From Wikipedia, the free encyclopedia
CBS (útspr.: [si:bi:'ɛs], likernôch: "sii-bii-es"; eins CBS, Inc.) is in Amerikaansk Ingelsktalich nasjonaal kommersjeel radio- en tillefyzjenetwurk dat útstjoerd fia de eter. De namme 'CBS', dy't sûnt 1974 offisjeel is, komt fuort út 'e ôfkoarting fan 'e histoaryske namme Columbia Broadcasting System (letterlik: "Columbia Omropstelsel"). It bedriuw waard yn 1927 oprjochte en hat syn haadkertier yn it CBS-gebou yn New York, wylst de wichtichste tillefyzjestudio's fêstige binne yn it CBS Broadcast Center yn New York en it CBS Studio Center yn Los Angeles. Omreden fan syn logo, dat sûnt 1951 yn gebrûk is, wurdt CBS ek wol it Eye Network ("Eachnetwurk") neamd. It is ien fan 'e 'Grutte Trije' Amerikaanske tillefyzjenetwurken, yn 'e mande mei ABC en NBC. It bedriuw is it wichtichste ûnderdiel fan 'e CBS Entertainment Group, in difyzje fan Paramount Global (foarh. ViacomCBS).
CBS | |
---|---|
medium | tillefyzje en radio |
nasjonaliteit | Amerikaansk |
taal | Ingelsk |
oprjochte | 1927 |
haadkertier | New York (New York) |
ûntfangstgeb. | Feriene Steaten (ek súdlik Kanada) |
eigner | Paramount Global |
webside | www.cbs.com |
CBS waard op 27 jannewaris 1927 yn Chicago troch talinte-agint Arthur Judson oprjochte ûnder de namme United Independent Broadcasters (UIB). It bedriuw rekke finansjeel lykwols al rillegau yn swierwaar, en yn april 1927 moast it fan it bankrot rêden wurde troch de Columbia Phonograph Company, de memme-ûndernimming fan platemaatskippij Columbia Records. Op 18 septimber 1927 waard it sadwaande omneamd ta it Columbia Phonographic Broadcasting System, dat op dat stuit útstjoerde oer fyftjin radiostasjons. It oan 'e gong hâlden fan it radionetwurk koste lykwols hast mear as dat it opbrocht, en tsjin ein 1927 besleat de Columbia Phonograph Company om it bedriuw te ferkeapjen. Dat krige begjin 1928 syn beslach, doe't Columbia Phonograph en Judson it hiele netwurk oerdiene oan 'e bruorren Isaac en Leon Levy, de eigners fan it radiastasjon WCAU yn Philadelphia, en harren sakepartner Jerome Louchheim.
Om't net ien fan 'e trije nije eigners de deistige lieding oer it radionetwurk op him nimme woe, stelden se dêrfoar de 26-jierrige William S. Paley oan, in soan fan in rike sigaremagnaat út Philadelphia, dy't skoanfamylje fan 'e Levy's wie. No't de platemaatskippij neat mear mei it radionetwurk út te stean hie, paste Paley de namme oan ta 'Columbia Broadcasting System'. Hy leaude sterk yn 'e macht fan reklame op 'e radio, mei't de ferkeap fan 'e 'La Palina'-sigaren fan syn famylje mear as ferdûbele wie nei't er syn heit safier krigen hie om radiostjoertiid te keapjen. Yn septimber 1928 kocht Paley Louchheim út en waard er mei 51% fan 'e oandielen de mearderheidseigner fan CBS. Tsjin 1929 stjoerde it radionetwurk al út oer 47 radiostasjons.
Yn septimber 1929 sleat Paley in oerienkomst mei filmstudio Paramount Pictures, wêrby't dat bedriuw 49% fan 'e oandielen fan CBS krige yn ruil foar de betelling fan $5 miljoen oer in perioade fan fjouwer jier. Dêrmei soe CBS foarearst in stevich finansjeel fûnemint krije. Der wie praat fan om it radionetwurk om te neamen ta Paramount Radio. Betingst fan 'e oerienkomst wie wol dat CBS yn 1931 en 1932 sels in winst fan yn totaal $2 miljoen makke. Dat liek gjin probleem oant in moanne letter de Beurskrach fan 1929 plakfûn. Paley en syn ûnderhearrigen wiene doe troch harren kontraktuële ferplichtings twongen om ûnder it begjin fan 'e Grutte Depresje yn trije jier $2 miljoen gear te bringen, en ûnder dy drege omstannichheden ûntstie CBS yn syn moderne foarm. Paley-en-dy slaggen yn harren opset, en boppedat wie it op in hier nei bankrot geande Paramount yn 1932 twongen om syn belang yn CBS werom te ferkeapjen.
