From Wikipedia, the free encyclopedia
It kerstenjen of de kerstening hâldt yn it eardere (meastentiids) massaal bekeare fan net-kristlike (faak heidenske) folken ta it kristendom. Oare beneamings binne kristianisearing en it modernere evangelisaasje.
Oan de ein fan de 3e iuw hearden it hjoeddeiske Turkije, Syprus, Kreta, de Nyldelta en de gebieten om Kartago (Donatisme) en Syrene ta de sterkst kerstene gebieten. It grutste part fan Jeropeeske folken waard pas kerstene yn de Midsiuwen. Ein 7e iuw wie hiel Jeropa te suden en westen fan de Donau en de Ryn kerstene en yn de 8e en 9e iuw ek it gebiet tusken Ryn, Donau en Oder. Dat kerstenje gie faak gear mei twang en geweld.
Yn Jeropa sette de kerstening him earst goed troch te suden fan de Ryn mei de bekearing fan Klovis, kening fan de Franken en syn folk dy't him dêryn folge. It Frankyske Ryk wreide har fierder út en alle oerwûne folken moasten troch har goedskiks of hurdskiks it kristlike leauwe oernimme. Troch privileezjes fuort te jaan yn ruil foar it nije leauwe besochten de Franken earst de eallju fan de fersleine folken foar harren te winnen. Dêrmei hopen sy dat it gewoane folk folge soe. By dizze pragmatyske oanpak waarden sommige gewoanten of lokale hillige plakken kristianisearre. Op earst heidenske hillige plakken waarden kapellen boud en "heidense" feestdagen koppeld oan kristlike hjeldagen. Ek waarden "heidense" gewoanten oernommen yn de tsjerke (dat letter ûnder de reformaasje lykwols wer folslein útband waard).
Yn it noarden fan Jeropa gie de kerstening in stik stadiger. Ut de skriftlike boarnen docht bliken dat fan alle Skandinavyske folken de Sweden it slimst te kerstenjen wienen: hja waarden pas om it jier 1000 hinne, in heale iuw letter as oaren ta it kristlike leauwen oerhelle. De Poalen en de Hongaren waarden om deselde tiid kerstenje. Hja waarden troch Syrillus en Metodius bekeare dy't de Slavyske folken ek in eigen skrift joegn: it Syrillysk skrift. Yn 988 gie ot Kiewske Ryk oer ta it kristendom.
De lêste Jeropeeske folken dy't kerstene waarden wienen de Finnen yn de 12e en de 13e iuw, tagelyk mei de Alde Prusen. De Litouwers binne as lêste befolkingskloft kristlik makke yn 14e iuw.
Net allinnich Jeropa waard kerstene. De Jeropeeske mogendheden trachtsjen harren leauwe ek op te lizzen oan de kolonisearre gebieten yn de Nije Wrâld en yn Aazje. De katolike missy wie fral yn Latynsk-Amearika en de Filipinen suksesfol, en yn de fersprieding fan it kristlik leauwe yn Afrika besuden fan de Sahara hienen de protestanten in grut oandiel.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.