From Wikipedia, the free encyclopedia
Chris Wassenaar (Tsjummearum, 27 febrewaris 1973) is in ferneamde keatser út Minnertsgea. Yn syn jonges- en junioaretiid keatste Wassenaar foar de CFK. Sûnt 1994 keatst hy op it heechste nivo by de KNKB.
Chris Wassenaar, dy't ek wol de "Reus fan Minnertsgea" neamd wurdt, wûn trije kear de PC (1997, 2001 (K) en 2005 (K)) en wie fan 2000 oant en mei 2003 klassemintswinner. Yn 2005 wie hy oppermachtich yn de haadklasse en wûn hy op 'e nij it punteklassemint mei in puntetotaal fan 80. Allinne Johannes Brandsma (98 punten yn 1982) en Piet Jetze Faber (83 punten yn 1984) hawwe ea yn ien jier tiid mear punten byïnoar slein. Fan 1998 ôf einige hy in soad jierren yn de top trije fan it klassemint. Yn it ivich klassemint stie Chris Wassenaar op 9 juny 2014 mei 695 punten op it 5e plak.[1]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.