From Wikipedia, the free encyclopedia
Gau is ien fan de doarpen yn de De Legeaën, in lânstreek fan doarpen noardlik fan de Snitser Mar, yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It leit yn 'e Lege Midden fan Fryslân in pear km noardeastlik fan Snits.
Gau | ||
Nikolaastsjerke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 340 (2022) [1] | |
Oerflak | 1,61 km, werfan: - lân: 1,57 km² - wetter 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 217 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 3' N 5° 42' E | |
Offisjele webside | ||
Side De Doarpsstimme FB-side Gau | ||
Kaart | ||
De earste bewenningspoaren komme út de 3e iuw, mar it doarp waard yn 1256 foar it earst neamd. Oare nammen fan Gau wiene Ghawe (1482), Ghawee, Gaeuw (1505), Clegaw en Gaw (1511) en Gauw (1543). De namme stamt út it Aldfrysk. De namme Clewage betsjut soks as 'feart dêr't it fee bylâns ferfierd wurdt. It doarp hat in delsetting oan de Gau, Geau of Gawe west. Oannommen wurdt dat de Aldfeart, dy't eartiids breder wie, ek de namme Gau hie.[2]
De oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde midsiuwske tsjerke waard yn 1685 ferfongen troch nijbou.
Mei de doarpen Goaiïngea, Loaiïngea, Offenwier en Skearnegoutum foarme Gau yn 'e midsiuwen it bûn Snitser Fiifgea. Yn it ferliene wie it doarp allinne oer de opfeart te berikken, dy't in ferbining mei de Aldfeart hat. Gau wie fral in boeredoarp, mar tsjintwurdich hat in grut part fan de bewenners it wurk earne oars.
Yn de tiid fan de doleânsje waard yn Gau yn 1888 in grifformearde needtsjerkje mei konsistoarje boud. Yn 1896 waard de needtsjerke ferfongen troch in stiennen tsjerke, dy't oant 1990 tsjinne en tsjintwurdich foar opslach brûkt wurdt.
Gau hat mar in hânfol strjitten en ien dêrfan waard ferneamd nei de yn de Twadde Wrâldoarloch deasketten bakker fan it doarp. Nei ferrie waard der by bakker Willem Boeijenga op 8 augustus 1944 in oerfal dien om te sykjen nei in ûnderdûkte Amsterdamske joadinne. De bakker wegere ynformaasje te jaan en wist nei mishanneling te flechtsjen troch de skytsleat en oer it hiem fan syn omke nei it haventsje, mar waard doe deasketten. De joadinne waard fûn en deportearre, mar oerlibbe de oarloch. Alle jierren wurdt der op 4 maaie by de tinkstien yn de muorre fan de tsjerketoer en by it grêf in betinking holden.[3]
Foar de gemeentlike weryndieling fan 2011 hearde Gau ta de gemeente Wymbritseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 makke it diel út fan it âlde Wymbritseradiel (1851-1984).
Ein 2007 is it doarpshûs Us Gebou fan Gau nei in opknapbeurt op 'en nij iepene. Yn it doarpshûs wurde in soad aktiviteiten organisearre lykas kaarten, biljerten, skaken en koersbal. De doarpskrante hjit de 'Gauster Doarpsstimme' .
Foar sporten giet men meast nei de sporthal 't Mingeltsje' en it sportfjild yn Sibrandabuorren of nei it keatsfjild yn Goaiïngea.
De 'Nacht fan Gau' wie earder op de earste dei fan de boufakfakânsje, mar no op de tredde sneon fan septimber. It waard opset om it doarpshûs te rêden, mar groeide út ta in evenemint dêr't de opbringsten fan nei de klubs en ferienings geane.
In bekende Gauster wie Sibbeltsje Gjaltema (1682-1765). Ut har legaat krigen de earmsten eartiids fan de diakonij yn de doarpen Gau, Goaiïngea en Offenwier om de kryst hinne acht pûn gersbûter en in krintebôle taparte. Har byld stiet der noch en yn de tsjerketoer is har grêfstien ynmitsele.
De PKN De Lege Geaën hat regelmjittich earetsjinsten yn de Nikolaastsjerke.
Yn 1983 krige it doarp in nij skoalgebou foar Kristlike Basisskoalle 'De Twatine'. Dy skoalle moast fanwegen te min learlingen yn 2018 fusearje mei de basisskoallen fan 'e buordoarpen Sibrandabuorren en Tersoal. De nije Mienskipsskoalle De Legeaën kaam yn Sibrandabuorren te stean. Oant de nijbou klear wie (begjin 2020), bleau de skoalle yn Gau iepen.
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2011 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 144 | 310 | 289 | 281 | 241 | 247 | 399 | 373 |
Jier | 2015 | 2020 | 2022 | |||||
Ynwenners | 375 | 345 | 340 |
Boeijengastrjitte, De Clegauwe, De Eker, De Kamp, De Skalter, Tsjemlân.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.