Dwerch (mytysk wêzen)
From Wikipedia, the free encyclopedia
In dwerch is in mytysk wêzen dat oarspronklik út 'e Germaanske mytology komt, en yn 't bysûnder út 'e Noardske mytology. Dwergen wurde yn Germaanske myten oer it algemien foarsteld as lytse, op minsken lykjende wêzens dy't yn grotten yn 'e bergen of yn hoalen ûnder de grûn wenje. Se wurde gauris assosjearre mei wiisheid, smidswurk en mynbou. Fan uterlik binne se ornaris koart fan stal en lilk, hoewol't guon wittenskippers de fraach oppenearre hawwe oft dat net in lettere ûntwikkeling is dy't fuortkomt út komysk bedoelde werjeften. Fierders wurde dwergen faak omskreaun as deun, ynklauwerich en gau yn harren eargefoel oantaast. As dat lêste bart, soene se ûnfersoenlike fijannen wurde. It moderne byld fan dwergen is sterk beynfloede troch portrettearrings yn 'e popkultuer, wêrfan't de Disneyfilm Snow White and the Seven Dwarfs (1937) en de Lord of the Rings-trilogy fan J.R.R. Tolkien (1954-1955) de wichtichsten binne.