Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
In detektivesearje (ek skreaun as detectivesearje) is in tillefyzjesearje dy't ta it mêd fan 'e dramasearjes heart en ûnderdiel foarmet fan 'e detektivefiksje. De detektivesearje is as sjenre frij nau besibbe oan sawol de plysjesearje as de misdiesearje. It draait om it oplossen fan in misdie, yn 'e regel in moardgefal. De measte plysjesearjes kinne sadwaande ek ûnder it kopke 'detektivesearje' beflapt wurde. Mar yn 'e regel wurde mei de namme 'dektektivesearje' searjes bedoeld wêryn't de haadpersoan (d.w.s. dejinge dy't de misdie oplosse moat) net by de plysje wurket. Bekende detektivesearjes binne rigen mei bekende privee-detektives yn 'e haadrol, lykas Sherlock Holmes, Miss Marple en Hercule Poirot. Men kin ek tinke oan tillefyzjesearjes as Murder She Wrote en Magnum, P.I.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.