Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jacobus Jan (Koos) Vorrink (Flaardingen, 7 juny 1891 - Amsterdam, 19 july 1955) wie in Nederlânsk politikus. Hy wie foarsitter fan de Arbeiders Jeugd Sintrale (AJC), de Nasjonaal Sosjalistyske Arbeiders Partij (SDAP) en de Partij fan de Arbeid (PvdA).
Vorrink wie ûnderwizer yn Flaardingen en Amsterdam, oant hy yn 1920 wurkjen gie foar de Arbeiders Jeugd Sintrale (AJC), de sosjalistyske jeugdbeweging. Yn 1927 waard hy lanlik foarsitter fan de AJC. Vorrink wie in meislepend reedner, dy't in protte it wurd fierde op talrike sosjalistyske gearkomsten en demonstraasjes.
Fan 1934 oant 1946 wie Vorrink foarsitter en fan 1935 ôf ek Earste Keamerlid foar de SDAP.
Yn de Twadde Wrâldkriich siet hy yn it ferset. Nei it lykskeakeljen fan de Nederlânske pars fuortendaliks nei de kapitulaasje, besocht hy ferskate malen in ûndergrûns blêd op te setten. Alle besikings fan him misleare lykwols oant hy Frans Goedhart tsjinkomt; út de gearwurking mei dizze sjoernalist ûntstie Het Parool.
Vorrink en partijgenoat Levinus van Looi rekken belutsen by it Ingelânspiel. Yn 1943 waard hy arrestearre. Hy waard ynternearre yn kamp Haaren en fan dêrút nei it konsintraasjekamp Sachsenhausen brocht. Hy krige der kunde oan in protte oare finzen Nederlânske politisy. Yn dat kamp kaam de trochbraak gedachte ta stân dêr't letter de PvdA út ûntstie.
Nei de oarloch wie Vorrink fan 1946 ôf de earst foarsitter fan de PvdA, en Twadde Keamerlid oant 1954.
Koos Vorrink is de heit fan de eardere PvdA-minister Irene Vorrink.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.