In reus (froulike foarm: reuzinne) is in mytysk wêzen mei in antropomorf (minskeftich) uterlik, dat lykwols oansjenlik grutter is as in minske. Sokke wêzens komme foar yn 'e mytologyen fan in protte religyen en de folkloares fan in grut tal etnyske groepen. Reuzen wurde gauris ôfskildere as meunsters en antagonisten. Opmerklik is dat harren manearen yn 'e regel net botte fyn ynlein binne en dat se mar in bytsje prate, hoewol't se dat ornaris wol kinne. Guon reuzen beskikke oer magyske krêften.

Thumb
In man fan normale lingte besjocht it stânbyld op wiere grutte fan Rigardus Rijnhout, de 'Reus fan Rotterdam'.
Thumb
In ôfbylding út 'e Noardske mytology: de god Thor fjochtet tsjin 'e iisreuzen.

Yn 'e Westerske kultuer binne reuzen ûnder mear bekend út 'e Grykske mytology, dêr't se foarkomme yn ferskate foarmen, as de titanen, giganten en syklopen. Ek tige bekend binne de iisreuzen of jötnar út 'e Noardske mytology. Yn mearkes komme reuzen ek foar, lykas yn Lyts Tomke en de Reus en Jaap en de Beanstôk. Yn mearkes fan Frânske of Italjaanske oarsprong sprekt men gauris fan ogers, dat meunsterlike reuzen binne. Yn moderne fantasyliteratuer komme ek geregeldwei reuzen foar. Men kin dan tinke oan Gulliver's Travels fan Jonathan Swift, út 1726, mar ek oan it berneboek The BFG, fan Roald Dahl, út 1982.

Yn 'e Bibel, om persiis te wêzen yn in frij obskuere passaazje yn it bibelboek Genesis (6:1-4) wurdt ferhelle fan 'e fal fan guon ingels, dy't fereale rekken op minsklike froulju en by harren in ras fan reuzen oansetten: de Nefilim. It apokrife boek Reuzen giet dêr fierder op yn. Neffens de Joadske folkloare soe kening Og fan Bazan (dy't yn Numeri 21:21-35 neamd wurdt) de lêste fan it reuzeras fan 'e Refaïten west hawwe.

Ek de bibelske Filistyn Goliat (sjoch: 1 Samuël 17:4-7) wurdt wol beskreaun as in reus, mar yn syn gefal liket it net om in lid fan in ras fan mytyske wêzens te gean, mar om in gewoane minske, sij it ien fan ûngewoane grutte en krêft. Yn sa'n selde, oerdrachtlike, sin wurde ek wol oare útsûnderlik grutte minsken reuzen neamt, lykas histoaryske Fryske frijheidsstrider Grutte Pier; Rigardus Rijnhout, de 'Reus fan Rotterdam'; en Petrus van Gorp, de 'Reus fan Turnhout'.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.