De Legeaën (faak stavere as de Legeaen, soms as de Legean) of de Lege Geaën, is de lânstreek yn Fryslân tusken Snits en Raerd, noardwestlik fan de Snitser Mar. Dit gebiet ffalt no ûnder Súdwest-Fryslân, mar foarhinne hearde it ta de gemeenten Raerderhim en âld Wymbritseradiel, en letter ta Boarnsterhim), Snits en nij Wymbritseradiel. De Legeaën omfetsje de doarpen:

Thumb
De Legeaën.

De namme de Legeaën of de Legean is in gearlûking fan 'De Lege Geaën', en tsjut op it relatyf leechlizzend gebiet. In ferklearring dy't hjir foar jûn is, is dat hiel it gebiet fan Legeaën, marren en Lege Wâlden, útskuorre is troch de gletsjers fan de Saale-iistiid. Nei dy tiid moat de romte dan fold wêze mei grûn, earst sân en letter mei klaai en fean. In beheindere útlis is dat de Raarderhim bestiet út klaaigrûn tusken de hegere grûnen om de eardere Middelsee en de Snitser Mar. De Griene Dyk befeiliget de Legeaën tsjin it wetter fan de mar.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.