Yn 'e Krisisjierren naam CBS it op tsjin konkurrint NBC, dy't 'falsk spile' troch twa parallelle radionetwurken te ûnderhâlden, NBC Red (it moderne NBC) en NBC Blue (dêr't yn 'e 1940-er jierren ABC út fuortkaam). Troch slûchslim belied wie Paley NBC lykwols te fluch ôf, en al rillegau waard CBS útstjoerd oer mear radiostasjons as NBC Red of NBC Blue. It gie sa goed mei CBS, dat it netwurk yn 1938 sels de American Record Corporation (ARC) oankeapje koe, de doetiidske memme-ûndernimming fan 'e eigen eardere ynvestearder Columbia Records. Datselde jiers iepenen sawol CBS as NBC studio's yn Hollywood om talint út 'e dêr fêstige filmyndustry oan te lûken.
Op 30 oktober 1938 fûn de meast ferneamde en beruchte útstjoering fan CBS ea plak, te witten: dy fan it harkspul The War of the Worlds fan Orson Welles, nei de roman mei deselde namme fan H.G. Wells. It harkspul, oer de bûtenierdske ynvaazje fan 'e wrâld troch Marsmantsjes en harren ferwoastging fan Grover's Mill (Nij-Jersey), waard brocht yn in kontemporêne ferzje mei sabeare nijsberjochten, en nettsjinsteande trije disclaimers dat it om fiksje gie, feroarsake it wiidfersprate panyk ûnder de harkers.
Yn 'e 1940-er jierren berikte it súkses fan CBS in absolút hichtepunt, nettsjinsteande, of miskien wol tanksij, it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Troch de rantsoenearring fan papier yn 'e Feriene Steaten koene bedriuwen net of folle minder gebrûk meitsje fan advertinsjes yn kranten en tydskriften om harren produkten oan 'e man te bringen. Ynstee joegen se harren jild doe út oan reklamespotsjes op 'e radio, en dêr profitearre CBS fan. Yn 1942 waard troch it Amerikaanske Kongres boppedat in wet oannommen dy't reklame-útjeften ôflûkber fan 'e belestings makke, en dêrtroch stiene sels de autoprodusinten (dy't op dat stuit gjin produkten hiene om te ferkeapjen, om't harren fabriken brûkt waarden foar de produksje fan legermaterieel) yn 'e rige om radioprogramma's te sponsorjen. CBS waard yn 'e 1950-er jierren en earder wol it 'Tiffany Netwurk' neamd, ferwizend nei de hege kwaliteit fan 'e programma's dy't ûnder it bewâld fan William S. Paley útstjoerd waarden (it warehûs Tiffany & Co. is yn 'e Feriene Steaten ferlykber mei De Bijenkorf yn Amsterdam).
Fan 1 july 1941 ôf stjoerde CBS net inkeld mear op 'e radio út, mar ek op 'e tillefyzje. CBS brocht troch de jierren hinne tige súksesfolle programma's op 'e Amerikaanske tillefyzje, dy't ek om utens bekend waarden. Dêrûnder wiene komeedzjesearjes as I Love Lucy, The Beverly Hillbillies, Gilligan's Island, All in the Family, M*A*S*H, Murphy Brown, The Nanny, Everybody Loves Raymond, The King of Queens, Becker, Still Standing, Two and a Half Men, How I Met Your Mother, Rules of Engagement, The Big Bang Theory, 2 Broke Girls, Mike & Molly en Man with a Plan. Ek stjoerde CBS detektivesearjes út, lykas Magnum, P.I. en Murder, She Wrote, en in protte bekende plysjesearjes, wêrûnder Kojak, Cagney & Lacey, Walker, Texas Ranger, Nash Bridges, Cold Case, Without a Trace, Criminal Minds, NCIS mei de spin-offrigen NCIS: Los Angeles en NCIS: New Orleans, The Mentalist, CSI: Miami, CSI: NY, Elementary en Hawaii Five-0. Under de dramasearjes dy't CBS troch de jierren hinne op 'e tillefyzje brocht, wiene soapsearjes as Dallas, Falcon Crest The Young and the Restless en The Bold and the Beautiful, westernsearjes as Gunsmoke, en Dr. Quinn, Medicine Woman, en ek de science fiction-tillefyzjesearje The Twilight Zone, de sjoernalistyksearje Lou Grant, de aksjesearje The Dukes of Hazzard, de sikehûssearje Chicago Hope, it rjochtbankdrama Judging Amy, de fantasytillefyzjesearje Ghost Whisperer en de politike drama's The Good Wife en Madam Secretary. Oare tige súksesfolle programma's fan CBS wiene praatprogramma's as The Late Show with David Letterman, The Late Show with Stephen Colbert en The Late Late Show with James Corden, de aktualiteiterubryk 60 Minutes en de realityprogramma's Survivor, Big Brother en The Amazing Race.
