard Job Cohen opfolge troch Diederik Samsom.
Samsom waard listlûker by de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 2012. Op 'e nij waard de PvdA de twadde partij, nei de VVD. Omdat de VVD en PvdA tegearre in mearderheid hienen, gongen sy tegearre in kabinet foarmjen, Rutte II. Diederik Samsom bleau yn de Twadde Keamer sitten as fraksjefoarsitter. De Amsterdamske wethâlder Lodewijk Asscher kaam yn it kabinet as minister fan Sosjale Saken en fise-premier. In soad kiezers begrepen net hoe't twa sokke ferskillende partijen,dy 't linerjocht tsjinoer elkoar stienen yn de ferkieizngs, no sa gearwurkje koenen. Foaral doe't er yngripende maatgerels naam wurde moasten krige it kabinet, en foaral de PvdA, in soad tsjinstân.
Lodewijk Asscher wûn it ledenreferindum fan Diederik Samson en waard de nije listluker. Samsom luts him werom as polityk lieder, fraksjefoarsitter en Keamerlid. Attje Kuiken waard tydlik fraksjefoarsitter en Asscher bleau yn it kabinet wylst er ûnderwilens besocht om wat mear ôfstân te nimmen fan de VVD. De kiezers wiene it paad folslein bjuster en de PvdA gong fan 38 nei njoggen sitten. Dat is it grutste ferlies yn de Nederlânske skiednis. De PvdA is yn de opposysje bleaun, it kabinet Rutte III bestiet út VVD, CDA, D66 en Kristen Uny.
Lodewijk Asscher luts him op 14 jannewaris 2021 werom as listlûker en fraksjefoarsitter. Hy wie yn opspraak kaam nei de sanneamde taslagge-affêre. Lilianne Ploumen folge him op as fraksjefoarsitter en listlûker.
Attje Kuiken folge Ploumen op as fraksjefoarsitter op 22 april 2022. Jesse Klaver fan GrienLinks folge Kuiken op as fraksjefoarsitter op 27 oktober 2023.
Frans Timmermans folge Klaver op as fraksjefoarsitter op 6 desimber 2023 en waard listlûker by de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 2023.
It wittenskiplike buro fan de PvdA is de Wiardi Beckman Stifting. De stifting hat himsels it doel steld om in brêge te foarmjen tusken de wittenskip en de sosjaal-demokrasy. De stifting is neamd nei Herman Bernard Wiardi Beckman, in lid fan de Twadde Keamer dy’t yn de Twadde Wrâldkriich omkomd is.
De Jonge Sosjalisten (JS) is de politike jongerenorganisaasje dy't ferbûn is mei de PvdA. Foar âlderen is der de Lânlike advysgroep âlderen (LAO).
Leden mei in advisearjende stim:
It ledenblêd fan de PvdA hjit Read.
Marinus van der Goes van Naters | 9 febrewaris 1946 | - | 15 jannewaris 1951 | |
Leendert Antonie Donker | 15 jannewaris 1951 | - | 3 septimber 1952 | |
Jaap Burger | waarnimmend | 15 jannewaris 1951 | - | septimber 1951 |
Jaap Burger | 3 septimber 1952 | - | 16 septimber 1962 | |
Anne Vondeling | 25 septimber 1962 | - | 14 april 1965 | |
Gerard Nederhorst | 14 april 1965 | - | 15 febrewaris 1967 | |
Joop den Uyl | 15 february 1967 | - | 11 maaie 1973 | |
Ed van Thijn | 15 maaie 1973 | - | 26 maaie 1977 | |
Ed van Thijn | waarnimmend | 26 maaie 1977 | - | 16 jannewaris 1978 |
Joop den Uyl | 16 jannewaris 1978 | - | 10 septimber 1981 | |
Wim Meijer | 11 septimber 1981 | - | 16 septimber 1982 | |
Joop den Uyl | 16 septimber 1982 | - | 15 july 1986 | |
Wim Kok | 21 july 1986 | - | 5 novimber 1989 | |
Thijs Wöltgens | 6 novimber 1989 | - | 3 maaie 1994 | |
Wim Kok | 4 maaie 1994 | - | 22 augustus 1994 | |
Jacques Wallage | waarnimmend | 29 july 1994 | - | 30 augustus 1994 |
Jacques Wallage | 30 augustus 1994 | - | 6 maaie 1998 | |
Wim Kok | 7 maaie 1998 | - | 14 maaie 1998 | |
Jacques Wallage | 14 maaie 1998 | - | 10 july 1998 | |
Ad Melkert | 13 july 1998 | - | 17 maaie 2002 | |
Jeltje van Nieuwenhoven | waarnimmend | 17 maaie 2002 | - | 19 novimber 2002 |
Wouter Bos | 19 novimber 2002 | - | 22 febrewaris 2007 | |
Jacques Tichelaar | 22 febrewaris 2007 | - | 22 april 2008 | |
Mariëtte Hamer | 22 april 2008 | - | 10 juny 2010 | |
Job Cohen | 10 juny 2010 | - | 20 febrewaris 2012 | |
Jeroen Dijsselbloem | waarnimmend | 20 febrewaris 2012 | - | 17 maart 2012 |
Diederik Samsom | 17 maart 2012 | - | 12 desimber 2016 | |
Attje Kuiken | 12 desimer 2016 | - | 23 maart 2017 | |
Lodewijk Asscher | 23 maart 2017 | - | 14 jannewaris 2021 | |
Lilianne Ploumen | 14 jannewaris | - | 12 april 2022 | |
Attje Kuiken | 22 april 2022 | - | 27 oktober 2023 | |
Jesse Klaver | 27 oktober 2023 | - | 6 desimber 2023 | |
Frans Timmermans | 6 desimber 2023 | - | no |
Likernôch 70 boargemasters yn Nederlân binne fan PvdA-komôf. Inkele bekende nammen binne:
Provinsje Fryslân:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.