Yn 1974 liet CBS de namme Columbia Broadcasting System falle, en kaam it netwurk formeel bekend te stean as CBS, Inc. Yn 1995 waard it netwurk oankocht troch de Westinghouse Electric Corporation, dy't himsels yn 1997 omneamde ta CBS Broadcasting, Inc. en him úteinlik ûntjoech ta de CBS Corporation. Yn 2000 kaam CBS yn 'e hannen fan 'e earste ynkarnaasje fan Viacom. Dat bedriuw spjalte himsels yn 2006 op yn twa aparte bedriuwen, it twadde Viacom en in werferselsstannige CBS Corporation, dêr't doe ek de keabeltillefyzje-aktiviteiten fan it earste Viacom by ûnderbrocht waarden. Beide bedriuwen hiene National Amusements as memme-ûndernimming, oant se op 4 desimber 2019 op 'e nij fusearren ta ViacomCBS. Dat bedriuw feroare syn namme op 16 febrewaris 2022 ta Paramount Global.
It radionetwurk fan CBS, CBS Radio, gie yn 2017 op yn Entercom. Hoewol't oandielhâlders fan Paramount Global in mearderheidsoandiel fan 72% yn Entercom yn 'e hannen hawwe, hat CBS sûnt gjin inkeld radiostasjon mear yn direkt besit. Wol makket it bedriuw noch altyd radioprogramma's oan foar it radionetwurk fan Entercom, en bestiet der ek op oare wurkmêden in nauwe kontraktueel fêstleine gearwurking.
Op it mêd fan tillefyzje stjoert CBS anno 2020 oer de eter út fia 15 eigen tillefyzjestasjons en 228 selsstannige tillefyzjestasjons dy't in kontraktueel fêstleine bân mei CBS ûnderhâlde, ferspraat oer alle fyftich Amerikaanske steaten, twa ûnynkorporearre territoaria fan de Feriene Steaten, it Distrikt Columbia, en ek yn Bermuda en Sint-Finsint en de Grenadinen. Sokke selsstannige stasjons hjitte yn it Amerikaanske tillefyzjejargon affiliates ("affiliëarden"). Sadwaande hat CBS yn 'e Feriene Steaten in nasjonaal berik fan 96%, en fia affiliates dy't útstjoere deunby de noardgrins kin de stjoerder ek yn grutte dielen fan súdlik Kanada ûntfongen wurde.
Op 'e eigen tillefyzjestasjons stjoert CBS 87½ oeren yn 'e wike út. Op 'e tillefyzjestjoerders fan syn affiliates stjoert CBS út op primetime, yn 'e iere jûn, trije oeren op moandei oant en mei sneon en fjouwer oeren op snein. Dat komt út op 22 oeren yn 'e wike. Dêrnjonken stiet it de affiliates frij om al of net de CBS-programmearring fan moarns 10.00 oant middeis 15.00 oere út te stjoeren as se dat wolle. Dêrby giet it benammen om tillefyzjekwissen as The Price Is Right en Let's Make a Deal, soapsearjes as The Young and the Restless en The Bold and the Beautiful, en it praatprogramma The Talk. De rest fan 'e stjoertiid wurdt folle troch de affiliates sels, mei regionaal nijs en oare eigenmakke of yn syndikaasje útstjoerde programma's.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.